It pleintsje

It stik spilet him ôf om karnaval hinne. Op it pleintsje wenje in stik as wat earme froulju, dy’t widdo binne en dy’t harren bern úthoulikje wolle, om dan sels wer trouwe te kinnen. Under elkoar dogge se oars net as rabje, rûzje meitsje en fjochtsje, mar tsjinoer bûtensteanders gedrage se harren bûtengewoan solidêr.
Dat ûnderfine de rike Fabrizio en syn nichtsje dy’t op it pleintsje wenje en de Cavaliere dy’t der karnaval fiere sil. It hat allegearre in goed ein mei in stik as wat houliken en in feest. In echte yntrige is der net, mear in bûnte en fleurige oanienskeakeling fan raak sketste tafrielen

It hûs te lyts

It stik spilet him ôf yn de keamer fan in jong stel. Hja sitte noch midden yn in ferhuzing. De heit fan de jonge wennet by harren yn. It doel is dat dizze ynkoarten nei in rêsthûs tagiet. Der binne nochal wat minsken dy’t harren mei de ferhuzing bemuoie, sa as de jonge syn skoanmem (fan adel!), syn sweager, de buorfrou en de winkelman. Dit jout de noadige betiezing.

Ferliezers

De húshâlding van Gorp wennet yn de Diamantstrjitte en bestiet út de heit Fred (eigner fan in frituersaak), mem Trees (sy hat net in fleurige natuer), dochter Nienke (‘gothic’ en sy lêst yn Nostradamus) en dochter Sophie (dy ’t in rol ha wol yn in televyzjesearje). It ferhaal begjint as de hiele Diamantstrjitte de postkoadelotterij wint, allinne de húshâlding fan van Gorp wint neat: Trees hat lotten kocht foar de pleatslike boarterstún. De buorlju komme geregeld by de famylje oer de flier en dêr wurdt it net fleuriger fan. De presentatrise fan de lotterij krijt in idee om in realitysoap oer de van Gorps te meitsjen. It program “de Ferliezers” is in feit. As heit syn senioarenfrituer ek noch mislearret liket it gelok foargoed dien te wêzen yn de Diamantstrjitte. Oant Trees dochs noch wat wint: in midwike yn in húske fan Center Parks. De ein is in begjin fol nije hope yn de ‘idyllyske’ omjouwing mei fuortby de oankrûpmuorre.

Yn ferbân mei Sophie

As Sophie dy sneon yn augustus har jierdei fiere sil, is se al in skoft net by’t spul. Joast fernimt it wol, mar tinkt dat it komt omdat har heit ferstoarn is en troch de soarch foar har mem. Alex hat sa syn eigen belangen by de betizing fan syn eardere leafde. Syn frou Liesbeth kin har bêste freondinne net berikke. Yn de grutte hal fan har hûs docht Sophie spultsjes mei harsels en it libben. De realiteit fan it deistige libben is foar har sa bedriigjend; se begjint harsels te ferwûnjen. Joast mei dat beslist net witte. Joast net en nimmen net. As dat wol bart, liket it dat se trochdraait. Mar it soe ek wolris oars wêze kinne. It is en bliuwt spannend.

De froulju yn ús libben

It stik spilet him yn de earste 2 bedriuwen, op de dei foar Keninginnedei, ôf yn 1970. Yn in studintehûs yn Amsterdam wenje 2 jonges en 4 famkes. Hans is in flierefluiter en Thomas wat bleu. Dan komt de mem fan Hans op besite en om’t Hans syn stúdzjejild feilich stelle wol, ruilje de jonges fan dwaan en litten. Thomas de flierefluiter en Hans de bleue. Hans hat in hasjcake bakt en der ûntsteane frjemde tafrielen tusken mem en de hospita, nei it priuwen fan de cake.
It 3e bedriuw spilet 20 jier letter. Hans is deeglik troud en hat in dochter, dy’t no yn datselde studintehûs wenje sil en it is wer de dei foar Keninginnedei. Dêr moetet hy Thomas, dy’t sjirurch wurden is, ryk en in fanatyk rokkejager. Der ûntstiet in komyske konfrontaasje tusken de beide mannen. In aardich, hjoeddeisk stik.

Moard op de Nyl

Simon Mostyn is alhiel ûnferwacht troud mei de stjonkendrike Kay Ridgeway. Syn eardere ferloofde, Jacqueline de Severac, is razend dat er har sa hookstrooks yn’e steek litten hat.Se wol wraak nimme en folget it jonge pear op harren houliksreis yn Egypte. Kanunnik Pennefather, de fâld fan Kay besiket om’e nocht om Jacqueline ta bettere gedachten te bringen. Op in jûn – tidens in boattocht op’e Nijl – rint de sitewaasje út’e hân Jacqueline sjit op Simon. As eefkes de alteraasje wat ôfsakke is docht bliken dat Kay mei itselde pistoal deasketten is. Hat Jacqueline har rivale fermoarde? De tsjinstfaam fan Kay, dy’t nei alle gedachten de dieder sjoen hat, wurdt deasketten op it momint dat se har beswierjende ferklearring ôflizze sil. De moard is dêrnei al oplost foardat de plysje oan board komt.

De lampe

Jout de spanning wer yn in arbeidershúshâlding dy’t ûnder slimme bedriging stiet fan stakende arbeiders (1901), om’t de man út earmoede syn wurd brutsen hat en wer oan ’t wurk gien is.

De rjochter en de linker

Sim Sanders, bynamme Linker, brekt yn by rjochter Esther Smulders. Wylst er dêr mei dwaande is, komt de rjochter thús, beselskippe fan plysje-kommissaris Persein. Sim siket in hinnekommen achter de oergerdinen en sadwaande is er tsjûge fan de net-winske yntimiteiten fan de kommissaris foar de rjochter oer. Sim komt har te help en slacht de kommissaris bûten westen, mar dan?
Gelokkich dat der dan in plysje oanbellet dy’t seit dat sy in ynbrekker ynrekkenje moat. It is lykwols Linker syn dochter en ûnderling ha se ôfpraat dat op dizze wize Linker altyd bûten skot bliuwt. Mar no bringt se de kommissaris thús, yn stee fan dat se har heit ‘op pakt’… dy kin it yntusken aardich pratende hâlde mei de rjochter.
Der moat in plan betocht wurde om de kommissaris lyts man te meitsjen en mei help fan de wurkster wurdt in falle útset en dy slacht goed ticht!

Breidssuite

In tige drok en kompliseare stik à la John Lanting mar foar wa’t it oandoart, in bêste ‘hap’:
* in dokter dy’t mei syn skarreltsje yn in hotel útfanhûzet;
* in dame mei in harp, dy’t ûnferwachts ynfalle moat op in muzykfestival (’tafallich’ dokter syn eigen – wettige frou);
* in butler/portier fan de mindere soarte, altyd yn ‘e kontramine, wol in leafhawwer fan foaien, mar net fan syn wurk;
* dêrtuskenyn de direktrise, dy’t nettsjinsteande alle lekken en brekken fan har hotel, besiket it har gasten nei ’t sin te meitsjen.
Dat dat net al te bêst slagget mei safolle tsjinslagen en nammeferwikselingen, lit him riede; ûngewoane sitewaasjes, flotte dialogen en in heech tempo freegje it noadige fan regisseur en spilers!

Eigen wei

As de heit en mem fan Rob en Ellen skiede, wolle de beide bern net by ien fan beiden wenje, mar tegearre op keamers. Nei in skoftsje draait dit út op de nedige problemen, want al bine der ôfspraken makke oangeande alle húshâldlike kerweikes, Rob hâldt him dêr lang net altyd oan. Hy is faak op stap mei syn maat Joep, sadat Ellen foar’t wurk opdraait en dêrom giet se in wike útfanhûs, sadat Rob alles allinne dwaan moat. Dat helpt al en de rollen wurde noch mear omdraaid as Ellen wat ferkearing krijt mei Joep. Dan fielt Rob him bûtensletten en as heit en mem op besite komme, meitsje dy gauris rûzje tegearre, ek dêr hat Rob syn nocht fan. Hy wol nei syn eksamen net daliks studeare, mar earst in jier nei Australië. Joep rekket sa yn’e besnijing fan Rob syn plannen dat er beslút om mei te gean, ek al lit er dêrtroch Ellen sitte. Dy wol net allinne achterbliuwe en giet dan mar wer werom nei har mem ta te wenjen.

Box en Cox

De hearen Box en Cox hiere beide in keamer by de hear Bouncer. Wat se net witte, is dat it deselde keamer is. Bouncer hat it goed betocht, want Box wurket nachts as lettersetter by de krante en Cox wurket oerdei as huoddemakker. En sa bart de hierbaas dus dûbbele hier. Dat rint fansels in kear mis en sa moetsje de hierders elkoar om ’t ien fan harren in frije dei hat.
It docht bliken dat se ek noch kunde ha oan deselde frou, dêr’t se beide mei trouwe soene, mar dy ‘wille’ gunne se fan herten de oare…. Net mear sa’n ‘jonge’ ienakter, mar wol in útdaging foar rezjy en spilers!