Ekseem
In skildersbedriuw wurdt foar de fjirde kear frege om de foardoar oer te skilderjen. Foar sa’n heech bedrach mei der doch wol kwaliteit ferwachte wurde. “Kâlde Kak” fynt de jongste skilder en hy nimt op in prachtige wize wraak.
In skildersbedriuw wurdt foar de fjirde kear frege om de foardoar oer te skilderjen. Foar sa’n heech bedrach mei der doch wol kwaliteit ferwachte wurde. “Kâlde Kak” fynt de jongste skilder en hy nimt op in prachtige wize wraak.
Yn it lân fan Keninginne Izebaits is wolfeart en rykdom.
Mei har soannen, Drip, Drup en Drop, in trijeling, soe se hiel gelokkich wêze moatte.
Hoe ’t it sa kommen is wit net ien, mar Keninginne Izebaits kin net mear laitsje. Dêr hat se in soad fertriet fan en is sels sa mismoedich, dat oaren yn har Ryk ek net mear laitsje meie. Ek har eigen bern net.
Dan betinkt Spion in snoad plan. Sûnder dat Izebaits it wit, docht hy as is er de Keninginne en stjoert alles en elkenien, ek it leger nei it Bûtenlân ta. De Bûtenlanners soene de Laits fan de Keninginne grif stellen ha.
Syn bedoeling is dan troch mei de Keninginne te trouwen, sels Kening te wurden.
Gelokkich pakt it aventoer wat oars út en komt alles wer op syn poatsjes telâne.
Frou Killebuur (bytsje kak) en frou Kwakkelei (bytsje folks) binne keppele om by de doarren lâns te gean om hantekeningen op te heljen tsjin sinleas geweld en fulgêrens. Ien fan de earste hûzen wurdt bewenne troch Flens, in keunstskilder, dy’t der goed útsjocht. Se binne samar binnen en krije kofje. Frou Kwakkelei fertelt ferhalen oer Flens dy’t rûn geane en oer syn modellen. Se besjogge in skilderij fan in bleate frou sûnder skonken.
Dat wit Flens de froulju te paaien mei syn poetyske útspraken oer harren skonken. Al gau komme de hantekeningen op it twadde plak en dogge se alles om de oandacht te krijen fan Flens. Oant frou Kwakkelei twa skonken fynt yn de kelder…!
De jonge keizer Narcissus genietet fan syn macht. Om dy út te strjieljen, draacht er alle dagen nije klean, makke troch de knapste kleanmakkers fan it lân. De keizer tinkt ek oan trouwen en hat de Prinsesse van Neistebylân op it each as syn takomstige frou. Dy wol earst wolris sjen wat foar man dy Narcissus is en hat dêrom as Harmke in baantsje as begjinnend klaaister op it paleis oannommen. Narcissus fynt yn de tuskentiid alle klean saai. Dissonante freget dan twa man om foar Sjineeske kleanmakkers te spyljen: Ping en Pong. Dy beweare dat se wrâldferneamd binne omdat se in spesjale tried meitsje kinne wêr’t prachtige klean fan weefd wurde kinne.
Harmke hat wol troch dat it trochstutsen kaart is en besiket de keizer te warskôgjen, mar dy wol it net leauwe.
Harmke wurdt ûntslein en giet wer nei har eigen lân.De keizer lûkt foar de parade de tige tinne en lichte klean oan, mar dan flapt ien der út dat de keizer yn syn ûnderguod rint. De minsken wurde opsternaat, dissonante wol de keizer dan ôfsette, mar Harmke jout gau har mantel oan de keizer en wit it folk del te bêdzjen troch te sizzen: “De keizer is allinne mar in bytsje dom west”.
Jan van der Molen komt, nei’t er jierren ergens oars wenne hat, werom yn it doarp dêr’t er opgroeid is. Elk neamde him doedestiids ‘Mâle Jan’. Sa hie en hat ek no hast elke ynwenner fan it doarp in bynamme.
Jan wol in boek skriuwe oer syn heit. Dizze dryste skoalmaster, dy’t as bynamme ‘Dolle Dries’ hie, waard nei in skeel mei de korrupte wethâlder Van Beerenschot (De Bear), ûnskuldich yn de sel set en is dêr ek ferstoarn. Mâle Jan krijt ûnderdak yn it ferboude hinnehok fan Jaap de Brave (Jaap Wichel) en syn frou Els (Goudelske). Yn datselde hinnehok hat Jan syn heit ek taholden yn de wiken foar it proses. Jan wol yn dat hinnehok de iensumens fan syn heit ynfiele en de wierheid achterhelje. Al gau wurdt dúdlik dat der net folle feroare is. De post wurdt, foar dat it besoarge wurdt, earst altyd lêzen en trochferteld troch postrinder Sijke Potter. (Sijke Slik) Minsken yn it doarp fleane elkoar om neat nei de strôt en binne yn kampen ferdield. Mar se binne ek goed yn it tadekken fan eardere aaklike saken sa as dy mei ‘Dolle Dries’. Boppe-al is it noch altyd ‘De Bear’ dy’t as wethâlder manipulearret, dominearret en achter de froulju oan sit. Al gau rekket Jan, tsjin syn sin trouwens, fertize yn alderlei konflikten en leafde – affêres. It rint mei ‘Mâle Jan’ oars ôf as mei syn heit. Sels rint er fêst yn de ûntstiene situaasje en dûkt ûnder as in kluzener. Gelokkich is it de flegmatike Jaap Wichel dy’t, mei syn wichelroede, him wer wekker skoddet. Mar it is foaral Bette (Rotsje), de ‘punkerige’ dochter fan Jaap, dy’t him helpt om de wierheid boppe tafel te krijen. Se wit ‘De Bear’ op like grappige as effektive wize te bestriden en hy moat syn ferlies tajaan. Dan kin Jan einlings it boek oer syn heit skriuwe en syn soan kin er aansen de earfolle namme Dries van der Molen jaan.
Frou Haver, of leaver Beppe Haverklap, de noch krasse en eigensinnige bewenner fan ‘De Haverklap’, in lyts húske dat oan in pleintsje stiet, is ûntslein út klinyk ‘Bosrust’. Dêr hat se in heal jier ûnder twang sitten. Beppe is lykwols noait ‘gek’ west, mar har hûs stiet altyd iepen foar minsken mei problemen en dat steurt de buorlju. Dêr komt noch by dat deselde buorlju har grutte tún anneksearje wolle. Om dit te berikken stelle se alles yn ‘t wurk. Se gean dêr foar yn it geheim relaasjes oan mei de pleatslike gesachdragers. De ‘hystearyske’ Martha Muysch giet frjemd mei Bastiaan, de sjef fan de plysje. De ‘sûplap’ Roderick Bastogne hat in affêre mei de dominante boargemaster Anna de Gier. Yntusken gunne de buorlju mekoar it ljocht yn de eagen net. Mar hoe dan ek, Beppe moat wer nei ‘Bosrust’. Dan, yn de iere moarn, wurdt der sketten en folgje de foarfallen mekoar yn in heech tempo op. It iene is noch net west of it oare is der al wer. De plysjes Lola en Herman komme yn aksje, en Sjoerd, dy’t lêst hat fan it ‘Doornroosje – kompleks’, rekket ûnderdak yn ‘De Haverklap’. Pien van Donderen nimt wraak op har man, de sjef fan de plysje, dokter Popke van Boven, de dokter dy’t Beppe yn ‘Bosrust’ behannele hat, soarget der foar dat Beppe wer opnommen wurdt. Mar Beppe soe Beppe net wêze at se it net wer foarelkoar krige om ‘Bosrust’ wer te ferlitten. En no hat se noch mear fjoer yn har as earder. Dan blykt dat se folle mear freonen hat as at se tocht hie. Ut in net ferwachte hoeke krijt se steun om ‘De Haverklap’ te ferdigenjen. ‘Dy’t net sterk is moat slim wêze’ is har motto. Nei alle heisa om ‘De Haverklap’, keart úteinlik de rêst werom op it plein.
Muoike Douts is ferstoarn en de famylje Keyser komt nei in besletten begraffenis by elkoar yn de wenning fan de ferstoarne. Muoike hat oait in suksesfolle aktrise west, mar is altyd it swarte skiep bleaun fan de famylje. De Islamityske frou dy ’t de famylje ûntfangt liket de húshâldlike help te wêzen fan muoike. Trije muoikesizzers mei harren partners ferwachtsje dúdlikheid oer it neilittenskip te hearren en binne der klear foar om dêrfoar striid te leverjen. Net ien fan allen hat de lêste tiid kontakt mei muoike hân. Hast elkenien docht foarkomme dat der in hechte bân wie. Al gau wurdt it in toulûkerij om dingen as de Mingfaas en it Dali-skilderij, mar fral wurdt der socht nei it famyljecollier. It is hiel goed mooglik dat it collier yn oare hannen telâne kaam is. Op de dei fan de begraffenis docht bliken dat muoike har oansletten hat by in lytse sekte; it Keppeltsje. De “Harder” dy’t de begraffenis regele, hat in boadskip fan muoike; troch alderlei ûngelokjes bliuwt it boadskip lang ûndúdlik. Bestiet der echt wol in keppel en wêrom keapet Eppo samar twa djoere flessen sjampaje en is it skilderij wol in echte Dali en is de Ming dy ’t stikken fallen is wol in echte Ming… en de grutste fraach…is der wol in testamint? In soad ferwikkelingen, mar lang om let as de Harder troch de koer fallen is as de bedrager, komt der ljocht yn de saak, mar dochs is de ûntknoping noch hiel ûnferwachts.
Klamme Lape is in lyts keuterboerke, sa earm as in lûs en hy hat al in jier “ferkearing” mei Gepke, dy’t gâns jild hat. Klamme is net ien fan de snoadsten, hy hat in mini-camping, in help foar heale dagen en al gaueftich gjin ferkearing mear mei Gepke, want dy wol alles. mar wat se wol hat Klamme gjin aan fan. Om’t Gepke al it jild dat se oan Klamme liend hat werom ha wol sit Klamme op “swart sied”. De beide biologen Mintsje en Hillebrant tinke dat it nijsgjirrich is foar harren siedûndersyk en keapman Simon mei syn assistinte Wipkje tinke dat it mei drugs te meitsjen hat. Fansels jout dat oanlieding ta allerhanne ferwikkelingen en misferstannen.
“Stunt” wie eartiids de namme fan in ploech learlingen fan in middelbere skoalle, dat mei in learares op Himelfeartsdei in stunt plichte út te heljen. No hawwe de fjouwer in útnoeging krige om op Himelfeartsdei te kommen yn in âld boatehûs oan’e mar, dêr’t se earder ek gauris tahâlden. Ek de learares komt opdaagjen. Sy, Moerman, wie op skoalle net mear te hanthavenjen en docht no literêr wurk. Hindrik Jan siet yn’e horeka mar waard troch syn klasgenoat, oannimmer Bouwe, bedondere en moast mei syn bedriuw ophâlde, hy is no dichter. Moerman moat neat fan syn wurk ha. Anita is wethâlder fan Burgumerdaam en hat sa ek wol mei Bouwe te krijen. Yn harren petearen is te merken dat se in plan bekokstove om op dit plak oan’e mar in grut rekreaasje-oarde te stiftsjen. Fierder is der noch Binse, dy’t as útjouwer in bulte fertsjinne hat mei in bepaald soarte fan boekjes, mar dy’t no allinne noch mar nei fiskjen taalt. Hy set mei Moerman har boat de mar op om in mieltsje te fangen. Dan komt Wyts noch, dy’t eartiids altyd neaken swom, mar no in mem mei fjouwer bern is. Hindrik Jan sil ek besykje te fiskjen, mar kriget Bouwe oan’e heak, de wûne begjint raar op te spyljen en de oannimmer wurdt koartsich. Se jouwe harren foar de nacht del.
De oare deis komt der in jongfaam, Bontsje, dy’t in reportaazje meitsje wol foar in skoalkrante. Se is tige op’e hichte mei allerhanne feiten en soks smakket elts net; Binse komt ek wer opdûken, mei syn mieltsje: rikke iel!
Stadich komt ek oan it ljocht wat Bouwe syn plannen binne, hy hat al in bulldoazer mei in keet klear stean, mar Moerman wurdt wyld en rydt it spul de mar yn.
By eintsjebeslút blykt Binse alles opset te hawwen om Bouwe syn plannen foar te kommen en de rêst en de natoer te sparjen. Bontsje is syn frou.
De pensjongasten fan Piter Sekuer en Roaske Krekt komme der achter dat dy beiden in jubileum te betinken hawwe. Dit wurdt in hiel o heden, alle gasten sille en wolle op harren eigen wize eat nei foaren bringe.
It rint fansels op bargebiten út, wat minder is: Piter en Roaske krije ek spul. Dat rint sa heech op, dat se elk foar oar in pensjon begjinne. De keamer wurdt yn twaën part, oan’e iene kant de manlju en oan de oare kant de froulju. Mar minsken dy’t it elkoar miene komme dochs altyd wer ta elkoar, sa ek Piter en Roas. Sokke oanslaggen kosje jild fansels, mar gelokkich winne se in haadpriis yn’e lotterij. Nei in protte wriuwen en kreawen wurdt dy priis omruile tsjin de grutte skulden dy’t se by de “klusjesman” ha. Dizze keapet dêrmei lykwols in kat yn’e sek…..
Aukje Koekoek, weesbern en tige slagge sakefrou, fynt op har 60ste dat se sa graach dochs famylje hawwe wol. Se hat Koekoekseilân kocht en dêr oare Koekoeken noege om te sjen oft dy oan har famyljebyld foldogge. Mei har notaris, Tjitte, en bodyguard Popke en sysels yn ‘e rol fan biologysk túnwyfke, wachtet se de oare Koekoeken op:
Foppe mei in sibbekundige tic, Mimi Coucou – model met ferlet fan jild -, Kije, de oerspande learaar, syn eks Tunniske en dochter Lummy en as net-noege Koekoek Frau Doktor Erika.
Dy lêste wurdt troch de oare gasten sjoen as de ûnbekende rike muoike, mar se blykt yn werklikheid in bedriuwsspionne te wêzen dy’t op Aukje har patint út is.
It wurdt fansels in tizeboel wêrby’t de measten oan ’t koartste ein lûke en oft Aukje der famylje oan oerhâldt?
It stik sketst in man, eartiids tige eptich, foarkommend en skerp fan ferstân, dy’t no dementearret. Syn frou besiket dat noch wat te behimmeljen foar bern en kunde oer. De skoandochter, frou fan harren ferstoarne soan, hat dat goed yn ‘e gaten en wit mei koartswyl noch kontakt mei heit te hâlden. De dochter, dy’t út Haren wei op jierdeibesite komt, wit net hoe slim as it winliken is mei har âlden. Har mem moat eins in nije heup ha, mar skytskoarret der tsjinoan omdat heit net allinne wenje kin. It útstel fan de skoandochter om tydlik plak te sykjen yn it âldereintehûs wol se earst neat fan witte, mar yn ‘e hope dat se letter dochs noch wer foar har man soargje kin, beslút se om har operearje te litten.
In tige werkenber en mei humor útwurke stikje; de oersetter hat keazen foar Oerterp mar it seit himsels dat elk de nammen oanpasse kin oan pleatslike omstannichheden.