Tusken wal en skip

‘Tsjerk Vermaning – libben en wurk’ is de ûndertitel fan dit stik. It lit de bernetiid fan dizze ferneamde amateur-archeolooch sjen. Tsjerk Vermaning wie de soan fan in skippersfamylje. Ek sjocht men sênes út de tiid fan de 2e wrâldoarloch en dêrnei, doe’t Vermaning wichtige fynsten die. It hichtepunt foarmet it proces fanwege ferfalsking út de jierren fyftich.

Jan Pitersoan Koen

In 1930 wurke Slauerhoff oan in biografy oer Jan Pitersoan Koen. Dizze opdracht hat hy net ôfmakke. Dêr troch hat er wierskynlik ynspiraasje krigen om dit toanielstik te skriuwen. It giet oer Sara Specx, de steatsjuffer yn it hof fan Koen, en de faandrich Cortenhoeff. Koen, dy’t de ferhâlding as ûnsedich beskôget, lit Cortenhoeff terjochtstelle en Sara giselje. As Jacques Specx, lid fan de rie fan Indië en heit fan Sara, weromkomt, bekroadet hy him oer it lot fan syn dochter en wegeret op it nachtmiel fan har rjochters te kommen.

Duvels!

15 ferhalen, basearre op Fryske folksferhalen út DE HELD EN DE DRAEK (ferteld troch Roel Piters de Jong en sammele troch Ype Poortinga), dy’t allegear wat te krijen hawwe mei duvels. Reade tried is in famke dat in âlde ferteller moetet. Dy liedt alle ferhalen yn en praat se oan inoar. De sênes soene lykwols ek op harsels spile wurden kinne.
It tal personaazjes kin oanpast wurden.

Twa froulju

In rige sketsen oer wat der yn it libben fan twa froulju foarfalle kin oan leaf en lijen, mar allegear mei in knypeach besjoen.

Seks, fampiers en fergrutglêzen

It stik is in oarspronklike satire op mear as minder bekende skrillers en detectives, lykas: Dracula, vampires (Polansky), Frankenstein, Rocky Horror Show, Dr. Jekkyl en Mr. Hyde, ensfh.
Spile as iepenloftspul yn Wergea. Mei ferskes.

Der wie in man, dy’t Job hiet

Undertitel: “in dramatyske gelikenis”; it stik is dus in hjoedendeiske ferzy yn drama fan it bibelske boek Job. Hjir is Job in smoarrike yndustrieel, dy’t alles hat: frou, bern, freonen, jild, macht en ynfloed. Troch in ferskaat oan oarsaken rekket er alles yn koarte tiid kwyt. Dochs besiket hy betrouwen te hawwen yn de minsken en syn lot te dragen. As blykt dat sels syn frou him yn’e steek lit foar syn bêste freon – dy’t Job út jaloerskens ferriedt – wurdt dat betrouwen swier op’e proef set.
De haadfertelling wurdt trochsnijd troch in koar fan rouwende froulju, in manke swalker (in spegel fan it takomstige lot fan Job) en in fjouwertal fertellers.
It stik behânnelet eins deselde fraach as it bibelboek, mar dan yn ‘in wrâld sûnder God’: hoe is it kwea te fernearjen?

Schön ist die Jugend

16 losse sênes, wêr’t yn it foarste plak de ferhâlding tusken jongerein en harren âlders oan bod komt, sa bygelyks in heit en mem dy’t har bern ûnder druk sette om mei te gean mei in útstapke, wylst it famke dy jûn nei in feestje wol.
Tige herkenbare situaasjes, sjoen út it perspektief fan de jongerein wei. De tekst is foar it grutste part yn it Nederlânsk, mar der sitte ek Fryske sênes by.
Yn dizze ferzy is it stik spile troch de Jeugdtheaterschool yn 1996.