Sinteklaas sit sûnder

Sinteklaas hat in grut probleem, Pee-ie-tee is fuort. En al syn helpers ek.
De echte namme fam Pee-ie-tee mei ek net mear sein wurde.
Der moatte noch in hele protte pakjes nei de bern brocht wurde, dus Sinteklaas hat help nedich.
De earste help is net sa’n bêste help. Sy wol sels de moaiste kadootsjes ha.
Mar einlings kriget Sinteklaas dan goede helpen, en wurde de kadootsjes nei de bern ta brocht.

De apel foar de moaiste

Dit stik is in komyske werjefte fan it ferhaal út de Grykse mytology: it Paris-oardiel. It is geskikt foar feesten mei as tema: Griken en Romeinen.

It begjint op de brulloft fan Thetis en Peleus, dêr’t ien goadinne net útnûge is. Se komt dochs en smyt in apel tusken de gasten mei de tekst: ‘foar de moaiste’. Dit soarget foar ûnrêst en skeel tusken de gasten. Oppergod Zeus ornearret dat trije goadinnen mar nei de skieppehoeder Paris gean moatte, dy sil wol in objektyf oardiel hawwe.
De twadde sêne is by Paris op de berch Ida. De trije goadinnen, meinommen troch de boade Hermes, paradearje foar Paris en besykje him om te keapjen. As de goadinne fan de leafde Paris taseit dat er trouwe mei mei de moaiste frou fan de wrâld is er gau út de rie. Hy seit dat Aphrodite de moaiste frou is. De oare goadinnen binne lilk en foarspelle de Trojaanse oarloch. Mar yn dit stik rint it oars ôf as yn it mytyske ferhaal.

Stijn hat flinters yn ‘e bûk

Stijn en Ine binne fereale. Stijn fielt him eins net sa lekker en kriget spul mei Ine. Yn it sikehûs komme se derachter dat er diabetes hat. Stijn skammet him hjir foar en fertelt dit allinnich oan syn freon Bart.
Werner dy’t ek by Stijn yn ‘e klasse sit, sjocht dat Stijn ynsuline ynspuitet en hy fertelt de klasselearaar dat Stijn drugs brûkt.
As Stijn dan ek noch in kear in hypo kriget, wurdt alles oer diabetes noch in kear goed útlein yn it sikehûs. Stijn en Ine prate it út en hawwe gjin rûzje mear.

De gouden strik/Sorry

De gouden strik:
Lys fersoarget har heit, dy’t nei in beroerte net mear prate en ek hast net mear bewege kin. Op âldjiersdei moetet se har eardere freondinne, dy’t doedestiids samar út har libben ferdwûn. Tidens dat gesprek wurdt it de beide froulju dudlik, dat de heit de reden wie fan dat hastige fuortgean. Anna, violiste en Lys, dwarsfluitiste soenen tegearre nei it konservatorium. Se spilen faak by Lys thús. Har heit hie in wat wrâldfrjemde kollega, dy’t noch by syn mem wenne. As der problemen wienen stjoerde heit Lys derhinne, sadat hy allinne mei Anne bleau, ûnderwilens makke hy seksuele avances.
In stik oer seksueel misbrûk, macht en wraak. Tige geschikt om op in temajûn te brûken.
Sorry:
Kees Smids is op advys fan syn dokter lid fan in toanielferiening, dit jier fersoarget hy it dekor. Yn syn monolooch makket er it publyk dudlik dat er tsjinwurdich genôch stikken binne oer ûnderwerpen wer’t gjin taboe mear op rêst. Op humoristyske wize fertelt er der oer, mar lit him meislepe troch syn eigen gefoelens fan fertriet en frustraasje. Kees en syn frou Antsje kinne gjin bern mear krije. Harren jonkje Durk hat it stekje iepenkrigen en is ferûngelokke, de hûn blafte wol, mar Antsje reagearre net. No ferwyt se Kees dat dy it stekje net goed ticht dien hie. Tegearre kinne se der net oer prate.
Ek foar dit stik jildt: geschikt foar in temajûn of ienakterfestival.

Skytmerakels

In petear ûnder iten tusken man en frou.
Sawat alle foaroardielen en foarmen fan diskriminaasje dy’t der besteane komme op it aljemint.
Moat troch in pear betûfte spilers spile wurde.

De bal is rûn

De fuotbalklub “Swart-Wyt” hat, bûten eigen fermidden om, in nije foarsitter beneamd. Dizze tinkt oer gâns dingen oars as dat men yn ‘e fuotbalwrâld wend is. Dat docht fuort al bliken as ien fan de bêste spilers de auto fan de foarsitter efkes “lient” en him tsjin in lantearnepeal stilhâlde lit. De foarsitter, poerrazen, behellet de plysje der yn en dan wiist it mâl: de bêste spiler opsluten en in belangrike wedstriid op hannen! Hoe no? Nei in bulte iggewearjen slagget it bestjoer der yn him fòàr de wedstriid frij te krijen.
Ut de kantine wei, dêr ’t twa froulju it behear oer hawwe, wurdt it ferrin fan ‘e wedstriid dúdlik makke.

Túten en strafskoppen

De famylje Grasma sit fol fan it fuotbaljen. Heit Grasma is sponsor fan de pleatslike fuotbalklup. Hy is direkteur fan in fabryk fan froulju’s-ûnderguod. Der is altyd wol wat mei him, alle kwalen binne sines. Syn frou en de bern ha bytiden skjin har nocht fan dat geeamel. It is allegear ynbylding, dokter komt alle dagen oer de flier, mar dat is mear foar de buorrel. Der bine ek noch al wat leafdesperikelen. Jaap, in hiele bêste fuotballer, wennet by har yn. In Hollanner, no, dêr mei Grasma alhielendal net oer. Jaap leit it oan mei in dochter fan him mar hy mei de mem ek wol lije. Grasma fernimt dat en wol him fuort ha! Dan wurdt de boel goed yn ‘e bulten jage, want hja wolle dêr graach in nij sportkompleks ha, mar dan moat de pleatslike ploech wol winne en sûnder Jaap wurdt dat fansels neat.
Dochs komt alles noch wer goed, Grasma kriget noch in moaie slompe jild foar in stik lân, it wurdt noch in fleurich man, hy fielt him hieltyd better en better. Ek mei de leafde giet it foar wûnder, dus alle reden om bliid en gelokkich te wêzen, en dan is it FEEST.