De Bugatti Konneksje

Twa bruorren behearre oan ‘e râne fan in ôfgrun in alternatyf kueroard. Se lykje der net frijwillich te sitten. Se fiele harren de finzene fan de eigener, in mysterieuze hear Visser. Dy is nei in oanriding ferdwûn en it liket derop dat hy harren opdroegen hat om it kueroard te behearen. Sy wurde bystien troch de ûngrypbere Charles. Under syn lieding wurdt der foar in helpleas echtpear, dat arrivearret yn in stellen Bugatti, in bizarre ûntfangst taret. Wa’t in nij libben begjinne wol moat in soad ferduorje. Wylst de gasten harren yn in New Age-achtige sfear minskeûntearjende diëten foarskriuwe litte, komme kwestjes as frije wil en bestiet it tafal like ûntkomber as hilarysk oan de oarder. As de bruorren besykje oan harren lot te ûntkommen yn de Bugatti wurde se op it leste momint trappearre. Mar Charles is derfan oerstjûge dat se werom komme en lit se gean. Nei’t der in gangster oankommen is dy’t yn opdracht fan de hear Visser de romrjochte racewein opeaskjen komt, komme de bruorren frjemd genôch werom . Lykwols rekket de kûgel, dy’t de gangster op de bruorren offjurret, himsels en it soe samar kinne dat de bruorren harren frijheid werom fine wylst se harren fatale bestimming temjitte reizgje.

That s alright momma

That s alright momma is in tragi komyske maffiaklucht oer in kriminele mem en har like kriminele soannen. Mar ek in Elvis imitator sunder talint, in maffiabazinne mei in houtene skonk en oare foute figueren ut de famylje, komme del yn That s alright momma!

Gjin autoradio of skoudertaske is feilich wannear t de trije bruorren harren yn de buert ophalde. De aldste is de baas, de middelste is de gokker en de jongste komt oeral te let. Dochs giet alles der tige strukturearre oan ta under de deskundige lieding fan mem. De relaasje tusken mem en de trije soannen feroaret yngreven wannear t der ynienen in ferlerne soan op it aljemint komt.

De sonde fan Haitze Holwerda

De Sonde fan Haitze Holwerda is ’n samenspel tussen de Frise graidboer út Blessum en drie ongetiders fan ’t Bildt. Derin komme de twee werelden fan Ulbe fan Houten bijnander: syn jeugd in de graidhoek en syn latere leven op ’t Bildt. Feerder speule kristlike en soasiale eleminten ’n belangrike rol. Ok de ôfstand tussen boer en erbaaier loopt as in rooie draad deur’t ferhaal.

De fiifde dei

Wat ha se it altyd drok op skoalle, dy lêste wiken foar de simmerfekânsje. Benammen de bern út groep 8. Net allinne mei de fêste jierlikse ôfslútingsrituelen mar ek mei it ôfskie fan de fertroude skoalle, de masters en de juffen en fan elkoar. Foar ’t de grutte stap set wurdt nei in noch ûnwisse takomst moatte de lêste dagen meielkoar in bysûndere tiid wurde.
In ôfskie dat yn it ûnthald bliuwt.

Kening fan Katoaren

De fleurige âlde kening fan it goede lân Katoaren is ferstoarn; seis soere ministers beweare dat se in nije kening sykje – mar der bart neat. Dan giet de santjinjierrige Stach nei de ministers ta en freget wat je dwaan moatte om kening fan Katoaren te wurden. De ministers binne razend en jouwe him sân hast net út te fieren opdrachten. Mei sûn ferstân, tûkens en moed wit er se alle sân te folbringen en dêrmei makket er Katoaren ta in leefber lân.

Kiddie Kiddie Kiddie

Is in oangripend, ûnmeilydsum, leaf en leafdefol ferhaal, dat fertelt oer de jeugd fan Carolien Bourgois de Vries. Carolien hat in “Meervoudige Persoonlijkheids Stoornis”. (MPS) Kiddie, stiet foar Kid-die, “to die”- it ferstoarne bern. Wannear in bern mannichfâldige kearen misbrûkt wurdt, sawol geastlik as lichaamlik, splitst it sich faak op yn meardere persoanen, “alters” neamd, dy’t allegearre in eigen namme ha. Kitty, de sammelnamme fan al dizze “persoanen”, wurdt socht. Se hat har ferstoppe yn in bûtengebiet. Helikopters, polysje en noch in hiel soart oaren, sykje har. Wêrom hat se har ferstoppe? Hat se wat misdien? Wurdt se fûn?

Antigone

Antigone, dochter fan de foarige Kening Oidipous, freget oan har suske oft hja meidwaan wol oan in ferbeane ûndernimming, it symboalysk begraven fan harren broer. Dizze broer wie nammentlik nei harren bertested ta set om’t hy neffens in ûnderlinge ôfspraak de hearskippij oer Thebe opeaske. By it belis binne de bruorren yn in twakamp omkommen. De nije kening Kreon hat ferbean om it lyk fan de earste broer, dy’t as lânferrieder beskôge waard, te begraven. As it suske Ismene it net oandoart om it ferbod te oertreedzjen, seit Antigone dat hja it allinne wol dwaan sil. Yn it dêropfolgjende diel sjogge wy de nijbakken hearsker Kreon in soarte fan regearingsferklearring ôflizzen, der’t hy yn ferklearret dat hy him tsjin elkenien keare sil dy’t it algemien belang skea docht. Fuortendaliks dêrnei fertelt in soldaat, dat immen sân oer it lyk útstruid hat, sadat Kreon syn earste ferbod al oertrêde is. De oertreder blykt syn eigen nichtsje Antigone te wêzen, dy’t fersein is oan syn soan. Ta argewaasje fan Kreon is hja ek noch grutsk op har died. Om’t hy syn gesach net underwrotten sjen wol, feroardielet hy har ta de feststelde straf. Ek Ismene wurdt ta de dea feroardiele. De âlde sjenner en profeet Tiresias warskôget Kreon. Dy kin him lykwols net yntinke dat hy ferkeart hannelet en hy fertinkt de sjenner der fan op persoanlik gewin út te wêzen. Yn in folgjende konfrontaasje tusken Antigone en Kreon ferhurdzje de stânpunten harren allinne mar. Wol ûntsjocht Kreon no Ismene en ûnder druk fan de âldsten fan de stêd dy’t it koar fan de trageedzje foarmje beslut hy om har net libben te begraven. Op dy wize kin hy syn maatregel útfiere en dochs syn hannen net brâne oan de oertreedingen tsjin de ûnderierdske wetten der’t Antigone him fan beskuldige. Antigone nimt no ôfskie. Nettsjinsteande har iensumens en wanhoop fan har net ferfolle libben, hat hja gjin spyt. Yn de folgjende sêne sjogge wy hoe’t de soan Haimon syn heit Kreon op oare tinzen besiket te bringen. Noch hieltiten kin Kreon net tajûn. Krekt as de sjenner Theresias mei allegear ûngeunstige foartekens oan setten komt, jout Kreon ta dat hy mooglik te fier gien is. Hy jout opdracht om Antigone te befrijen. Dan blykt lykwols net allinne dat hja sels al in ein oan har libben makke hat, mar dat ek syn soan Kreon himsels by har lyk fan kant makke hat. Kommentaar: Dit prachtige stik lit de konfrontaasje sjen tusken twa minsken. De iene is in farske politikus dy’t tinkt dat hy him yn ‘e letterlike sin fan it wurd tsjin elkenien keare moat dy’t him tsjin it belang fan de stêd keart, en dat persoanlike foarkar of besibbens dêrby gjin rol spylje mei. De oare is in jong famke dat har ynstinktyf keart tsjin it net begraven fan in broer, ek al soe it in misdiediger wêze. Dat is foar har in kwestje fan respekt, fan it rjocht fan de libbenen, dy t oergeane ta de deaden. Dat rjocht moat garandearre wurde troch de famylje en omdat ek har âlders fan it toaniel ferdwûn binne, tinkt Antigone dat hja dizze plicht ferfolje moat, ek al kostet dat har libben. Antigone hannelet dus om in konflikt fan de steat tsjinoer dat fan de famylje. Dat dêrby ek ferskillende goaden oanroppen wurde, makket it stik foar ús amper minder tagonklik. It stik is hiel helder fan taal en like simpel as doeltreffend wurdt it ferteld. Allinne de koargedieltes kinne noch wolris swierrichheden opleverje. HB