Moard op de keale man

Absurdistysk stik oer in polysjeman dy’t oan de drank is en in stel wêrfan sy in ynspiraasjeleaze dichteres is en hy in neatbetsjuttende neatdogger.
Aldjiersjûn. In pistoalskot. In deade keale man. In putsje foar de ynspekteur.

Under dak

Tema: 3 aktuele maatskiplike problemen, t.w. it omgûcheljen mei jild, it kreakjen fan leechsteande huzen; it saneamde ‘hokjen’. Boer Jelmer Ingelsma syn dochter Geartsje kriget wat ferkearing mei Klaas. Hja mient dat syn suster by him ynwenne. Omdat hja meihelpt op ‘e pleats, hat hja tolve tûzen gûne fan har heit tegoede. Mar heit jout har dêr in sjek foar en mei dyselde sjek lient hja Klaas dat bedrach en sa kin dy syn skuld oan Ingelsma ôfbetelje.
Omdat Ingelsma slim syn eigen sjek by de bank fersulverje kin, lient hy keapman Roukema tolve tûzen gûne en sadwaande kin dy it jild fan de bank barre. Mar Bouke Roukema hat wat gedoente mei it jongfrommeske dat by Klaas ynwennet en omdat dy jongfaam mient dat hja de helte fan it hûs betelje moat oan Klaas (hja mient dat dy helte 12000 gûne is) lient Bouke har dat jild en sa kriget hja de sjek yn hannen.
Klaas kriget de sjek fan har en mei dyselde sjek betellet er dat bedrach oan frou Douwinga, dy’t dat brûke moat om har skuld oan Bouke Roukema lykmeitsje te kinnen. Nei wat strubbelingen tusken Klaas en Geartsje oer it ynwenjen by him fan in frommeske, dat syn suster net is, wurde hja it dochs iens en geane op houliksreis. Yn dy tiid wurdt harren húske kreake troch tsien jongelju. Jelly, dy’t by Klaas ynwenne en by him blau krige, hat de aksje organisearre. De skilderijen yn it húske wol hja net earder weromjaan as dat Klaas har de 12000 gûne werom jûn hat. Wolno, noch in rûntsje mei in sjek en dan komt dat ek klear. It húske bliuwt lykwols beset, mar de jongelju kinne in gruttere keamer krije yn ‘e foarein, dus dat is ek oplost.
Hja tidigje derop dat troch de publikaasje fan de kreakaksje der in protte folk dy kant út komt en dat hja dêr faaks wol wat skilderijen oan kwyt kinne.

Slippers

In jong frommeske, dat al inkelde jierren omgong hân hat mei in troud man, kriget kunde oan in kreas jongfeint, dêr’t se fereale op wurdt. Se kin lykwols mar min fan de troude man ôfkomme. Se seit tsjin har feint dat se in wykein nei har âlden ta sil. Hy wol dan mei, mar dat keart se, omdat it har doel is om nei har âlde freon, dy’t har hieltyd noch bellet en attinsjes stjoert. Se wol it foargoed mei him ôfbreidzje. Tafallich fynt de jongeman it adres fan de âlde, mar se seit dat it fan har âldelju is. De jongfeint wol har ferrasse en giet de oare moarns betiid nei dat adres en wit net better of hy komt by har âlden telâne. In nuvere sitewaasje fansels. Dêr komt by dat har saneamde heit (de man dus dy’t de slipperkes makke) der syn frou fan fertinkt omgong mei in oare man te hawwen. Dy mient dus dat de jonge man it skarreltsje fan syn frou is, wylst de jongeman him de hân fan syn dochter freegje wol. De frou, dy’t har mem hjit te wêzen, begrypt fan it hiele spul neat, mar spilet dochs mar mei.
De sitewaasje wurdt noch helte yngewikkelder as de jongedame efkes letter ek noch arrivearret. Dy en de troude man kenne elkoar, mar wolle dat net skine litte. Hjir spilet dan noch trochhinne dat de jongfeint op ‘e keamer fan syn faam ûnder it bêd in pear slippers fûn hat, dy’t him ôfgryslik oergeunstich en wantrouwich meitsje. Hy hat dy yn syn wykeintas dien en as er yn dy tas omklaut om syn beurs te sykjen, triuwt er de troude frou ûngemurken de slippers yn ‘e hannen.
Dy frou wurdt heislike kjel, want se mient der de toffels fan har man yn te kennen.

Leafdes tûkelteammen

Tema: Swierrichheden op it gebiet fan de leafde. Jan Maat, in jongfeint, yt wat de froulju oangiet fan alle wâlen. Hy giet gauris mei Antsje, wolris met harren faam Klaske en dan is Sonja der noch, dêr’t er it as ’t der op oankomt echt mei hâldt. Syn heit hat in freon, Faber, en dy beide wolle der op ta dat Jan winliken trouwe moast mei Faber syn dochter Antsje. Jan hat gjin wurk en dat is syn heit sadanich yn ‘e wei, dat dy regelet foar him in útstjoering nei de Sahel. En as er him dat fertelt, moat er de oare deis al fuort. Under druk jout Jan earst ta, mar dêrnei wurdt er troch syn freon Eabele en troch Sonja ta oar ynsicht brocht. As er syn heit fertelt dat er net nei de Sahel giet, wurdt dy sa poer, dat er de hannen fan him ôf lûkt. Jan rint dan de doar út en wurdt wei. Letter docht bliken, Faber hat him yn it park oppikt en him by him thús by syn dochter Antsje opsluten. Underwilens hat Sonja har yn it plak fan Klaske by heit Maat as tsjinstfaam besteld mei it doel om him te bewurkjen dat er Jan syn dwaan ferjout.
Klaske is yntusken ek op paad giet om Jan te finen. As Maat de fròu yn Sonja sjocht, dêr’t hja mei sin oanlieding ta jûn hat, kin hja him om ‘e finger wine en ûnthjit er har dat er Jan ferjaan sil, as se mei him trout. As Maat dan ek noch in brief fan Jan kriget, dat dy nei de Libanon wol, dan wol M. alles dwaan om tefoaren te kommen dat Jan dêr as kanonnefleis brûkt wurde sil. Dat brief hat Antsje lykwols skreaun om him bang te meitsjen. Neidat Klaske Jan op syn skûlplak fûn hat, komme ek Eabele en Sonja dêre. Maat sjocht op ‘e tiid yn dat Sonja gjin petoer foar him is; hy ferjout Jan syn wurdbrek en dêrmei is it paad foar Jan en Sonja frij. Yn it sok nimme hja dan Eabele en Antsje mei, sadat der oan ‘e ein twa lokkige pearen binne.

Nij lân

De skriuwer jout ús yn dit stik in byld fan it hurde, rauwe bestean fan ‘e arbeiders yn ‘e polder, dy’t har frije tiid slite yn ‘e ientoanichheid fan it keetlibben.
Haadtema yn it stik soe men neame kinne de demoanyske driuw fan de ploechbaas-strjitmakker Hotse om syn jongere broer Watse kost wat kost te wreken op Inne Rypma, de nije útfierder op it wurk, om in ienris begien ûnrjucht.
Mar men moat dit stik lêze en wurd foar wurd yn jin opnimme om de bedoeling fan de skriuwer te fetsjen: begryp op te bringen foar de djip-minsklike ferlangens en begearten dy’t yn dizze rûge oarde kwalik of gjin útwei fine.

Doping op Skylge

Doede Sytsma en ‘e frou sille mei harren buorlju in wike nei Skylge. Doede wol eins leaver thús bliuwe omdat er min oer safolle bleat kin. De sikefûnsboade docht him lykwols in middeltsje oan ‘e hân dat him dêr oer hinne helpe kin.
As er op it eilân dat middel ynnimt feroaret er alhielendal en slacht de bangens fan froulju folslein om nei de oare kant. It komt safier dat syn frou oars gjin útwei mear sjocht as by him wei.
As it pepmiddel op is, draait alles wol wer wat by, mar foardat it safier is, hat der him hiel wat ôfspile.

De Lutrine yn ’t swart

Gerben Mulder, in âld skipper, hat syn suster en trije omkesizzers op syn skip noege om harren te fertellen hoe’t er syn erfskip ferparte ha wol as er wei komt te reitsjen. Hy lit elk fan harren in kaike útsykje dat past op in laadsje fan syn buroke. Elk mei it him/har tawiisd laadsje net earder iepenmeitsje as dat Gerben ferstoarn is.
Hja lizze mei it skip op it waad en as omke út ‘e roef is en net gau werom komt, fine hja syn skuon, mei in briefke deryn, yn ‘e waring.
Hja meitsje der út op dat omke oer board rekke is en ferdronken.
No wurde de laaadsjes iependien en allegearre fine se dêr in brief yn mei it boadskip dat it erfskip bestiet út: it skip mei alles wat omke yn ‘e rin fan ‘e jierren opgarre en ûnderyn opburgen hat oan goud, al is it dan swart.
Nei lang en drok beried beslute se om it skip publyk te ferkeapjen en de opbringst ûnder inoar te ferpartsjen.
Op ‘e dêrnei hâlden feiling biede se wakker tsjin inoar op, omdat elk smucht hat op ‘e ferburgen skat. Ien fan de omkesizzers kriget it op ’t lêst foar fjouwer ton.
It publyk hat der tsjûge fan west dat omke (sa libben as in hart!) út in skûlherne wei alle aksje dy’t der west hat, mei stille wille folge….
Wylst de “erven”, mei notaris derby, besykje, út inoar te kommen, komt omke libbensliif foar ’t ljocht……
By eintsjebeslút docht bliken dat it ‘swarte goud’ neat oars is as de brûkte oalje dy’t omke al tiden opgarre en in plak ûnder yn ’t skip jûn hie.

Better let as net

Lize Hovinga is de persoan dêr’t thús alles om draait. Har man hat gjin tiid foar frou en bern, beppe wennet by harren yn en ek soan Jehannes wennet mei frou en twa bern ûnder itselde dak. Tineke, de jongste dochter, wol sjongster wurde en besoarget har mem ek de nedige problemen. Dochs sjocht Lize kâns, by al har drokte, in boek te skriuwen, dêr’t har útjouwer heech fan opjout. Hy wol ha, se sil in twadde boek skriuwe en om dat yn rêst dwaan te kinnen, biedt er har in flatsje oan yn Amsterdam. Earst wol Lize hjir neat fan witte, om’t se mient dat se thús net mist wurde kin. As har man wat gedoente mei de buorfrou kriget, is se samar beret. As it skriuwen har yn Amsterdam net slagje wol en har man dêr komt en útlit dat er har graach wer thús ha wol en ek Tineke har stipe nedich hat, giet se wer nei hûs.
De ûnderfining hat har leard, dat se mei alle drokte om har hinne, pas skriuwe kin.

It konsert

Gustav Heink, in pianist, seit tsjin syn learlingen, dat er ûnferwachts fuort moat, omdat er in konsert jaan sil. Syn frou Mary makket er wiis, dat er oan rêst ta is en in pear dagen bei harren simmerferbliuw ta wol. Alle froulju binne sljocht mei Gustav en ien fan syn learlingen fertrout dit “útsje” net, temear, om ’t in oare learlinge, frou Jura, ek in pear dagen fuort is. Hja stjoert oan mynhear Jura in tillegram mei it berjocht, dat syn frou mei Gustav op stap is.
Mynhear Jura, yn de ferûnderstelling dat de frou fan Gustav him it tillegram stjoerd hat, giet nei har ta en fertelt har syn opfettingen oer trou en ûntrou yn leafdesrelaasjes en stelt har út, tegearre nei it simmerferbliuw te riden. Dêr treffe hja Gustav en frou Jura. Mary, dy ’t tige fan har man hâldt, slagget it mei gâns omwegen de pearen wer yn de âlde foegen te krijen.
Mar hoe maklik as in man him út balâns bringe lit docht bliken, as oan ‘e ein fan it stik in learlinge by Gustav nochris alles op alles set.

Modder oan ‘e kloet

Boer Laddus hat in smoarrike frou oan ‘e heak slein, mar se kinne meiinoar as kat en hûn. Hy leit him alhiel út op ‘e hannel yn ûnreplik guod, fan gefolgen, dat notaris in bêste klant oan him hat en dat dy beide tige befreone binnen. As der fanwege de delgeande tiid strop op strop komt, en de ferhâlding mei syn frou ûnhâldber wurdt, sykje de hearen in wei om fan har ôf te kommen. Hja organisearje in tochtsje mei de moterboat fan ‘e notaris en dan rekket de frou te wetter en ferdrinkt. Dit saneamde ûngemak leit notaris gjin wynaaien, sterker noch, hy begjint Laddus te sjantearjen; ek troch syn tadwaan, slagget Laddus wer oan ’t wiif.
Lena, de nije frou, hat de beide smjunten yn ‘e rekken en mei help fan har bern wurde Laddus sawol as notaris, op suggesje fan selsmoard, nei de oare wrâld holpen.
As it rjocht frijspraak konkludearret, kinne de jongelju trouwe en harren nei wenjen sette op in fiks boerespul. As hja miene dat alles foarby is, komme der twa ferslachjouwers, dy ’t op harren wize de rjochtsaak nochris oer dogge.
En dan spant it derom…….

De wrâld is in boarterstún

De sjippefabrikant Skuringa mist op in stuit f. 2.000,00 fan syn buro. De fertinking falt op Jelmer, ien fan ’t kantoar, mei om reden dat er de lêste tiid nochal wat oanskaft hat. Skuringa wol perfoarst net de plysje der yn behelje, dat soe syn saak yn opspraak bringe. Hy docht it ôf troch Jelmer ûntslach oan te sizzen. Troch syn siktaresse wurdt it gefal lykwols buorkundich makke. Dit is dreech foar Jelmer, mar benammen foar syn frou. Sy wol it der net by sitte litte en ûndernimt, tsjin it sin fan Jelmer, stappen om de saak ta klearrichheid te bringen. Om de wierheid boppe wetter te krijen freget se skieding oan. Foar de rjochtbank oer sil se dan de mûle wille jaan oer de saneamde stellerij fan har man.
Safier komt it lykwols net, Vlieger, in kollega fan Jelmer woe syn baas ris in leske jaan foar syn rûgens en hie it jild oppakt, mar ja, wêre…. It seit himsels dat der hiel wat ôf hottefile wurdt foardat elk mei oar wer yn frede libje kin.

Spul fan wyn en wolken

It stik spilet op in Deensk-Frysk eilân. Maria hâldt fan Taire, in fisker, hja ferwachtet it tredde bern van him. Mar Taire is troud mei in frou, dy’t frijwat âlder is as hy en dêr’t er gjin bern by hat.
Maria wennet yn by in âlde frou, omdat har famylje neat mear fan har witte wol. Neffens de lânswetten is it in frou ferbean om mei in troude man te gean en dat giet safier, dat as dy frou foar de tredde kear swier is fan sa’n man, hja stjerre moat. Allinne de kening kin yn sa’n gefal graasje ferliene. No’t Maria de tredde ha moat, komt har mem fanwegen en kriget har safier, dat hja mei har broer Peter nei de kening giet en dêr graasje kriget op betingst, dat hja dy man nea wer moetsje sil.
Lykwols: hja hâldt fan him en kin net ynsjen, dat echte leafde, hoe dan ek, ferkeard wêze kin. Har broer Peter, dy’t troch Maria derfan fertocht wurdt, dat er Taire fermoarde hat, komt by har en biedt oan it plak fan Taire yn te nimmen. As hy ta de doar út sil, neidat Maria him ôfwiisd hat, fearret Maria op en fljocht him mei in skjirre efternei.

NB Dit stik wie in wurkstik yn it ramt fan de ‘bewurkerswurkgroep’ SSFT. It is in bewurking fan in roman fan Ype Poortinga ‘Ik haw in man stellen’.

Boske Kryn

Baron Lodewyn is mei syn freon oerienkommen dat syn dochter Aukelyntsje trouwe sil mei Jonker Blokskaal, de soan fan dy freon. Aukelyntsje wol net en flechtet, as jonge ferklaaid, it hûs út. Sy belânet by Boske Kryn, dy ’t har wol helpe wol. Alleman wurdt der op út stjoerd om it oerhearrige fanke te sykjen. Dêr docht ek de Jonker oan mei en lit dy no Sytske de eptige dochter fan ‘e keukenfaam moetsje en har oansjen foar Frêle Aukelyntsje! Dy twa reitsje fereale op elkoar en sa as it yn mearkes heart, Aukelyntsje komt wer thús en nimt har Boske Kryn, de hearremyt mei, dy ’t in geleard man blykt te wêzen en folle mear wit as de Baron mei syn hiele famylje.
By eintsjebeslút wurdt der in grut feest holden foar twa lokkige pearen……

De nije dominy

Dominy van Dam is koartlyn op in doarp beneamd. Hy is net troud en wennet mei syn mem. De âldfaam Jildo hat in eachje op him en dominy hat lijen om har wat op ôfstân te hâlden. Op in jûn, as dominy de jongfeint Frâns ûnderstiet oer syn skuld oan de dea fan Anke, dy’t in bern fan him ferwachte, heart Frâns ien by de doar en dan slacht er dêr yn’e keamer alles koart en klien, wylst er lûd om help begjint te roppen. Frâns lit it dan tsjin Jildo – want dy stie op’e hark – foarkomme dat dominy him oantaaste woe.
Sa komme der troch de skuldige Frâns en de ôfwiisde Jildo smoarge praatsjes oer de buorren, dêr’t in lid fan de tsjerkerie it ear nei hingje lit. It kwea fret troch: dominy syn auto wurdt skansearre en der wurde stiennen by him troch de ruten goaid, dat dominy rekket slim yn’e lytse loege. Op in jûn kriget er in telefoantsje dêr’t er út opmakket dat Jildo om help freget. As hy dêr komt docht bliken, dat Frâns Jildo sa ûnder druk set hat, dat se him mei in skjirre te liif soe, mar dat se dêrby sels ferwûne rekke. Dominy lit fuortdalik it tsjerkeriedslid komme en sa wurdt er fan alle blaam suvere. It hiele gefal hat him lykwols sa slim oangrypt, dat er ta de konklúzje komt dat er net geskikt is foar syn amt. Net ien hat him leaud…. hy kin net ferjaan. Syn mem, dy’t ûntsjerklik is, besiket him it paad te wizen.

Magnetron

Fokke Heeringa, in man allinne, libbet hiel ienfâldich op’e romte, sûnder alle hjoeddeiske geriif fan masines en apparaten. Kontakt hat er allinne mei de buorlju. Bûtensteanders fine it by him yn’e hûs in grutte binde, mar Fokke is der lokkich mei.
De gemeente is lykwols fan betinken dat der wat oan dien wurde moat en stjoert in maatskiplik wurkster op ûndersyk út. It frommeske wit Fokke safier te krijen dat er in wike by har yn’e húshâlding sil. Der moat him wat hygiëne en beskaving bybrocht wurde.
Grutter tsjinstelling as tusken it frije, rêstige, natuerlike libben fan Fokke en it fleanen en jachtsjen yn’e húshâlding fan de maatskiplik wurkster en har man en bern is der net te betinken.
De útfanhûzerij mislearret dan ek folslein.

Om de namme fan de saak

Yn de tsiisgruthannel fan Boersma binnen feroaringen op til. Boersma sels sil him weromlûke as direkteur en it roer oan syn beide soannen oerlitte. Geart, as âldste, sil direkteur wurde en Hindrik ûnderdirekteur. Dit noasket Hindrik min, hy achtet himsels mear geskikt om baas te wêzen. Hy lêst it libben wol, hat in ferhâlding mei Geart syn frou en is ek net frij fan Anke, de sikretaresse. Fierder binne hy en de boekhâlder warber mei knoeierijen op finansjeel mêd.
Tidens de ôfskieresepsje fan Senior fynt it tsjinstfamke it lyk fan Anke yn’e tún. Fertochten by de rûs, mar foar Hindrik begjint it omraak te knipen.
Dan grypt heit Boersma yn…

Dobber en de van Gogh

Tseard Bearsma, alias Tseard Dobber, wurdt as keunstskilder net erkend, hy rekket syn wurk oan’e strjitstiennen net kwyt.
Yn in oerspande rite stelt er in echte Van Gogh en dy skildert er sa goed nei, dat faklju it amper fan de echte Van Gogh ûnderskiede kinne. De plysje krijt Tseard wol te pakken, mar se krije net út him wêr’t er it skilderij litten hat. Sadwaande wurdt er foar observaasje opnaam en dan moat de dokter dy’t him behannelet besykje om fan him gewaar te wurden wêr’t it kostbere doel bleaun is.
Nei in soad brike sitewaasjes, dy’t al linkendewei erkenning foar Tseard opsmite, giet er troch de bocht.
Foar wa’t ris bûten de bewende paden gean wol, is dit stik in útdaging.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Hazzefleis

Jildert Mulder, likernôch 50 jier, hat jierrenlyn in man oanriden, dy’t inkelde dagen letter yn it sikehûs stoarn is. Jildert, dy’t fanwege houliksproblemen tefolle drank op hie, is trochriden.
Hy is net de iennige dy’t sadwaande mei in skuldgefoel troch it libben moat, want Sander, syn soan, hat de skansearre auto sjoen en it ferbân mei it ûngemak lein.
As Sander jierren letter Pierre, de soan fan it slachtoffer, op it konservatoarium kennen leart, wit hy it mei dy syn help safier te krijen dat de widdo in kontaktadvertinsje sette lit. En mei help fan syn suster slagget it him ek dat syn heit der op skriuwt.
Sa moetsje Jildert en de widdo elkoar yn in restaurant en dêr bliuwt it net by, want Jelly, sa hjit de widdo, noeget Jildert mei soan en dochter út om by harren mei har fiven it Krystmiel te brûken. Dat miel is in hazze, dy’t Jildert ûnderweis in kear deariden hat…
By it feestmiel makket de drank de tongen los en as Jildert en Jelly tegearre dûnsje, bekent sy him dat sy wit dat hy har man oanriden hat, mar dat er dêr net oan stoarn is. Syn ferstjerren is har skuld. Sy woe him kwyt….

Unmeilydsum is de skientme of 06-relaasje

Jildert Mulder en syn buorman dominy Wanders ferkeare beide yn de situaasje dat de frou harren ferlitten hat en dat se it no net rjocht fine kinne. Elk hat syn eigen soargen en problemen en sadwaande hawwe se by frijwat drankgebrûk omgong mei elkoar.
Boppedat hawwe se beide in 06-relaasje, dêr’t se har wûndere fantasijen by oproppe. De filosofy fan dominy is dat it dêrby bliuwe moat, mar Jildert makket nei lang wifkjen in ôfspraak foar in moeting mei de 06-frou.
Mar dat wurdt in slimme ofdijer, want hy giet te gast by in raar ûnsjoch frommes. As er op sprong stiet om nei hûs komt de echte 06-frou yn alle moaiens en oantreklikens foar it ljocht. As er dan ál wer bliuwe wol, wurdt him goed it leksum lêzen. It is syn relaasje no dúdlik wêrom as er der komt en dat de bûtekant belangriker foar him is as it wêzen fan de frou…
Hie er de faaie foartekens mar better acht slein: de sturtklok dy’t fan’e muorre foel doe’t it oer de 06-frou te praat kaam en ek de kat, dy’t dat ûnsjogge frommes beselskippe.