Samar thús

Maggie Howard is in hiele rike frou om ’t se in grutte erfenis krigen hat. Neffens har fertsjinnet har man Glenn mar in hiel lyts bytsje en hy kin syn baan wol opsizze.
As Maggie in jûntsje fuort is, praat Glenn mei Sheila Wallis, in aktrise en in freondinne fan Maggie, Dan docht bliken dat Glenn en Sheila in ferhâlding ha en dat Glenn Maggie fermoardzje wol. Hy is har iennichste erfgenamt en sûnder har jild soe er net mei Sheila trouwe kinne. Sheila moat Glenn helpe oan in aliby. Sy moat de auto fan Maggie yn in sleat ride. Hy sil Maggie fermoardzje en yn in fiver goaie tichtby dy sleat. Se fabrisearje in tal bewizen en alles wurdt goed berekkene. Mar it rint doch efkes oars.
It publyk is tsjûge fan in tal ferrassende scênes. ‘Samar thús’ is in echte thriller fan de Ingelske detectiveskriuwer Francis Durbridge.

De dogeneaten

Beppe de Moai wennet yn by har soan Jan. Se is in libbenslustige en skerpsinnige dame, dy’t foar de pleatselike earwearde en syn goede doel alles docht om safolle mooglik jild byinoar te krijen. Se giet dêrmei sa fier, dat se sels har beppesizzers sa fier krigen hat om it rôverspaad op te gean… by har bloedeigen heit, dy t by tafal eigner is fan fiif juwelierssaken. Och, de skea wurdt dekt troch de fersekering, is ’t net sa?
As lykwols blykt dat de earwearde it jild sels yn ‘e buse stekt, beppe ek net hielendal skjin op e hûd is, de fersekering wegeret de skea út te beteljen en heit De Moai úteinlik opdraait foar de stellerijen, begripe de “dogeneaten” dat se te fier gien binne. Mar hoe kinne se har út e sitewaasje wei wine sunder sels yn it gefang te bedarjen…?

In freonetsjinst

In man is in frou tsjinkaam doe’t er in pear wike mei fakânsje wie. Om’t er ferskriklik bang is om in blauke te rinnen freget hy in kollega om ris te polskjen oft hy in kâns makket by har. Ta syn ferrassing en dy fan it publyk rint it oars as ferwachte…

Daan en Doris en Dik en Debbie

Daan en Doris en Dik en Debbie binne hieltyd oare minsken. It dekor wikselet hieltyd troch by elke skets in inkeld objekt te feroarjen dat it plak of it miljeu oanjout.

De man mei de wite jas

Soe in leek yn steat wêze om psychyske problemen op te lossen? Dat is de ynset fan in weddenskip dy’t Freud, stamheid fan de moderne psychiatry, ôfsletten hat. Mar jo hoege net bang te wêzen dat wy yn hege (geastlike ) sfearen telâne komme, want de leek, yn dit gefal in ferver, wit it gehiel op in ierdsk saaklike manier te relativearjen.

In soer puddinkje

Yn dizze klucht giet it om it testamint fan Desmond Clairborn dy ’t middels syn advokaat syn famylje en sekretaresse komme litten hat foar it foarlêzen dêrfan. De famylje is tige ynklauwerich en is min te sprekken oer de oanwêzichheid fan de sekretaresse. In famyljebân is der net en dat utert him yn ôfgryslike feninige dialogen. De famylje bestiet út in rêd pratende neef, in arrogante soan en syn op Marilyn Monroe lykjende frou, in yn astrology ynteressearre nicht en twa susters, de iene pittich, de oare senyl. De ferstoarne hat in hiel bysûndere betingst opnommen yn syn testamint en dat liedt ta de nedige spekulaasjes en aksjes by de famyljeleden. De ferdieling fan de erfenis blykt op it lêst tige ferassend út te pakken en it is boeiend te sjen hoe’t de ferskate erfgenamen dêr op reagearje.