Wat dogge wij mei beppe?

Henny hat in hobby: it amateurtoaniel. Har toanielfreondinne Johanna hellet har op om nei in belangrike repetysje te gean. Mar dat kin fan ’e jûn wolris in probleem wêze, want Henny kin net fuort! Tegearre mei har suster Iris útfanhuzet Henny yn it hûs fan harren suster Paula, dy’t dizze wike mei har man op fakânsje is. Sy moasten der noadich even tuskenút, want se binne al in skoftke de mantelsoargers foar beppe, dy by harren ynwennet. Henny en Iris nimme de soarchtaken tydlik oer. Mar Iris hat jûn in belangrike ôfspraak en dus moat Henny op har toanieljûn op beppe passe. Henny hat in opropke dien yn ’e famylje-app, mar net ien

Alles went behalve in fint

Hetty en Willem spylje in echtpear dat it skynber prima foarinoar hat. De saak is ferkocht, de bern binne de doar út, harren houlik rint as in trein (dochs?) en se binne op in pear mankeminten nei noch hartstikke sûn. Hetty makket fan har hert gjin moardkûle en sy wol noch fan alles ûndernimme; toaniel, reizgjen, musea. Willem hat ‘wat’ minder ferlet fan feroaring. En dan leart Hetty Thomas de studint kennen… Dat is it startsein foar oardel oere útsprutsen, werkenber komedytteäter.

It wetterfamke Udine

 

De wettergeast Koeleborn hat der foar soarge dat it wetterfamke Undine opgroeie kin by in fiskersechtpear. Sy kin allinne oerlibje yn minsklike foarm as sy minsklike leafde kent. Troch in stoarm komt ridder Huldebrand by in fiskershúske. Der moetet er Undine en wurde se fereale op inoar. De ridder wit fan it geheim fan Undine en sil har nea ferlitte. Se trouwe en de ridder nimt Undine mei nei it kastiel fan de hartoch om in grut feest te jaan. Dêr wachtet Bertalda, de jaloerske prinses dêr hy earst mei trouwe soe. Ridder Huldebrand giet hieltyd mear mei Bertalda om, mei as gefolch dat de wettergeasten nei it kastiel komme om Huldebrand kwea te dwaan. De elemintêre wêzens en Aelin, it suske fan Undine, helpe Undine om derfoar te soargjen dat Huldebrand by har bliuwt. Undine soarget derfoar dat de wettergeasten net mear by it kastiel komme kinne. Uteinlik wol de ridder Undine net mear en ferdwynt sy in it wetter. Letter trout Huldebrand mei prinses Bertalda. Nachts komt Undine as wettergeast by de ridder spûkjen en úteinlik komt har foarspelling út.

In spannend leafdesmearke mei in ferrassend ein. (Dûbelrollen mooglik)

Yn Wêzen

‘Yn wêzen’ is in mozaykfertelling yn en om in abortusklinyk, mei as doel minsken oan it neitinken te setten.

Soest dy ynlibje kinne yn minsken dy’t in hiele oare miening hawwe as datsto sels hast? Kinne alle mieningen sûnder oardiel neist inoar bestean? En kinne we sa by inoar komme? Der is in abortusdokter dy’t syn eigen dochter op de tafel krijt. En as de dochter fan de djip leauwige demonstrante draachmem wurdt en miskien twongen wurdt ta in abortus, blykt de takomst fan de dochter ek in rol te spyljen yn de miening fan de demonstrante. Dan is der noch Marie, dy’t in kar meitsje moat, en wa is dochs de mysterieuze Eva?

In saak fan libben en dea

Johannes Baalman wurdt fermoarde troch Cornelis Bartjens. It lyk hat er yn ’e rivier goaid. It wurdt nea fûn. Bartjens giet de oare deis te bycht by pastoar Heijdenrijk. Hy hat net echt spyt, dus pastoar jout him gjin absolúsje (ferjouwing). Bartjens moat earst echt berou toane. Pastoar Heijdenrijk leit him in pear penitinsjes (boetes) op en freget Bartjens om letter werom te kommen. It tafal wol dat de pastoar de oare deis in besite ôflizze sil by de húshâlding fan Johannes Baalman. Mar by de besite oan frou Baalman falt de pastoar min as mear troch de koer. As de pastoar fuort is, begjint de frou te tinken dat hy mear wit oer de fermissing fan har man. De oare deis giet de frou nei de pastoar. Under bedriging mei in revolver twingt sy de pastoar mei geweld om de wierheid te fertellen. Dan giet se rjochtstreeks nei de skout. Se wurde alle trije oppakt. De moardner, de pastoar en de frou fan it slachtoffer. Dan folget de rjochtsaak.

De Peetmem

Donna Vita, de “peetmem” fan in lytse maffiafamylje wol dat har soan Sonny Carleani trout mei Isabella Rupo, de dochter fan don Pietro, harren grutste konkurrint yn ’e drugsbusiness. Mar Sonny sjocht dat net sitten. Hy hat al in leaf, Eef, in plysjefrou notabene. Angelo Miracolli, capo fan de Famylje Carleani en UWV-amtner Johnny Gielen spylje in bysûndere rol yn dizze eigentiidske, hilaryske maffiaklucht.

De kerreven

Wat fan hjirút te sjen is

A en B sitte op it balkon fan de buorman. A is frij, mar hat in enkelbân en it is B syn jierdei west. It kado dat A foar B hat, is allinnich net sa mar in kadootsje. Hat buorman M yn ’e gaten wat der oan de hân is?

De Wolf

Der rint in wolf om by de buorkerij fan Jeltje, dêr’t se wennet mei har dochter Ymkje en har heit Meindert. Pake Meindert makket him soargen oer de skiep, wylst Jeltje drok is mei it útsykjen fan de klean fan har man, dy’t hjoed presys in jier fuort is. De buorfrou liket mear te witen oer wat der geande is. Dan klinkt der in skot…

Stijldansen voor senioren

Ast âlder wurdst, wurdt it dreech om de dagen troch te kommen. Jan, Rico, Karla en Francien sjogge dêrom út nei de dûnsles, en hoopje dat it wat fan harren iensumens fuortnimt. Kursuslieder Pablo wol sels magy bringe… Der wurdt in soad neitocht en oertocht. Oer it libben. It ferline. De takomst. De leafde. Oer dreamen. Magy. Ek wurdt der praten. Mar wurdt der wol praten oer al dy wichtige saken?

Wij gean útinoar

Karla en Durk sille oer trije wike harren skieding offisjeel meitsje foar de rjochter. Karla hat Durk mei syn nije freondinne, Bente, útnûge foar in bakje kofje.  Se fertelt dat se op `e dei dat se nei de rjochtbank west hawwe, de jûns in feest jaan wol foar likernôch 30 freonen en kunde om it te fieren.  In soarte fan ôfskiedsritueel moat it wurde. Durk wol syn eks net ôffalle, mar fynt 30 gasten wol in soad. Bente fynt it mar neat. Jurre stipet syn mem, en der docht bliken dat hy ferkearing hat mei Lize, de dochter fan Bente.

Wat in jubileum

Toanielferiening Easterbierrum wol in jubileumstik spylje en nimt kontakt op mei it impressariaat fan Madeleine foar in unyk en spektakulêr stik. Earst moatte der fansels genôch spilers en in regisseur socht wurde, en as dat slagge is, is it tiid foar in tripke foar de teambuilding.          Mar dan komt de aap út de mouwe…

Wa betellet de fearman?

Alan Haldane beslút nei tritich jier werom te kommen nei Kreta.
Yn de Twadde Wrâldoarloch stie er op it eilân bekend ûnder de namme Leandros en focht er yn it ferset (Andartes).
Hy giet op syk nei syn leafde fan eartiids, Melina.
Leandros besiket syn âlde striidmaat Babis dy’t nochal koel tsjin him docht omdat er Melina sitte litten hat.
Leandros fertelt lykwols dat er har trije brieven skreaun hat, mar nea antwurd krige en dêrtroch fierder gien wie mei syn libben.
Blykber wie Melina swier en hat se har dochter allinnich grutbrocht, mar se is in pear jier lyn stoarn.
Op Kreta moetet Alan de knappe Annika en se fiele harren fuortendaliks ta inoar oanlutsen.
Wa is Annika en slagget it Alan om him te fersoenjen mei syn dochter?

Finzene ûntsnapt

It is 24 desimber, de dei foar kryst. Fernand De Bleeckere is de direkteur fan de finzenis fan in lytse, provinsjale finzenisynstelling.
Hy is in korrekte en yntelliginte, mar ek in bytsje in naïve en in net selsfersekere man fan middelbere leeftiid.
Tegearre mei syn dominante frou Greta wennet er yn de lytse, mar komfortabele tsjinstwenning fan it finzeniskompleks.
Omdat er syn finzenis sa goed wit te bestjoeren en omdat der noch nea immen yn slagge is om te ûntsnappen, is Fernand foardroegen foar promoasje.
Dêrby heart ek oerpleatsing nei in gruttere ynstelling.
Greta, dy’t in ferhâlding hat mei Eugène Bauwens, de haadsipier, sjocht in oerpleatsing krekt fanwege dy relaasje yn earste ynstânsje fuortdalik net sa sitten, likemin as Eugène.
De lêste details fan de oerpleatsing moatte lykwols hjoed regele wurde en dêrom komt Herman Simonis, in hege amtner fan it ‘Bestjoer foar it Finzeniswêzen’ op besite. Yn ’e rin fan ’e dei sille ek Betty Dochez, de sus fan Greta en har nije freon Theo Lieten arrivearje om mei Fernand en Greta krystjûn te fieren.
Nadia, de iennichste dochter fan Fernand en Greta dy’t al jierren yn Amearika wennet, sil op dizze dei ûnferwachts del komme.
Mar krekt hjoed is Bert Verelst, in lytse oplichter dy’t sûnder in earlik proses feroardiele is, deryn slagge om te ûntsnappen.

Heit

Stadichoan glidet André fuort yn in dizige wolk en rekket de wrâld dy’t er sa goed koe fierder út byld.
Oantinkens fergean, fertroude gesichten ferdizenje.
Krampachtich besiket er grip op syn libben te krijen dat stadichoan útinoar liket te fallen sûnder dat er begrypt wêrom.
Syn ûnrêst en panyk reitsje net allinnich him, mar ek syn dochter Anne.
It stik sit fol werkenbere situaasjes dy’t net allinnich sear dogge, mar tagelyk ek bûtengewoan komysk binne.

De wanten fan Cornelia

In 1826 vaart de bemanning van de galjoot “Harlingen” uit voor de walvisvaart.
Het noodlot slaat toe: zij komen vast te zitten in het ijs en het schip vergaat.
Het stuk, gebaseerd op ware feiten, aangevuld met de fantasie, vertelt over de belevenissen van de walvisvaarders én van de thuisblijvers in Harlingen.
Over honger, verlangen en wanhoop. De enige die weet hoe het af zal lopen is Wazige Wietske, die altijd zeven dagen in de andere week op kijkt: “Geduld, je mutte sterk weze, ies.”
Klinkt dramatisch, maar dankzij de Harlinger humor in het stuk, valt er ook genoeg te lachen…

Muziekstuk/streektaal/historisch toneel

museale swirrichheden

It giet Museum Auwerd net foar de wyn. Krekt no’t se dwaande binne mei in ferbouwing krije se te hearren dat der hier betelle wurde moat foar de gebouwen. Oant no ta mochten se dy fergeefs brûke fan de eigners fan G/E, it grutte behangfabryk.
De gemeente hat ek witte litten dat se folle minder subsydzje krije.
Benammen Gryt, de ponghâlder, is bang dat se finansjeel de holle net boppe wetter hâlde kinne.
It natoermuseum – in partikuliere samling dy’t yn Museum Auwerd ûnderdak fûn hat, wurdt yn syn bestean bedrige.
Manny, de nije konservator, wol der graach fan ôf. For de romte dy’t dan frij komt, hat se grutte plannen.
Yn Atsje, foarsitter fan it natoermuseum, hat se in net te ûnderskatten tsjinstanner.
Dy docht er mei help fan de ‘ochsa aardige’ Gustav alles oan om foar te kommen dat Manny har sin krijt.
Wat de (krekt nije) foarsitter foar hat mei it museum lit er him net oer út, mar folle goeds stiet him net foar eagen.
As bliken docht dat Gustav en de foarsitter inoar kenne, komme de problemen fan Museum Auwerd yn in streamfersnelling terjochte.

Skeef

Heit Bokke en dochter Anna wenje tegearre. Mem is ferstoarn. Heit en dochter wurkje beide yn ’e soarch mei ferstânlik beheinde minsken.
Lykwols hat heit noch wurke ûnder de foargonger fan de “Wet zorg en dwang”(Wzd) en is dochter Anna oplaad doe’t dizze wet al ynfierd wie.
De Wzd, ynfierd op 1 jannewaris 2020, regelet de rjochten by ûnfrijwillige soarch of opname fan minsken mei in ferstanlike beheining of psychogeriatryske oandwaning, lykas demintens. It doel is om twang safolle mooglik foar te kommen en de kliïnt sintraal te stellen.
Heit en dochter ûnderfine de Wzd yn har útwurking lykwols ferskillend en dat liedt geregeld ta stevige diskusjes tusken har beiden.

De list

Middenyn in ekologyske krisis dy’t derta laat hat dat alle regearingen fan ’e wrâld sawol frijwillige as ferplichte eutanasy oplein ha, as middel om de befolking ûnder kontrôle te hâlden, nûget de pensionearre talkshowhost Jacques Jorritsma syn fjouwer folwoeksen bern út foar in itentsje by him thús mei syn twadde frou, televyzjekok Diana Kas. Dy bern binne de kontroversjele polityk kommentator Jorrit Jorritsma, de yn opspraak rekke Rixt Jorritsma, CEO fan in faramseutyske firma, B-aktrise Aafke Jorritsma, de krekt ôfkickte Nanne Jorritsma, en Rixt har dochter Mare. De bern binne yn skok as Jacques ûnferwachts oankundiget dat hy en Diana har frijwillich opjûn hawwe foar it nasjonale eutanasyprogramma. Diana seit dat se it neigesetsje klearmeitsje sil, mar slûpt it hûs út, nei’t se in briefke efterlitten hat dêr’t se yn skriuwt dat se fan gedachten feroare is. Piebe Durkstra fan it Ministearje fan Boargersaken komt yntusken by it hûs fan de Jorritsma’s oan, yn it selskip fan wapene aginten Gurbe en Bonne. Dan fernimme de bern dat Jacques de eutanasy fan him en Diana pland hat foar dyselde jûn, sadat elkenien derby oanwêzich is. De bern binne yn skok as Jacques ûnferwachts oankundiget dat hy en Diana har frijwillich opjûn hawwe foar it nasjonale eutanasyprogramma. Diana seit dat se it neigesetsje klearmeitsje sil, mar slûpt it hûs út, nei’t se in briefke efterlitten hat dêr’t se yn skriuwt dat se fan gedachten feroare is. Piebe Durkstra fan it Ministearje fan Boargersaken komt yntusken by it hûs fan de Jorritsma’s oan, yn it selskip fan wapene aginten Gurbe en Bonne. Dan fernimme de bern dat Jacques de eutanasy fan him en Diana pland hat foar dyselde jûn, sadat elkenien derby oanwêzich is. No’t Diana ôfwêzich is, besiket Jacques de ôfspraak mei it Ministearje te fersetten. Dat giet lykwols samar net. Piebe herrinneret Jacques oan de annulearringsbetingsten. Dy hâlde yn dat de rekkenings fan ’e famylje beferzen wurde sille en dat Jacques publyklik ôfskildere wurde sil as in leffert en in ferrieder. Dat makket dat Jacques derfoar kiest dochs troch te setten mei de eutanasy. Nei syn dea skokt Piebe de famylje noch mear troch harren der op te wizen dat er wetlik ferplichte is om in twadde lichem mei te nimmen, lykas oarspronklik pland. Piebe nimt Mare, dy’t frijsteld is fan eutanasy omdat se minderjierrich is, mei nei syn mobile mortuarium, in soarte fan grutte camper, wylst de fjouwer Jorritsma’s twa oeren de tiid krije om te besluten wa fan harren neist Jacques noch mear stjerre moat.