De feint fan twa masters

Sanny Draaier is feint by Siderius Heroma út Hearum. Mar om wat mear bûsjild te hawwen soe hy der eins wol in master by ha kinne. At jo no foar ien as foar twa de brieven fan de post helje, dat kin wol yn ien loop. It slagget him om der in twadde master by te krijen mar dan begjinne de tûkelteammen pas goed. Om’t Sanny net lêze kin hellet er de brieven troch elkoar, hjir wit er him noch út te rêden,mar at de beide masters tagelyk ite wolle makket hy der in potsje fan om’t er net wit welk iten at foar welke master is.
Kommintaar:
In prachtige komeedzje dy’t troch Tryater rûnom yn Fryslân spile is. It is en bliuwt in nijsgjirrich stik, wêr’t troch in ploech dy’t fan in útdaging hâldt, in protte wille oan te belibjen is.
NB! It stik is net allinich in oersetting, mar ek in bewurking. Dat jilt ek foar hollânske oersettingen, lykas dy fan Ernst van Altena en dy fan Erik Vos.

GD

Gjin dei spyt

Kim is krekt by de man wei en wennet foar ’t earst yn har libben allinnich. Mar de rêst dy’t se siket fynt se net. Suster Laura, mem Sophie en freon Dennis komme te pas en te ûnpas lâns. Laura en Sophie meitsje har drokker om de ‘dwaze dagen’ fan de V&D as oer wat him ôfspilet yn it libben fan Kim. Tim, in freon fan Dennis, komt ek del en lit net allinnich de herten fan de froulju hurder klopje, mar ek dat fan Dennis. mar foar wa kloppet Tim syn hert eins hurder?

Ach en wee – state

Theo en Trees, soan en dochter fan de legindaryske Bariton fan de Klaai sette syn klienkeunsttradysje fuort. In slagge boekeramsjer hat harren ynhierd foar syn personielsútsje, om se sa te stypjen en in kâns te jaan op in breder publyk. As de groep komt blykt der lykwols folle mear belangstelling foar it iten as foar it optreden. It wurdt in geweldige ôfknapper. De nije technikus Foead, ynhierd fia in regeling fan it arbeidsburo, docht der alles oan om it duo troch de jûn te skuorren en nimt sels it programma oer. It is de ein fan it duo.

Par

‘Par’ giet oer it groepsgefoel dat ûnmisber foar jongelju is by de ûntwikkeling fan in eigen identi­teit. It is feilich en prachtich om by in groep te hearren, mar o wee as immen fan in oare groep jin in strie dwers leit. Dan wolle by in oantal jonges de hantsjes wolris los oan it liif sitte.
Alles yn ‘Par’ draait om de groep!

Op folle see

Trije kreas klaaide mannen sitte by inoar op in flot op folle see. Se liede skipbreuk. Harren foarried iten is op en ien fan de trije sil no opiten wurde. Troch in seleksje yn ‘e foarm fan in ferkiezingskampanje falt it lot op de Lytse. De Middelste leit alfêst it itersark klear. De komst fan de post mei in telegram en fan in keamerfeint dy’t in ûnthulling docht, kin gjin feroaring yn de situaasje bringe. De argumentaasje is sa sterk dat dizze ta macht wurdt.
De Dikke en de Middelste sitte klear mei mes en foarke. De Lytse fielt him no einliks in kompleet mins en hâldt oan é ein noch in koarte redefiering oer de ynhâld fan it begrip ‘frijheid’. Syn oarspronklike gefrjocht om syn hûd te rêden is totaal fuort riddeneard.

Alle hens op it toaniel

In tal learlingen fan in middelbere skoalle wolle in toanielstik op ‘e planken bringe. Mar it haad fan ‘e skoalle wol gjin tastimming jaan. As ien fan ‘e learlingen him betrapet mei de learares skiekunde wurdt hy troch de learlingen ûnder druk setten en jout úteinlik dochs syn tastimming.
Op ‘e jûn fan de foarstelling blykt dat trije spilers der net binne en wurde minsken út it publyk frege om dizze rollen te spyljen. Under druk fan syn frou lit Spier him oerhelje de rol fan kaptein te spyljen.
It toanielstik dat de learlingen en dosinten op ‘e planken bringe, giet oer in kaptein en in stikmannich passazjiers dy’t, troch dat it skip wêr’t sy op sieten sonken is, oanspield binne op in ûnbewenne eilân.
It is foar de regisseur in hiele opjefte de trije debutanten by de les te hâlden en as op ’t lêst elkenien op it toaniel leaut dat it skip echt sonken is en dat se echt op in ûnbewenne eilân sitte, is de betizing folslein.

Appelbeamkes

Bert en Geartsje, futters, sille in wrâldreis meitsje. Se ha it hûs ferkocht en der is in kamper foar yn ’t plak kaam. De earste jûns fan ‘e reis bedarje se yn it kafee fan it doarp út har jeugd. Geartsje woe der graach noch ienkear del. It blykt dat Geartsje oait wat hân hat mei Sytse, de eigner fan it kafee. As Bert nei de snackbar ôfset, om ’t er net langer op iten wachtsje wol, rekket Geartsje yn petear mei ober Sjoerd. Hy is de soan fan Sytse. Geartsje bekend Sjoerd yn in yntym petear dat se oait swier wie fan Sytse, mar dat it útdraaide op in miskream. As Sjoers seit dat syn heit sa wer thúskomt, wol Geartsje dêr net op wachtsje. Se is bang foar Bert syn oergeunst, mar it feit dat se Sjoerd sjoen hat, is har genôch.

Unferwacht treffen

Trije stellen sitte te iten, apart oan trije tafeltsjes. Wy folgje hyltyd it petear per tafel. It docht bliken dat Jaap en Siem elkoar kenne fan Doarpsbelang en sa te hearren sit der nochal wat âld sear oer en wer. Jaap is kweker en leveret alle jierren plantsjes oan Doarpsbelang foar de fersiering fan it doarpsplein. Siem is bestjoerslid fan Doarpsbelang en fynt Jaap mar in minne kweker. Jaap lykwols hat it oer Siem, it bestjoerslid dat altyd wat te mekkerjen hat. En dan Pee, waans frou Monique alle jierren foar de plantsjes op it plein soarget. Hy fynt dat syn frou te min wurdearring kriget fan it bestjoer. Allegear argewaasje dus, mar as de trije mannen elkoar even letter treffe om ’t se nei it húske moatte, dan is der fan lekskoaien gjin sprake mear: Jaap is in bêste kweker en Siem is in topbestjoerder. Se prate ôf dat se nei it húskebesyk de trije tafels gesellich tsjinelkoar skowe..

It kofferke fan Professor Ferstân

Professor Ferstân sil foar de Keninginne in demonstraasje jaan fan syn nijste útfining: de robotmasine. Mei dizze masine kin de professor elk minske feroarje yn in robot en him dwaan litte wat him opdroegen wurdt. In gefaarlike útfining lykwols as er yn ferkearde hannen falt. En dat is no krekt wat al gebeurd. Want ûnderweis yn ‘e taksi nei it paleis wurde de professor en syn assistinte Koosje oerfallen troch it boevepear Sytse en Tutteblei. It doch bliken dat sy suverkrekt út ‘e finzenis ûntsnapt binne. Se stelle dan net allinne it kofferke mei de robotmasine, mar ek de klean fan de professor en syn assistinte. Op ‘e flecht bedarje Sytse en Tutteblei yn it kafee fan Hylke en Gryt Tapper. As letter de professor en Koosje, yn boeveklean, ek it kafee binnenstappe is de konsternaasje grut. Dan blykt it kaptaal fan buorfrou Albegear stellen te wêzen en dat moat moaiwis in gefolch wêze fan it yn wurk setten fan de robotmasine…

Do silst libje

Om’t Saloman Perel( sprek út Pèrèl) him de lêste tiid tryst fielt en lêst hat fan sliepelezens, rieplachtet hy in psychiater. Oan dizze psychiater, dokter Heinz Tauber, fertelt hy syn libbensferhaal. Hy fertelt hoe’t hy as Dútske Joad op syn flecht nei it easten yn in Russysk weeshûs telâne kaam. Under it bombardemint moatte hy en oare weesbern flechtsje en falt Sally yn hannen fan de Dútsers. Op de fraach fan in Dútske Offisier oft hy Joad is, andert Sally mei nee en seit dat syn namme Jupp Perjell is. Fan dat stuit nimt Sally’s libben in bizarre kear. Om’t er floeiend Russysk prate kin wurdt hy nei it front stjoerd, wer’t hy as tolk ynset wurdt. Op foarspraak fan in hege Dútske offisier komt hy telâne yn de Hitlerjongereinskoalle yn Braunschweig. Hjir hâldt er fjouwer jier ta, sûnder dat de skoallelieding en syn meilearlingen derefter komme dat hy in Joad is. It is in trochrinnend alert wêzen om net ûntdekt te wurden en nei ferrin fan tiid wurdt it foar Sally swier om de beide persoanlikheden yn himsels in plak te jaan. Jierren letter kampet Salomon noch altyd mei in persoanlikheidsfersteuring en moat de Joad Salomon Perel noch altyd libje mei de Hitlerjonge Jupp.

De flok fan Valkenstein

Slot “Valkenstein” wurdt bewenne troch graaf Rudolf XX en syn trouwe feint Jehannes. Tegearre besykje se yn ferbân mei de earnstige finansjele sitewaasje de holle boppe wetter te hâlden. Nachts dwale de geasten fan Rudolf de Frek en Rudolf de Soutmoedige om.. Omdat dy beide tragysk oan harren ein kaam binne, rêst der in flok op harren:
Rudolf de Frek moat besykje om it sabeare-ferlerne famyljekapitaal oant op de lêste sint te tellen en Rudolf de Stoutmoedige moat besykje om nije fijannen fan “Valkenstein” te ferdiuwen. Nei ieuwen krije se harren kâns, as twa trochtrape dogeneaten fan bankdirekteuren, Habbekrats en Jildstriker besykje om it slot goedkeap yn hannen te krijen. Se wolle it ferbouwe ta in lúks hotel, en om dat doel te berikken ferfalskje se allerhanne geskriften én se hiere spoekejagers yn. De spoeken witte lykwols de bedragers te ûntmaskerjen en de spoekejagers te ferdriuwen. Sa wurdt Rudolf de Stoumoedige fan syn flok ferlost. Om út ‘e skulden te kommen, beslute graaf Rudolf en Jehannes om it kastiel iepen te stellen as jeugdherberg.
Yn ‘e nacht moetsje guon bern de iensume Rudolf de Frek; se helpe him om it famyljekapitaal te tellen en ferlosse him dêrmei fan syn flok. Mei it weromfûne famyljekapitaal kin it stamslot op haren en snaren rêden wurde. ‘De flok fan Valkenstein’is in stik mei de noadige ôfwikseling, humor en spanning….

It jierdeifeestje fan Miss Sophie

In itentjse foar seis persoanen by de âlde ‘Miss Sophie’. Om’t de gasten ferstoarn binne is de âlde butler ferplicht om njonken it servearjen ek de plak fan de oare personaazjes yn te nimmen by it ’toasten’. Sels stomdronken bliuwt er syn bêst dwaan. .

Komkommertiid

Mary hat in priis wûn en mei Gerrit har man mei se nei in hotel op it plattelân. De keamer njonken harres wurdt troch de pikolo Frits tawiisd oan Marion, wylst Josefien, de hotelhâldster, dy krekt ferhierd hat oan in jong stel. Tusken beide keamers is in doar dy’t op slot sit, mar Gerrit prutst krekt sa lang oant er him iepen hat en sa troch it kaaisgat de buofrou begnuve kin. Hy is der glêd mei oan, want de buorfrou is syn minnares en hy wol sa gau mooglik nei hûs. Marion fernimt de gnuvery en docht har ferhaal by pikolo Frits dy’t har dan treasket. Josefien betrapet harren en is poerrazend op Frits.
It fereale jonge stel sil op foto set wurde troch in sjoernaliste dy’t in repotaazje meitje sil fan priiswinneres Mary. It komt dan út dat de âlders fan Hans yn de oare keamer binne en dy witte neat fan Claudia en Hans. In protte misbegripen en betizing, mar alles komt goed.

As de bisten prate koene

In keppeltsje bisten, dy’t ûnder de kwint fan harren minskebazen steane komme yn opstân. Sy fine de bazen dom en dy hâlde gjin rekken mei wat in bist wol.
Sy sette ôf mar komme werom: de frijheid foel tsjin.

Lintsjes, iisbearen en it Nirvana

Dr. John Wilson hat in lintsje krigen en jout dêrom mei syn frou Mildred in feestje. Op it sjike feestje wurde ek de houliksperikelen bepraat; de froulju spylje iepn kaart en de manlju hâlde earst de skyn op. De froulju betinke dat it foar harren houlik faaks wol goed wêze soe en sjoch ris by in oar. sa wurde pearen al gau troch elkoar hutsele en sjogge wy oare kombinaasjes wêrby de saneamde húsfeint flink meihelpt.
Mildred docht hat foar as in grize mûs en oan it ein fan it stik kriget se John wer hielendal oan har side troch him te fertellen hoe’f sy de oare manlju fûn. John skrikt hjirfan en jout har wer alle oandacht dy’t se ha woe.

De gouden strik/Sorry

De gouden strik:
Lys fersoarget har heit, dy’t nei in beroerte net mear prate en ek hast net mear bewege kin. Op âldjiersdei moetet se har eardere freondinne, dy’t doedestiids samar út har libben ferdwûn. Tidens dat gesprek wurdt it de beide froulju dudlik, dat de heit de reden wie fan dat hastige fuortgean. Anna, violiste en Lys, dwarsfluitiste soenen tegearre nei it konservatorium. Se spilen faak by Lys thús. Har heit hie in wat wrâldfrjemde kollega, dy’t noch by syn mem wenne. As der problemen wienen stjoerde heit Lys derhinne, sadat hy allinne mei Anne bleau, ûnderwilens makke hy seksuele avances.
In stik oer seksueel misbrûk, macht en wraak. Tige geschikt om op in temajûn te brûken.
Sorry:
Kees Smids is op advys fan syn dokter lid fan in toanielferiening, dit jier fersoarget hy it dekor. Yn syn monolooch makket er it publyk dudlik dat er tsjinwurdich genôch stikken binne oer ûnderwerpen wer’t gjin taboe mear op rêst. Op humoristyske wize fertelt er der oer, mar lit him meislepe troch syn eigen gefoelens fan fertriet en frustraasje. Kees en syn frou Antsje kinne gjin bern mear krije. Harren jonkje Durk hat it stekje iepenkrigen en is ferûngelokke, de hûn blafte wol, mar Antsje reagearre net. No ferwyt se Kees dat dy it stekje net goed ticht dien hie. Tegearre kinne se der net oer prate.
Ek foar dit stik jildt: geschikt foar in temajûn of ienakterfestival.

Ferfalske

It stik spilet him ôf yn in atelier/húskeamer fan in skilder. De skilder ferfalske eartiids skilderijen; doe ’t de kenners hjir efter kamen, waard it him te hjit ûnder de fuotten en flechtte hy mei in frou nei Súd-Afrika.
Syn eks-frou, dy’t him net snuven hearre mei, en dochter bliuwe yn Nederlân efter. It ferhaal begjint op it stuit dat de plysje de dochter freget nei it atelier (yn Nederlân) fan har heit te kommen, omdat har heit, dy’t sy net ken, dêr fermoardde fûn is. Hja komt mei har freon – in krekt ôfstudearre keunstkenner- nei it atelier en wurde dêr troch in “inspekteur” opfongen.
Fierder draait it ferhaal foaral om in echt skilderij dat in protte jild wurdich is. De man tinkt dat syn eks dat earne ferstoppe hat.
Uteinlik blykt de skilder net fermoarde te wêzen (hy is de “inspekteur”), hy wurdt troch de freon fan syn dochter ûntmakere.
Al mei al in echte skriller.

Witwatjewolle.nl

It stik giet oer de handichheid fan de jeugd mei kompjoeters tsjinoer de handichheid fan de âlderen mei kompjoeters. De âlderen wolle neat fan de jeugd oannimme en komme raar yn de knipe te sitten.
Geschikt foar in feestlike âlderjûn. Der kinne in soad bern meidwaan en it is fan dizze tiid.

De koai

Yn in krante stie: ‘…by in hússiking waard in jongeman yn in koai oantroffen. Ut in wiidweidich ûndersyk die bliken dat dizze ôfsûndering frijwillich wie’.
Dit stik makket dúdlik wat achter dit nijsgjirrige kranteberjocht sit.
It stik spilet yn Itaalje. De haadrolspiler kin it folsleine wurk fan Tjechov út ‘e holle. Hy libbet yn in koai, is betiden sels (hast) Tjechov. It hâlden en dragen fan elkenien wurdt ferlike mei de figueren fan Tjechov.
De hiele famylje en de oantrouden libje om de koai hinne.
Foaral de mem, mar ek de oaren, besykje him út de koai te krijen.
Neffens it kranteberjocht slagget dat dus net.

Werom yn de tiid

Minsken (bern) moetsje elkoar en binne hiel benijd oer tastannen en foarwerpen fan doe en no. Der komme moaie lieten yn foar, werfan de muzyk beschikber is.
Muzikale, handige en kreative minsken kinne hjirmei in aardige bernefoarstelling meitsje.