Kening Floaris hat fertriet

Snokkerjend sit Kening Floaris dei út dei yn op syn troane. Der is mar ien ding dêr’t er altyd gek op wie: autoriden, mar hy is te lider slein no’t de oalje yn syn lân sa goed as op is. Alleman besiket him oer syn fertriet hinne te helpen, mar it liket allegearre om’e nocht en ynearsten fynt er allinne noch wat treast yn it boartsjen mei syn boartersguodautootsje. As op it lêst Teake, de útfiner, der by roppen wurdt, liket der útkomst te wêzen: syn komjûter hat him de oplossing oan’e hân dien: in oaljefabriek bouwe! Ja, mar wêre? It sportfjild biedt romte genôch en dêr sil’t dan mar oangean; de feart der bylâns sil moai foar kuolwetter brûkt wurde kinne. Ja, it is allegearre moai úttocht, mar…

De oansteller

Ut de wenninkjes foar âlderein hawwe trije pearen op har nommen om wat blommen en strûken foar de gemeente te plantsjen. Mar ien fan’e manlju is ôfgryslike lui, behalven as er oan’t biljerten is. De oaren besykje mei ynstimming fan syn frou him dizze kwaal ôf te learen. It slagget harren en praat him siik en it komt safier hinne dat se de ambulânse roppe om him yn’t sikehûs te bringen. De oare beide manlju komme yn wite jassen en in pear stokken mei in lekken der oer as brancard en der wurd ús maat op lein. As se dan de stokken optille, strûpt it lekken der ôf en hy bliuwt op’e grûn lizzen. Dan pas is’t him dúdlik wat se mei him útheve en hy springt feardich oerein, tewyl’t de oaren him tasjonge fan: ” Altijd is Kortjakje ziek, midden in de week maar zondags niet”.

De oerpleatsing

De famylje Van Eck út Den Haach komt yn in Frysk doarp te wenjen. Mei de taal ha se ynearsten nochal wat swierrichheden. Mar nei in jier fiele se har wakker thús. De bern prate al Frysk en mem folget in kursus om it ek ûnder de knibbel te krijen.
Tige gaadlik yn plakken dêr’t men mei twataligens te krijen hat.

Aventoeren fan de jonge astronauten

In stik as wat jonges en famkes ha in astronautenklub en helpe prefester Prikkema by syn ûndersiken. De prefester hat ûntdutsen dat efter de moanne noch in moanne sweeft, mei in atmosfear, en hy sil der mei in mennich bern fan’e klub hinne.
Yn it twadde bedriuw binne se dêr al en se fine in dokumint dat Chriet Titulaer der al earder west hat. De moannemannen keare har as se werom wolle. As Douwe wekker wurd docht bliken dat it allegearre in dream west hat wat der him ôfspile hat.

Baas oer eigen buis

In alderaardichst stikje dêr’t op plezierige wize de draak yn stutsen wurdt mei it grutte plak dat de televyzje yn guon húshâldingen ynnimt, ornaris te’n koste fan de húslike sfear.

Ik kin net oars

In stik oer it libben fan Fedde Schurer. It beskriuwt syn libben fan syn berte oant syn ferstjerren. We sjogge hoe’t hy gryt wurdt by syn heit en mem. As hy fan skoalle kin, wurdt er timmerfeint. Hy wol graach skoalmaster wurde, mar syn heit en mem riede it him ôf. Letter kiest hy dêr dochs foar en hy kriget in oanstelling op ‘e Lemmer. Hy trout mei Wil. Syn leafde foar boeken bloeit op en hy begjint te dichtsjen. Ek hat hy in grutte leafde foar de Fryske Taal en de Fryske tradysjes. Troch syn eigensinnige wize fan tinken oer it Kristendom en de oarlaoch wolle de minsken op ‘e Lemmer him net mear as skoalmaster op haren skoalle hawwe. Hy giet nei Amsterdam en hat dêr in moaie tiid. Hjir wurde syn gedichten en syn politike stikken wurdearre. Mar Fryslân lûkt altyd en hy giet werom nei syn Heitelân.
NB Rollen kinne dûbbele wurden.

Wolven en skiep

Arnold Poortinga is fertsjintwurdiger fan syn berop. Hy kin by syn firma in goede omset helje en alles liket foar de wyn te gean. Oant op in stuit de saak opnommen wurdt yn in grut konsern en der in belied komt dêr’t de effisiensy by foar master opslacht. Reorganisaasje makket dat in folle jongere kollega fan him, mei bettere papieren, boppe him steld wurdt en hy oansizzing kriget dat syn wurk teni út it haadkantoar wei regele wurdt en dat der in hegere omset helle wurde moat. Mei in healjier rekket er sadanich frustrearre, dat er ûnder dokters hannen rekket en wol ôfkard wurde sil.
Koart sein: in stik dat in probleem fan dizze tiid behandelet. In probleem dat troch reorganisaasjes en sluten fan bedriuwen in algemien probleem neamd wurde kin, in probleem ek dêr’t langer in protte minsken fan te lijen hawwe.
In flotte dialooch mei gâns humor.

En alles wat winsklik is

Om it Krystfeest te fieren ha Albert en Annelys Steensma sân famyljeleden en kunde útnoege in pear dagen by harren te útfanhûzjen.
It binne foar it grutste part minsken út it saneamde “hegere miljeu”. Troch harren dwaan en litten en ek oan hoe ’t se meiinoar omgeane, wurdt men sa stadichoan gewaar hoe ’t by elk, tige komplisearre faak, it libben der hinne leit.
It komt der op del dat de skriuwer in tal minsken byinoar brocht hat, dy ’t de taskôger in yndruk jaan moatte fan de minske yn it algemien.

Spegelskrift – DIEL I

In jonge sjoernaliste hat in petear taret mei in skriuwer, dêr ’t fan bekend is dat er foar sa ’n petear hast net te benaderjen is.
Dy skriuwer hat trije kear troud west en alle trije froulju koene it net by him úthâlde. De reden dêrfan wurdt de sjoernaliste gewaar as se by him is. Hy docht oars neat as negatyf op har ynprate en dat yn alle soarten fan gemoedsstimmingen. Sy hâldt lykwols út dat er har andert jaan sil op inkele fragen, tasein is tasein.
Hy hat dêr lang de gek mei, mar op ’t lêst komt it hege wurd der út.
Hy hat syn arbeidster, dy ’t twa kear wyks by him komt, net foar ’t wurk, mar omdat sy de iennige frou is dy’t him stiet. Hy hat it petear mei de sjoernaliste tasein om ’t er ferlet fan in frou hat om mei te hakketakjen, de arbeidster hat him nammentlik de tsjinst opsein.

Spegelskrift – DIEL 2

Tema fan dizze ienakter is de ferantwurdlikens dy ’t in skriuwer hat foar syn lêzers oer. Nimt er harren mei yn in net-besteande suertsjewrâld, (yn sokke boeken sit sleet) of set er harren op it spoar fan dreger saken, (dan is de ferkeap beheind) oan de skriuwer de kar.
In sjoernaliste hat hjiroer in petear mei in skriuwer dy ’t yn syn boeken de suertsjewrâld etalearret. De skriuwer, yn de ûnderstelling dat er frijút prate kin, smyt der hiel wat út. Oan ‘e ein fan it petear komt er raar te pal. It docht bliken, dat alles wat er sein hat op in bantsje stiet…..

Ik wol by de film

Herbert Tucker, in skriuwer, hat in lytse tweintich jier ferlyn syn frou en bern ferlitten en hat noait wer nei harren omsjoen. No wol Libby, de dochter dy’t yn tiid 19 jier is, witte wa’t har heit is en sy siket krekt sa lang oant sy him fûn hat. As it stik begjint stiet sy, net oankundige, by him foar de doar. Herbert hie hjir alhiel net op rekkene en moat der wol even oan wenne dat der samar ien fan syn bern by him ynkomt. It skriuwen wol de lêste tiid ek al net sa bêst en no dit der ek noch by. Mar it feroaret al gau en in pear dagen letter sit hy al yn noed as sy op in jûn ris wat let thús komt. Steffy, syn freondinne, pleaget him der mei, sa hat sy him noch noait sjoen. As heit en dochter oan elkoar went binne, seit Libby samar dat sy wer nei hûs wol. Hjir is Herbert it ek wer net mei iens, mar Libby giet dochs fuort. Herbert krûpt achter de skriuwmasine, hy hat ynienen ynspiraasje.

Gust

Gust – in eardere leantersker en letter terskbaas – in fleurich âld man mei in passy foar bijen, vertelt oan it stjerbêd fan syn (twadde) frou Lies it ferhaal fan syn libben. Hy docht dit – yn it bijehûs – op in alhiel by him passende eigen(aardige) wize en giet dêrby
oant op ‘e boaiem. Hy sleept it publyk mei nei de tiid dy’t foarby is en dêr’t safolle minsken noch altyd ûnwennich fan binne. Hy ropt bylden op fan alear, mei de rook fan it plattelân, mar ek mei
it lûd fan’e tsjustere roffels fan ‘e Nazi’s. Tragysk bytiden en tagelyk skrinend komysk, oandwaanlik en soms ôfstjittend, mar altyd tige werkenber. Koartsein: it libbensferhaal fan ien dy’t opgroeide yn in doarp op’e Hundsrückerheide, in idyllysk plakje dat fredich lei te wachtsjen op ‘e feroaringen fan ‘e moderne tiid dy’t kommende
wei wie.
[tekst oernommen mei tastimming fan Tryater]

Kommintaar:
It stik is hast in monoloog, lykas ‘Ella’ fan Achternbusch. In prachtige stik foar wa’t it oandoart.

HB