Folk yn

It bûten Squire Grange is sawol in ein út de reek as op in freedsume manier in deade boel.
Sir Malcolm is drok dwaande mei neat dwaan en Lady Amelia is tegearre mei húsfreon Freddy wanhopich op syk nei in plot foar har nije skriller.
As de ûngelokkige Vic Tim del komt en eins daliks troch in ûnbekende delsketten wurd, probearret eltsenien de dieder te ûntdekken foardat ‘r wer taslaan kin. It earste probleem is hoe it lichem fan it poadium ôf te krijen, it jout in soad rotsoai en de spiler moat yn ’t twadde bedriuw yn in dûbelrol as plysjeman meidwaan.
De húsfeint Smalls en Mabel de tsjinstfaam dogge harren best om de plysje te helpen en Sir Malcolm helpt de moaie Nunnal graach in hantsje, mar se kinne net foarkomme dat ek de toanielprodusint fermoarde wurd. Efkes wurdt der tocht dat ek it publyk fergif hân hat!
Sa as by Agatha Christie komt in âldere frou, Miss Marbles, om de saak op te lossen. Eintsje beslút liket it derop dat de ynstekker de dieder is. Of is der noch in fertochte, want sels nei ôfrin falle der noch deaden.

Dizze healwize komeedzje wegert perfoarst harsels, it sjenre, de auteur en de spilers al te serieus te nimmen en is oant no ta in boppeslach yn Ingelân; Australië; Súd Afrika en Amerika.
Nederlân en België folgje?

Fan de famylje moatte jo it ha

Op it buten de Ikehof wennet freule Emma mei har dochter Anna. Oant no ta giet alles goed mar dan komt tante ut Nij Seelan op besite. Tante makket elke moanne in leuk bedrach oer nei Emma. Noflik. Mar se hat tante wol wiismakke dat se lokkich troud is en in husfeint hat en in soan. Hoe moat Emma har hjir utrede? Spoeket it echt op de Ikehof?

It Ferhoar

Yn it ferhoar wurdt in asylsiker Nederlân útset. Dat is net sa ienfâldich docht bliken. De man sprekt goed Frysk, sprekt Pim Fortuin nei en swart by de lêsmap en seit sels dat hy in Nederlander is.

Adel Blank

Adel Blank is stjerrende en easket yn har lêste libbensdagen leafdefolle fersoarging in folsleine tawijing fan har omjouwing. Se is bang, ûnútsteanber, dominant en sinnich. Har personiel prebearret, net alhiel frij fan opportunisme, har befellen op te folgjen. Der wurdt gedwee yn de sieke ynfestearre mar de langst nei har stjerdei en it te ferpatsjen fermogen is unanym. Har terreur is oansteklik, it ûnderlinge macht– en rollespul is begûn.

Moard op de keale man

Absurdistysk stik oer in polysjeman dy’t oan de drank is en in stel wêrfan sy in ynspiraasjeleaze dichteres is en hy in neatbetsjuttende neatdogger.
Aldjiersjûn. In pistoalskot. In deade keale man. In putsje foar de ynspekteur.