De wachtkeamer

Tema: wachtkeamerpraat (yn dit gefal by in ‘helderziende’).
Yn de wachtkeamer sitte: in boekhâlder fan 60 jier, in folksfrou fan 45 jier en in betonarbeider fan 50 jier. Ek in skoaljuffer, dy’t wat apart sit, en 30 jier âld is, heart ta it selskip.
As it begjint lit in foech fanke, dat de pasjinten der yn lit, in grouwe boer troch de doar en dan is it selskip kompleet.
It praat giet lykas yn alle wachtkeamers oer kwalen fan oaren, wylst de eigen skelen leafst ferswijd wurde, al besiket de ien wol efter de oare sines te komen.
As “mefrou” thús is, komt earst de skoaljuffer oan bar en dan de boekhâlder. De boer duorret it te lang, sa’t er seit, bliuwe oer de folksfrou en de betonarbeider. De frou bekent dan oan de man, dat har ta oplossing fan har iensumens in kontakt yn ‘e wachtkeamer yn útsicht stelt is. Hja wol dan de arbeider ek mar foargean litte. Dy seit dat it ek bêst de stasjonswachtkeamer wêze koe. Dan set de frou as de blinder ôf om in perronkaartsje…..

Bloedbân

Bloedbân is it ferhaal oer de twillingbroers Mickey en Eduard, dy’t fuortdaalk nei de berte skieden wurde. De biologyske mem, frou Jonkers, hat it net sa rom en har man is by har wei gien. Se bliuwt allinne achter mei in stik as wat bern en yn ferwachting fan in twilling. Se wurket by de rike famylje Van Leeuwen. Frou Van Leeuwen, kin gjin bern krije. Al gau kriget frou Van Leeuwen troch dat frou Jonkers de twilling der finansjeel net by ha kin. Se bepraat fou Jonkers om ien fan de poppen oan har ôf te stean. Net ien mei gan dizze ôfspraak witte. Frou Van Leeuwen docht foar de bûtenwrâld krekt oft se ek swanger is en dat fertelt se ek oan har man, dy’t yn it bûtenlân is. Se lit frou Jonkers swarre op de bibel en set har mei drigeminten ûnder drukdat se de ôfspraken neikomme moat. At de poppen berne binne, hellet frou Van Leeuwen ien fan de jonkjes op. Dêrnei jout se frou Jonkers dien en makket har bang meiit ferhaal dat de jonges noait witte meide dat se twillingbroers binne, omdat der dan wat ferskrikliks barre sil.
De jonges, Mickey Jonkers en Eduard van Leeuwen groeie op. De memmen besykje de jonges byinoar wei te hâlden, mar se komme inaor hieltyd wer tsjin, wurde sels goed freonen en fereale op itselde famke. Mar stadichwei wurdt de ynfloed fan it miljeu dêr’t se yn opgroeid binne dúdlik. Eduard is as ienichst bern opgroeid yn rykdom en wurdt studint, wylst Mickey nei de middelbere skoalle oan it wurk moat om himsels te ûnderhâlden en komt mei justysje yn oanrekking.
It liket derop dat de libbens fan de beide jonges fier útinoar rinne sille mar dan wurdt it geheim fan harren freonskipsbân ferret…

De triljende ierde

Kieze foar de polityk, betsjutte dat Piter Jelles Troelstra ôfstân nimme moast fan syn Frysk dichterskip. Terpstra symbolissearret de striid yn Troelstra tusken de dichter en de strider, troch in sjonfaam Jildou en in striidfaam Marianne, dy’t beide hieltyd wer op Troelstra ynprate. Se binne symboalen foar twa lûden yn Troelstra sels, dy’t in wikseljende ynfloed hiene op syn hâlden en dragen, ek yn de polityk.
Yn De Triljende Ierde is it kiezen fan Troelstra it haadtéma. Hjir spilet him dat logysk ôf yn it fermidden fan de sosialistyske beweging. Mar eins is Piter Jelles yn dit stik it symboal fan it wifkjen fan in protte minsken tsken har idéalen en de feilige wei. Dat jout De Triljende Ierde in algemiene betsjutting.

Tsjonge, wat in snein

It stik spilet him ôf op in sneintemiddei op in bûten fan de Massenets earne yn Fryslân. Edward Hayes en syn frou Cordelia Massenet binne, sa ’t wol faker giet, útelkoar groeid. Edward is altyd tige drok beset as bistedokter en Cordelia hinget de diva út. Harren soan Tjalf is as ienling opgroeid en hat sa syn eigen problemen. Hy is yn de grûn bedoarn troch syn mem en hy wit net hoe’t er mei syn gefoelens oan moat. Op ‘e jierdei fan Tjalf komt der in bûnt selskip delsetten. De maitresse fan Edward, om yn de kunde te kommen mei Edward syn frou, hja komt net op sa’n gaadlike dei. Dan komme mem en dochter Hartstra, troch Cordelia útnoege yn it kader fan goede wurken. Se binne troch de gemeente út harren hûs setten. Der is ek noch in suster fan Cordelia yn ‘e hûs, dy ’t wolris wat trochslacht. De húsfeint besiket de toutsjes by elkoar te binen, mar dat slagget net altyd. Ek mei persoansferwikselingen soargje dizze minsken dat de jierdei fan Tjalf in bysûndere jierdei wurdt en kin mei rjocht en reden sein wurde: “Tsjonge, wat in snein!”.

De wet fan Luisman

In skoalle. Fjouwer persoanen wérfan ien de leraar is: Luisman.
Dy docht syn best om de oaren it ien en oar by te bringen. Mar it liket wol oft se út ferskate wrâlden komme.
In frou. Neaken. In frou? No ja, Luisman fynt it yn elts gefal in “lekker ding”. Mar dan komt der in skilder del, dy’t him bemouit mei de emosjonele kant fan de saak en alles feroaret.
In man yn in boat. Luisman wol mei him prate mar dat kin net. Hy kriget wol kontakt mei ien fan oer it wetter, mar oft dy elkoar no sa goed begripe?
Frjemde gebeurtenissen dy’t liede ta komyske situaasjes.

De wundere nacht

It stikje spilet yn’e krystnacht. Twa famkes, Sjoukje en Marije, wurde kjel en ferheard wekker fan in opfallend grutte stjer dy’t harren yn’e eagen skynt en alles bûtendoar yn’t ljocht set. Dit moat wat bysûnders wêze, ornearje se, mar wat? Op har freegjen nei it geheim komt de stjer fan syn plak om harren foar te gean en by te ljochtsjen de kant út fan it blide barren. Underweis moetsje se ridlik gau in kamiel, dy’t harren – sjongende- fertelt fan it wûnder dêr’t er fan dreamd hat: de berte fan in bysûnder berntsje, ” in nije kening” is him troch de Ingel oansein. Benijd swalkje se fierder; by in krusing geane se elk in kant út. Mar lang om let en nei allerhande frjemde moetingen en goede ried fan hoeders komme se dochs tagelyk op it plak dêr’t it geheim har iepenbiere wurdt en dêr’t Joazef en Maria harren by de krêbe it wolkom tasjonge.

Oan ‘e kant fan ‘e poel

Mindert Meindersma hat oan ‘e kant fan in mar in simmerhúske kocht, dêr’t er mei frou en dochter de rêst siket. Hja binne dêr noch mar krekt of dêr komme harren âlde buorlju al op besite en dat dat no sa akkordearret.. Mar it is noch net moai genôch, want dêr klopje ek noch in omke- en muoikesizzer mei de faam by harren oan. De âlde buorlju prate krekt salang dat harren caravan komt njonken it simmerhúske te stean, mar dêr komt trammelant fan, want de boer oer waans lân ’t hja moatte komt yn ferset. Mei it hieren fan in pream en dêr de caravan op, liket it probleem oplost te wêzen, mar de caravan komt tusken wâl en skip te hingjen, en dan hawwe se de boer wer nedich. Aldergeloks hat dy boer in soan dy’t wol smucht op Meindersma syn dochter hat, wat op it lêst ta in freedsume oplossing liedt.
Hjir trochhinne spilet it oeral heljen fan de caravan en it stellen fan jild. De boeresoan wit de dieders te ûntmaskerjen en kriget dêrmei de achtinge fan de fakânsjegongers; en dat makket ek dat dy der alhiel gjin beswier tsjin hawwe dat harren dochter har ferlovet mei dyselde boeresoan.

Aldegea

In stik oer de takomstdreamen fan trije jonge minsken út in doarp. Der is in bytsje aksje en der wurdt in soad praten; einliks hiel tekenjend foar it ûnderwerp. Froukje en Rinze ferwachtsje in bern. Se hawwe betocht dat se yn it doarp bliuwe sille en net fierder leare sille, wat eins wol de bedoeling wie. Femke, in freondinne fan harren, sil wol te studearjen. Sy fynt it hiel spitich dat de twa harren dream net neistribje. Rinze hat it measte muoite dermei. Femke begrypt him goed en praat op him yn. Harren ferhâlding ropt de fraach op of Rinze net leaver foar Femke kieze wol en dêrmei foar it studearjen. Froukje is folle wisser fan har saak. Sy hat de iene dream foar de oare ferwiksele en sil dêr ek gelokkich mei wurde. Se makket Femke dan ek dúdlik dat dy harren en foaral Rinze, mei rêst litte moat en dat elk syn eigen libben libje moat.

Taksy nei in nij begjin

Sibe Bosma is drok oan it ynpakken. Hy sil fuort, want hy wol in nij begjin meitsje. Harren grutte bern binne de doar út, dat sadwaande. De taksy dy’t er besteld hat stiet foar de doar, mar hy is noch net alhiel klear. As syn frou in telefoantsje kriget en hy heart, dat dy in ôfspraak makket mei in ûnbekendenien, dan wurdt er oergeunstich en seit, dat er alhiel net fuort woe, mar dat er mei har in nij begjin meitsje woe.
Dan seit syn frou, dat hja dat wol wol en dat it telefoantsje fan harren dochter wie, dy’t it boadskip die, dat hja pake en beppe wurde soene.
Dan geane hja tegearre yn de taksy nei harren dochter.

Moaie eagen

Twa susters, Anne en Brecht, beide frijfaam, wenje tegearre. Anne hat koartlyn wat gedoente hân mei Sybren, mar dat is tsjin har sin wat yn it neigean rekke. Anne hat Brecht safier krigen dat dy hat ris by him sjoen en in praatsje mei him makke mei it doel foar har suster ris poalshichte te nimmen oft der ek in kâns is dat Sybren nochris by har komt.
It stikje begjint as Brecht krekt fan har missy thús komt. Botte praterich is se net en Anne, dy’t fergiet fan nijsgjirrigens, moat har de wurden ta de mûle út melke. Hoewol’t Brecht har oanriedt om it mar te ferjitten, bliuwt der by Anne hope, mar ek in sterke twifel. En dy twifel wurdt noch grutter as buorfrou Minke harren mei de krante grut nijs te fertellen hat. Hja hat kunde krigen oan Sybren en seit dat it wol trouwen wurde sil, want doe’t se in kear kâlde tee dronk en út ‘e gek sei dat men dêr moaie eagen fan krige, hie Sybren sein dat se al moaie eagen hie. Op it lêst kriget Anne in briefke fan Sybren dêr’t yn stiet: “Matte – dat wie Sybren syn mem – is dea, mar ik hâld fan antyk. Sybren.” Hoewol net sûnder twifel, reagearret Anne hjir dochs posityf op. Hja rint stadich nei de tafel en drinkt kâlde tee.
“Hjir krij ik moaie eagen fan”, seit se ta beslút.