Yn in âld pension soargje Pete en Meg as in heit en mem foar harren iennige gast, Stanley. Hy wennet hjir al wit hoe lang. Foaral Meg ferpopket de jongkeardel, dy’t dochs tige lilk tsjin har dwaan kin, mar dy’t oan de oare kant graach har oandacht wol. It is net rjocht dúdlik werom Stanley dêr ferbliuwt. Hy swetst oer in toernee as pianist, mar dy ferhalen krije fuort in eangstige draai. Meg wol graag syn jierdei fiere, mar der wol Stanley net folle fan witte.
As Pete seit dat der twa nije gasten komme is Stanley alhiel oeremis. De hearen like Stanley te kennen, mar Stanley wol fan neat witte. Tsjinoer Meg dogge se tige freonlik, mar as se mei Stanley allinnich binne skelle se him sa út mei de meast dwylsinniche beskuldigingen dat er as in wrak yn syn stoel efter bliuwt.
De hearen dogge ek mei mei ‘it jierdeifeest’, lyk as Meg en in buorfamke. Pete is hjir net by. Stanley krijt in buorterstrommeltsje en wurdt der ta twongen om ta te sjen hoe de hearen harren sawat fergripe oan de twa bliere froulju. Yn it tsjuster stoart Stanley him lykwols ek op de gastfrou, mar dat giet fansels te fier.
De oare moarn wurdt de brutsen Stanley troch de hearen ôffierd nei in soarte fan ynrjochting. Meg en Pete wolle dit net, mar hja fersette harren ek net.
‘Jierdeifeest’ is in absurd drama dat giet oer in jongeman dy’t eins it folwoeksen wurden net oan wol en leaver feilich by in heit en in mem fuort krûpe wol dy’t neat fan him easkje. Lykwols hat er wol fantasijen oer hoe warber hy is yn’e grutte minskenwrâld en tsjinoer de froulju. De twa geheimsinnige hearen ferbyldzje de bedriging dy’it op it ûnhâldbare libben fan Stanley ôf komt.