Praatsjes

Fjouwer stellen bin útnoege op it tsien jierrich houliksfeest fan harren freonen, de loko-boargemaster fan New York en syn frou. It feest giet net troch, want de jubilaris hat himsels foar de kop sketten (it is mar in lichte ferwûning oan it ear) en syn frou wurdt fermist. Syn advokaat beslút dat it net ferstannich is om de saak útlekke te litten (hoewol ‘t er gjin idee hat fan wat er him no eins werklik ôfspile hat) en it iene ferlechje lokket de oare leagen út. De saak wurdt hieltyd yngewikkelder nei dat mear gasten komme. Op ‘t lêst wit gjin ien mear wa ‘t by wa no hokker ferhaal op ‘e mouwe spjelde hat en wêrom. It falt te begripen dat de gasten op ‘t ein fan de jûn in bytsje trochdraaid en oan raapsein binne.

Ik bin Herbert

In âlde man en in âlde frou sitte njonken mekoar yn in skommelstoel. De man sjocht troch syn fierrekikers allegear fûgels en ropt yn syn enthûsjasme syn frou: “Els!” Lykwols; syn frou hyt Agnes en hy hyt sels Herbert. Al ridlik gau is it in stoarm fan nammen- en oantinkens oan foarhinne. Se ha beide meardere relaasjes hân en witte net mear mei wa’t se wêr west binne. Somtiden witte se net iens mear hoe’t se sels hjitte. Ta einbeslút rinne al harren oantinkens gear yn in dield ferliene.
Mar oft dit no de werklikheid is?

Drive-in

It stik spilet him op in freedtejûn yn trije auto’s yn in drive-in ôf. In auto mei in jonge en in famke, in auto mei twa jonge froulju en in auto mei trije jonge manlju. De auto’s wurde útbylde troch de stuollen dy’t de spilers mei it toaniel ( drive-in) opnimme. Ut elke auto komt in ferhaal nei foaren. Soms mei elkoar, soms los fan elkoar.

De memoires fan Eugene

Eugene is fytjin en giet noch nei skoalle. in pear jier ferlyn is syn omke, de man fan de suster fan syn mem, ferstoarn, en doe binne syn muoike Blanche en de beide dochters, Laurie en Nora by harren yn’e hûs kommen. Dit jout nochal wat spanningen omdat syn heit no dus foar twa gesinnen ynkommen fertsjinje moat. Syn broer Stanley wurket al en eins sjocht hy heech by syn âldere broer op. Dêrby hâldt Eugene ek noch syn memoires by, hy wol letter skriuwer wurde. Hy praat mei syn broer oer fan alles en noch wat, seks, hoe’t famkes der neaken út sjogge en nog mear. Omdat Stanley op in kear syn wyklean fergokt en it eins net tsjin syn heit doart te sizzen, rint Stanley fan hûs. Dan rinne de spanningen heech op. Heit krijt lêst fan syn hert, muoike Blanche wol mei de beide dochters fuort en op harsels wenje, wat eins net kin omdat se gjin ynkommen hat. Se sil in baan sykje en wol dan de bern oerkomme litte. Stanley komt dochs wer thús en tsjin syn heit wat der bard is. De frede wurdt tekene en sa kin de húshâlding fierder, no dus sûnder muoike Blanche en de bern.

Suite hotel

Dit stik bestiet út fjouwer tafrielen mei ferskillende minsken, mar se pylje har wol allegear op deselde keamer ôf, te witten suite 402 en 404 fan in hotel yn London.
It earste tafriel giet oer Diana en Sidney. Se sille nei de priisútrikking fan de bêste akteur en aktrise en Diana hat in nominaasje… Mar se wint gjin priis en is at se thús komme wakker lilk.
It twadde giet oer Marvin en Milly, in troud stel. Se sille nei de trouwerij fan de soan fan de broer fan Marvin. Marvin is al fêst foarút reizge omdat er ek noch wat oars te dwaan hie. At er moarns wekker wurd, leit der in jong frommiske yn syn bêd en Milly is op kommende wei. Milly is der earder dan dat it frommiske fuort is en dat jout in soad swierrichheden.
It tredde giet oer Diana en Sidney, dy’t earder man en frou wiene. Hy is biseksueel en meer de homo kant it neist de lêste jierren. Hy wennet al in hiel skoft yn Grikelân. Hy freget Diana om jild foar syn slim sike freon, mar geandewei komt Diana der achter dat it om Sidney sels giet.
It lêste giet oer Norma en Roy, harren dochter Mimsey sil mei Borden trouwe, mar hat har yn de badkeamer opsluten en is foarearst net fan doel om der út te kommen. Heit en mem besykje om bar om har te bepraten, mar it slagget net. Dan roppe se Borden derby dy ropt nei Mimsey dat it tiid is om te trouwen en dan komt Mimsey der samar út. NB Sjoch ek nei ‘Suite London’ fan Neil Simon.

Foar allegearre

Yn dizze samling hat de bekende âld skoalmaster G. Baarda in grut part fan syn wurk op it mêd fan bernetoaniel, bernesankjes ensafuorthinne byinoar brocht. Mei help fan dit mânske wurk kin men foar party feestjûnen (bygelyks âlderjûnen fan skoalle) in folslein programma gearstalle, al of net oanpast oan pleatselike omstannichheden.
It boek (A-4 formaat) beslacht 87 siden.
Priis: f 25,00. Frij fan auteursrjochten!
Ut dizze sammling kinne ferskate revues enfsh. gearstald wurde!

Twa froulju

In rige sketsen oer wat der yn it libben fan twa froulju foarfalle kin oan leaf en lijen, mar allegear mei in knypeach besjoen.

De âlde húsfeint

Op oantrún fan syn frou, dy’t it nochal heech yn ‘e holle hat, hat de âld seekaptein Ale Ypma yn Fryslân in âld stins kocht. Harren dochter Nynke hat it aard fan har heit, dus sljochtwei en gjin komkak.
By de keap fan de stins hawwe hja de âlde húsfeint mei oernommen. As blykt dat it âld stee breanedich oan ûnderhâld ta is wit dizze lêste wol in oplossing: syn pakesizzer Harke wol de karweien wol op him nimme. Spitigernôch hat Harke by it wurk, mei troch de help fan syn pake, nochal wat tsjinslach.
De âld-kaptein, dy’t frijwat in bolderbast is, mar it net sa kwea mient, lit mei syn eigen wurdkar, dêr’t syn frou mar min oer kin, oan makelder Sander Bouma witte hoe min as er oer him te sprekken is. Harke en Nynke krije al gau sin oan mekoar, dêr’t Joukje, de tsjinstfaam, wer min oer kin, om’t hja sels in eachje op Harke hat.
De buorfrou, frelle Jehanne fan Walinga thoe Slooten blykt fan aard krekt by Ale en Nynke te passen en dus alhier net by “mefrou” Ypma.
Fierders spilet der noch in type yn mei: Ale-âld-izer, in neef fan de kaptein.
Oan ‘e ein komt alles noch wer klear: mei help fan de makelder komt der subsydzje fan ‘e oerheid los foar it opknappen fan de stins en komt dy op ‘e monumintelist. Pake blykt yn wêzen nimmen oars te wêzen as Wybren Baron fan Sytzama, dus ek Harke is fan adel, wat fansels krekt past yn it strjitsje fan frou Ypma.
As de frelle Wybren freget om by har yn te wenjen, komt de portierswente frij en kinne Harke en Nynke har dêr moai nei wenjen sette.

Sportman fan it jier

“Neef” en “Nicht” binne man en wiif, dy’t útsjogge nei it erfskip fan de net troude omke fan Nicht. Omke is in bûtenman, ferwoest aisiker, fisker, jager en reedrider. De 4 tafrielen spylje yn ‘e seizoenen. Nicht, dy’t skytskjin is, kin it mar min ferneare, dat Omke der sa mar ynstrûzen komt op smoarge learzens of klompen mei de polsstok, it fiskers- of jagersark yn ‘e hannen. Al mei al is Omke net sa botte wolkom, mar oan ‘e oare kant moat er wol yn eare hâlden wurde! Dit lêste fral as er nei de notaris sil te testemintsjen. Mar sjochdêr: Yn ‘e winter komt Omke behongen mei fierrekiker, smytangel, wynbuks en noardske redens yn in kreas pak en mei in hoed op klúnjendewei op Fryske “houtsjes” deryn stroffeljen mei in frommes by him, dy’t er in “lift” jûn hie op syn fyts en dêr’t er it doe fuortdaliks mar mei iens wurden wie en wat letter har in auto kocht hie, om’t hja in rydbewiis hie. Fan testemintsjen komt no neat mear, want: “Wy ha gjin kwartsje mear!” Is dit al in wûnder, nei it foarôfgeande is ’t suver in grut wûnder, dat Neef en Nicht suver wat oandien binne troch dizze lette jonge leafde en út de grûn fan harren hert it “jonge pear” in goede takomst tawinskje.

Fjouwerspan

De sliepkeamers fan Ernst en Hilde, Ron en Eva en dy fan Willem en Annet binne alle trije wol te sjen, mar wurde allinne beljochte as de hanneling en it petear him dêr ôfspilet. Ek it fjirde koppel, Kees en Lineke, dogge mei oan it fyn-ynleine spul fan minsklike ferhâldingen yn dizze ien jûn en nacht. Hoewol’t der genôch brike sitewaasjes yn foar komme om de ‘lakers’ wat te bieden, fereasket dizze Ayckbourn foaral stille oandacht fan spilers en publyk.

Side

Twa susters dy’t fier útelkoar rinne. Dite, de jongste, hâldt fan setsjes en pretsjes en fan moaie klean, make up, mar benammen fan
manlju. Mare is de deeglike kant it neist. Dit jout wolris wat spanning, mar se kinne oars goed. Mare is sa goed as ferloofd mei Berend, dy’t op in boareilân wurket. As it stik begjint skriuwt se him in brief. Dite pleaget har wat en kokketeart mei har uterlik en har aventoerkes mei manlju. Mare giet der net op yn. Dite giet troch, jout ôf op it houlik (sy soe har net bine wolle) en freget oft Berend “al ris út ‘e rie” is. (Hy wol earst in baantsje oan ‘e wâl ha, ear’t er de lange hier yngiet). Dite fynt sok útstel mar neat. Ek pleaget se Mare mei har rare hobby: dy sparret ‘papieren bern’ (plaatsjes út tydskriften fan bern ûnder de tsien jier); albums fol.
Twadde tafriel: Berend en syn kollega Karst op besite. Berend liket in serieuze, rêstige man, Karst is wat frijer yn ‘e omgong; kin it aardich fine mei Dite. Berend hat nijs: hat in baantsje oan ‘e wâl en Karst sil syn baan oernimme op it boareilân. Karst docht no as hat er dêr gjin sin mear oan. Oarsaak Dite? Mare krijt in presintsje fan Berend: in lape prachtige side. Se is dêr tige wiis mei. Mare waard as famke troch har mem, dy’t skroarske (naaister) wie, ‘Side’ neamd. De jûn einiget yn wat pleagerij, mar se geane yn goedens útelkoar.
Tafriel 3: op it kantoar. No sit Berend te briefskriuwen en is it Karst dy’t him der ôfhâldt. Karst hellet Berend oer in buorrel te
drinken (mei net yn ‘e baas syn tiid). Berend wol earst net, mar drinkt letter mear as Karst. Karst narret Berend mei syn trouplannen: hy hat dochs wol foar it ferstân dat hy it net meitsje kin en set op dizze leeftyd noch bern op ‘e wrâld? Berend wol hjir gjin praat fan hearre. Hy fielt him jong en sterk. It praat komt op Dite; is Karst no wol of net op har begien? Dit tafriel einiget yn in (dronken) rûzje tusken de twa. Karst driuwt de spot mei de beide susters. Op it hichtepunt giet de allarmskille en stowe de mannen nei bûten.
Tafriel 4: Yn it flat. Karst en Dite. Berend hat blykber in ûngelok hân en leit ferlamme yn it sikehûs. Der wurdt praat oer syn kânsen;
se wurde hinne en wer slingere tusken hope en freze. Dite ferwyt Karst dat hy te pessimistysk is. Mare skynt har yn dizze sitewaasje
ynienen “te klaaien as in blier jongfaam” (yn de foarige tafrielen rûn se yn it swart). Neffens Dite jout Mare him op dy manier “krêft
en langstme nei de dei dat er mei har nei hûs gean sil”. Karst kin dy hoop net diele. Dite freget wat se foar Karst betsjut. Sy docht oft se him ha wol; Karst leaut dat net, tinkt dat er ien fan ‘e safolle is. Spul. Mare komt thús, Dite giet der út, har klear meistje foar in feestje. Karst kundiget oan dat er “de grins oer wol”. Reaksje Mare: “En Berend allinne litte?” Karst seit ta him alle dagen skriuwen te sillen en freget nei de bloese (fan de side). Mare ‘showt’ de bloese. Bewûndering fan Karst. Mare bekent dat se as famke fan 14 (se seach der út as in jongfaam fan 18) misbrûkt is; dêrtroch is se folslein feroare. Se prate noch wat, benammen oer Berend. Se kinne it goed fine, en reitsje op in stuit oan it dûnsjen. Dan komt Dite wer op, se is klear om fuort. Lûkt har konklúzje út wat se sjocht, mar lûkt it har net oan.
Tafriel 5: It flat, in moanne letter. Berend is wer thús. Rint op krukken. Petear Mare, Dite en Berend oer tiid yn ’t sikehûs. En oer
Karst (dy is fuort gien). Berend begrypt net dat it neat wurden istusken Dite en Karst. Karst kaam dochs alle dagen by de froulju, doe’t hy yn ’t sikehûs lei? Dêrop trochpratend ‘begrypt’ Berend dat it Karst om Mare te dwaan wie. En ek wat er bedoelde doe’t Karst tsjin him sei: “Dy Mare, dat is sá’n wiif”. Mare kin beweare wat se wol, dat se mekoar stipen yn ’t fertriet, dat Karst treast nedich hie om’t hy Dite net krije koe, foar Berend is it dúdlik, Mare hat him ûntrou west mei Karst! Hy slacht wyld mei syn krukken om en makket Mare út foar hoer. Dan grypt Dite yn en seit Berend de wierheid. Se bringt him yn ’t sin dat hy jierren lyn – doe’t Mare in kear siik wie en sy foar har suster him opwachte op ‘e kaai – har meinaam hie nei in “stjonkend keammerke” en dat it “net by praten bleaun wie”. Dan giet se derút. Berend en Mare bliuwe ferbjustere achter.

Kommintaar:
In âld, mar boeiend gegeven. Orizjineel útwurke, mei soarch opboud en mei spannende eleminten. De ferskillende karakters binne goed útwurke. It opfallendst is lykwols it taalgebrûk. De skriuwer jout alle fjouwer personaazjes fan ’t begjin oant de ein tige poëtyske teksten yn ‘e mûle. Bei dy teksten bard net altyd lykefolle. It taalgebrûk, dat my opset sin wat ‘keunstele’ is, stiet foarop. Om dat op it toaniel wurkje te litten, moat in regisseur dermei oerwei kinne.

TZ / HB