It mystearje fan it guozzebrief

Fjouwer famkes fine in âld guozzebrief (ganzebord) by beppe op souder.
Wat se net witte is dat it betsjoend is. T
roch it te spyljen komme se yn in fantasywrâld telâne. In wrâld fol mei mearke figueren as personaazjes.
Om wer út it spultsje te kommen moatte se alle opdrachten útfiere dy’t se ûnderweis tsjinkomme. Mar wat as der ien net mear meidwaan wol of yn de put komt? Of opiten wurdt troch de heks fan Hans en Grytsje? Komme se dan wol werom?
En wa is dy frjemde jonge dy’t samar ferskynt as ien fan de famkes in de put telâne komt?
As se de gouden kaai fan de toer fine dêr’t de prinses yn opsluten is, komme se wer yn de gewoane wrâld telâne.
Under it spultsje komme de famkes der achter dat de jonge úteinlik omke Roel is, dy’t jierren lyn samar ferdwûn is.

In spannend libjend guozzebrief foar elkenien dy’t fan mearkes en spultsjes hâldt.

It begûn by de brege

It spilet yn in ynrjochting.
Der sitte jonge minsken dy’t eins net nei bûten doarre. Op in dei komt der in nij famke, dat har sels te koart dwaan wol by in brêge. Lieke is bang dat har âlders net akseptearje wolle dat se lesbysk is.
Nei in filmke op YouTube fan Anne dy’t in liet sjongt wylst se klean oan hat dy’t ien fan de oare pasjinten, Pascal, ûtwurpen hat, feroaret der wat.
Anne wol no sjonge en har sjen litte oan de wrâld, Pascal sil by Gucci oan it wurk.

Hotel Hellman

Hotel Hellman is in eigentiidske, fleurige en absurde oade oan Fawlty Towers en sit grôtfol mei yntriges en rarichheden.

De hystearyske hotel-manager besoarget himsels net allinnich in hege bloeddruk mar ek allegearre swierrichheden. Tsjinwurke troch syn Dútske skoanmem, syn wat ûnnoazele frou dy’t gek fan musicals is en de altyd fleurige mar tige nijsgjirrige buorfrou, besiket hy syn smoar rike tante yn te palmjen om jild te ynvestearjen. Wylst de help besiket te rêden wat der te rêden falt, meitsje de gasten der lang om let in soadsje fan. In drankoargel fan in aktrise en in wat heal-sêfte dokter is noch dêroan ta. Mar mei de komst fan de eardere “gûchel-assistinte” fan de manager wurdt it in gekkeboel.

Elk hat wol wat te ferbergjen en it publyk wit nei trije kertier fan de foarstelling hast net mear wat wier is en wat net. Hotel Hellman hat alle yngrediïnten fan in klucht, mar is eins noch folle komplekser.Want hoe lang kinst op ’e rin wêze foar dyn ferline? Hoefolle troude manlju leaust noch? Hoefolle alkohol kin in mins ferneare? Hoefolle geheimen kin dyn gewisse oan? Yn hotel Hellman binne se der allegearre fan oertsjûge dat sy it wol oant yn de ivichheid folhâlde sille. Oant it earste lyk út de kast komt. Letterlik.

 

De Wierheid

Michel hat in affêre mei Alice, de frou fan syn bêste freon.
Alice wurdt opfretten troch twifel en in skuldgefoel en wol alles opbrychtsje, mar Michel kin hiel goed libje mei grutte leagens.
As se stikem in wykein yn Bordeaux binne, komt de grutte, hilaryske mar ek pynlike konfrontaasje:
matte se no de rest fan harren libben lige tsjin harren partners, kieze se foar elkoar of krabbelje se werom?

Stookoalje & Sangria

Yn Stookoalje &Sangria komme twa stellen elkoar tsjin op in Spaanse fakânsjebestimming.
Se moatte, sûnder dat se dat wolle, itselde appartemint oan it strân diele.
Dit soarget foar ûnferwachte situaasjes.
As der op de lokaasje ek noch in earnstige miljeuramp plak fynt, wurdt it fakânsjegefoel wol hiel bot op ~e proef steld.

Stookoalje & Sangria is in klucht dêr’t fakânsjewille en toeristeleed gefaarlikl ticht by elkoar komme.

De man, de frou en de moard

Arlette is oardel jier lyn troud mei Sebastiaan.
Har broer Kiki hat sjoen dat Sebastiaan 2 miljoen wûn hat by in draverij. En Arlette is gek op jild.
Boppedat wie Kiki der achter kommen dat Sebastiaan in ûngenêslike sykte hie en dat hy binnen in heal jier stjerre soe.
Dus wat wie der op tsjin dat Arlette mei Sebastiaan troude?
Wûnder boppe wûnder knapt Sebastiaan wer op. Dat is foar Arlette in grutte tsjinslach.
As Kiki, dy’t in jier yn de finzenis sitten hat, komt om te freegjen hoe ’t it mei de erfenis stiet,
fertelt Arlette dat de poerbêste sûnens fan har man, har twingt om mei geweld yn te gripen.
Hjirfoar hat se Percier, in âlde bookmaker, frege. Hy sil Sebastiaan, die’t elke dei op in stil plakje sit te fiskjen, yn it wetter triuwe. Uteraard ferrint net alles sa as pland en as Sebastiaan úteinlik achter de plannen fan Arlette komt, soenen de rollen wolris omdraaid wurde kinne.
Of dochs net…..

Cruise

Neidat de man fan Betty stoarn, en Fieps skieden is,
beslute de beide skoansusters dat se fieder tegearre troch it libben sille.

Dat feroaret as in eardere eks fan Betty op deselde cruise sit as de beide froulju.

Farwol Ierde

Boris fielt himsels, al sûnt er lyts is, net thús op ierde. Hy hat himsels de lêste moannen hielendal ôfsletten fan de minsken op syn wurk as stjerrekundich dosint op ’e universiteit en fan de wrâld om him hinne. Hy makket yn syn appartemint, boppe yn in flat, in kattepûl om himsels de kosmos yn te sjitten. Op âldjiersdei, ien dei foar syn ‘ôfskie’, kriget Boris besite fan trije minsken. Tryn, de âlde skjinmakster, dy’t altyd klear stiet foar de minsken om har hinne. Lena, syn freondin dy’t besiket om Boris fan syn plan ôf te hâlden, om him wer mei beide fuotten op de grûn te krijen. En ek fan de nije buorfrou, Amarins, dy’t harsels, lykas Boris, net thús fielt op de ierde en yn Boris in geast ferwant sjocht…

‘Farwol Ierde’ is in nij sels skreaun stik, basearre op de teätrale ynstallaasje ‘The Man Who Flew Into Space From His Appartment’ fan de Russyske keunstner Ilja Kabakov.

Yn syn kreaasje is in lyts appartemint te sjen dat op wiere skaal nei boud is. Der is in grut gat yn ’t plafond te sjen en in ymprovisearre kattepûl is ynstallearre boppe it bêd. It ferhaal dat heard by dizze ynstallaasje giet der oer dat de man himsels lansearre hat en nearne mear fûn is. Spoarleas ferdwûn. Is it him wier slagge om himsels de kosmos yn te sjitten?

Wêr’t Kabakov yn syn ynstallaasje sjen lit hoe’t it appartemint der útsjocht nei dat de kattepûl syn wurk dien hat, lit de foarstelling ‘Farwol Ierde’ sjen wat der de twa dagen dêrfoar bard is. Wa wie dizze man en wat foar minsken hat dizze man noch moete foardat er himsels fuort sjit rjochting de stjerren?

Ai ai ai Caramba

Wolkom op Ibiza! Wolkom yn Hotel Mirador!
In stel Friezen, Geart en Berta Bonkema, hat dit âlde hotel kocht, neidat Berta har baan as bewarder kwytrekke troch sluting fan de finzenis. De omskeakeling fan sipier nei gastfrou is lykwols dreech, Berta falt noch geregeld werom yn âlde gewoanten.
It hotel hat in protte achterstallich ûnderhâld en dêrom ha se oannimmer Kobus – Krekt – Kerkstra oerkomme litten. Mar it sjit net op, want Kobus nimt al gau de Spaanske maňana-mentaliteit oer. Dêrby begjint it jild dat se liend ha fan Berta har tante Lydia no op te reitsjen en de ynkomsten falle ôf. In faillissement driget. Ta oermaat fan ramp krije se ek noch stevige konkurrinsje fan in bekende hotelketen.
Der moat wat barre en gau ek. Tafallich treft it dat âld-buorlju Piter en Sjouk op besite komme. Geart-en-dy hiene se útnûge en hoewol se noch noait yn it bûtenlân west ha, doarre se de reis oan. Se binne lykwols noch mar amper oankaam, of de hel brekt los.
Hoe dat sa? Gean der mar ris goed foar sitten, dan sille jim it sjen.

In boek fol fantasy

In famke dat net fan lêzen hâldt, lêst in boek oer Eva. Eva har hûn is dea. Se hat in protte fertriet, en dan stiet dêr samar in wite keninginne foar har. De wite keninginne kin har hûn wer ta libben bringe mei help fan de trije kaaien. Eva moat op syk nei de trije kaaien – of is it no it famke? Underweis moetet se ferskate bisten dy’t se earst helpe moat, mar dy’t har ek helpe om de kaaien te finen. Mei gefaar foar eigen libben fynt se de trije kaaien. Mar hoe rint it ferhaal ôf? En wat is der dochs mei dat boek? Hat se it no echt belibbe of wie it mar in ferhaal?

In mearke mei ferskate personaazjes, lykas in knyn mei in mobyl, in grutte slang, in flinter mei in seare fleugel, bijen, in bline kat, frjemde heksen, in wite en in swarte keninginne, domme ridders en in gefaarlike wolf. In spannend ferhaal mei in knypeach nei de fantasy en werklikheid. Dit toanielstik is skreaun nei oanlieding fan in ferhaal fan in 10-jierrich famke. Wat is der no moaier as dyn fantasy ta libben te bringen?

It Feest

De foarstelling giet oer in famylje-reuny op de jierdei fan de suksesfolle sakeman Helge.
Hy hat famylje en freonen útnûge om dit mei him te fieren. Fanôf it begjin wurdt wol dúdlik dat ûnderlizzende relaasjes hiel gefoelich lizze.
Ien fan de dochters hat har sel te koart dien, in heal jier lyn, en stadich mar wis komme we troch de syktocht fan soan Christian achter de tadracht hjirfan.
De skynbere pracht fan rykdom en sukses blykt de dekmantel fan broeiende famyljerelaasjes, leagens en bedroch.
It feest rint lykwols út ’e hân wannear’t Christian yn in taspraak dramatyske famyljegeheimen oan it ljocht bringt.

Festen lit de hipokrisy sjen fan in yn en yn boargerlike famylje, dêr’t ynsest en rasisme de ûderlinge ferhâldingen de boel bedjerre

In de Vlaamsche Pot

It ferhaal spilet yn it restaurant ‘In de Vlaamsche Pot’’, dat we wol kenne fan de telefysjesearje. De yntriges om de hysteryske eigner Karel, syn partner en sjef-kok Lucien, de jildwolf Frits en syn grutte leafde Dirkje komme ta in hichtepunt as in âlde kennis fan Lucien delkomt. In keatlingreaksje fan de idioate fratsen is it gefolch.

Sjantaazje

In pear froulju fiere aksje tsjin de plannen fan de gemeente.
Se wolle in âld feilinggebou oankeapje foar allerhanne akiviteiten.
Ien fan de aksjefierende froulju wurdt sjantearre, mei bleatfoto’s, om hjir tsjin te stimmen.
Se moat hjirfoar in sit nimme yn de gemeentried.
Der mei net ien achterkomme dat it feilinggebou no brûkt wurdt as drugslab.

Bertus en Brochje

Bertus, frijfeint en breklik, wennet op himsels. Al rekket syn wenkeamer sa stadichoan aaifol mei allerhanne rotsoai, hy fielt him der noflik by.
Syn maat Rein mient dat er de boel wat yn ’e gaten hâlde moat, mar folle helpt it net.
As buorfrou Maria, troud mei Magdalena, de gemeente ynljochtet oer de rotsoai by Bertus, stjoert dy in maatskiplik wurkster dy’t besykje moat de boel by Bertus wer wat op regel te krijen.
As Saakje, Bertus syn suster, nei tweintich jier út Dútslân wei op besite komt mei har ûnderdienige man Nelis en dan ek noch ien en al each is foar it âld skilderij wat by Bertus oan ’e muorre hinget, wurdt Bertus syn rêst grouwélich fersteurd.

It lyk yn `De Cast`

Toanielferiening ‘De Cast’ sil de skriller ‘De moardner is ien fan ús’ op ’e planken bringe.
It stik spilet him ôf op in ôfdieling fan de psychiatryske ynstelling ‘Het land van Maas en Waal’ en begjint mei in praatsessy fan in tal minsken dy’t ‘lekker yn ’e war’ binne.
Ynearsten binne we tsjûge fan in repetysjejûn fan toanielferiening ‘De Cast’.
It is dúdlik dat der noch in soad oefene wurde moat.
Dan giet it stik fierder mei de try-out fan de skriller. Yn dizze try-out blykt dat Paul, dy’t de rol fan de bewenner Hank spilet, ynienen fuort is. As even letter it lyk fan Paul fûn wurdt, wurdt it spul fan need stillein. Alhoewol…
As Hank wer op it toaniel ferskynt en trochspilet krekt of wie der neat bard, ûntstiet grutte betizing en docht de fraach him foar… wêr hâldt werklikheid op en begjint fiksje?
It is fan belang om te neamen, dat it publyk yn in grutte (mooglik dûbele) rûnte om de spilers hinne sit.

Bakte seekob

It stik spilet yn op in fraach dy’t al wer in skoft spilet.
Defoarstelling jout in yndruk yn it hjirneimels. Trije sweagers, dy’t ferûngelokke binne, besykje te funksjonearjen,
mar dat blykt ek noch net sa maklik.

Nije Buorlju

Herman hat in ferrassing foar syn frou Barbara, sy hat altyd graach op in buorkerijke wenje wollen, ergens oan de râne fan in doarp. Oant no ta wennen se yn de stêd, mar no’t se wat âlder wurde, wurdt ek it langstme nei dat buorkerijke grutter.

Herman hat, sûnder dat Barbara dat wist, in buorkerijke kocht, ergens fier bûten de stêd. Barbara wurdt sechstich en dit is neffens Herman it perfekte kado foar dit heuchlike feit. Yn it geheim riedt hy in grut feest ta yn it krekt oankochte buorkerijke.

Hy hat lykwols gjin rekken holden mei de nije buorlju. At dy der achter komme dat Herman miskien wol in hiel grut geheim mei him mei draacht, is de hikke fan de daam. Farsk fleis yn it doarp wurdt altyd mei arguseagen besjoen.
Mar is dat wol terjochte?

Wij binne hjir foar Robbie

It is in famyljeferhaal fol mei skerpe humor en emosjonele konfrontaasjes.

Yn it âlderlik hûs dat krekt renovearre is komt in (Haachske) famylje by-elkoar om Robbie te betinken.
It famyljediner einiget yn in fiasko. De cateraar lit it sitte, de parketlak is net úthurde en it stúkwurk is noch wiet.
Nije leafdes wurde yntrodusearre, mar de âlde skiedingsperikelen kinst noch goed fiele. Foar de eagen fan in nije gast ûntwikkelt him in pynlik demasqué. En as wie it noch net moai genôch, stoart ek noch de sjyk klearmakke tafel yn.

Op de keukensflier, tusken de diggels, evaluearje de personaazjes harren libben.

Soarch

It stik spilet op de 80e jierdei fan Mem dy’t tegearre wennet mei har 60 jierrige dochter.
It liket gesellich te wurden, mar it krijt al gau it karakter fan in wapenstilstân dy’t skeint wurdt.
De froulju slagge gjin gelegenheid oer om elkoar it libben soer te meitsjen. Doch binne der ek mominten fan tearens en oandwaning. Ek binne de froulju nettsjinsteande de grutte ferskillen, emosjoneel en fysyk ôfhinklik fan elkoar.

Omdat der hieltyd mear oer harren achtergrûnen ferteld wurdt, hawwe we oan it ein in kompleet byld fan harren relaasje.

Diagnoaze B.E.R.N.

Tom is in jonkje mei in protte fantasij. En dat moat ek wol, want hy is wol gauris allinnich thús.
Syn heit en mem binne altyd oan it wurk en dêr binne se tige grutsk op. Under iten prate se ek inkeld mar oer harren wurk. En se harkje alhiel net nei elkoar.
Tom sit mar wat ferlern by al dat gekeakel. It hûs , dêr’t se yn wenje stiet alhiel oan ’e oare kant fan de stêd en Tom syn maten wenje dus, jawol, krekt oan de oare kant. Ferfelend, as men alteast net sa’n protte fantasij hat as Tom.
As syn âlders der net binne en somtiden ek as se der wol binne, fantasearret Tom hiele ferhalen by elkoar. Syn fantasij is sa grut, dat er alle karakters, alle bisten en meunsters en minsken ek echt sjocht en fielt. Mar syn âlders dus net en dat is hiel spitich, want dan kinne se net meidwaan yn syn ferhalen. Dat dogge se dan ek net!