Lysistrata

NB Der is ek in letterlike oersetting fan dit stik.
It is oarloch tusken Athene en Sparta. Net allinich de manlju, ek de froulju ha dêr fan te lijen. It tûke Atheenske frommis Lysistrata fynt it sa njonkenlytsen slim genôch, dat se noeget in pear froulju út Athene en út Sparta út om in plan te bepraten: tenei sille alle froulju wegerje om mei harren kearels op bêd te gean. In soarte fan seksstaking dus. Om dat te berikken (want it fleis is ommers swak!) lûke se har werom op de Akropolis, de burcht fan Athena, dêr’t ek de skatkist fan de stêd bewarre wurdt. De manlju wurde poerrazend en ûndernimme in oanfal, dy’t ôfslein wurdt. Mar nei in skoftke krije ek guon fan de froulju it wakker dreech mei dizze ‘ûnthâlding’. Troch it strategysk en besielend belied fan Lysistrata slagje de froulju der by eintsjebeslút dochs yn om in oerwinning te beheljen: de frede wurdt sluten (ek op bêd).

Twa

It stik spilet yn de taap fan in doarpsherberch earne op it Fryske plattelân. Ornaris is it in rêstich kafee mei gemiddeld sa’n seis, sân klanten. Drokte is der mei de jierlikse toanieljûn en fansels mei de merkedagen. Freed- en sneontejûn wurdt der oanstutsen troch de jongerein, dy’t nei tsienen syn heil fierderop siket. Mar der binne ek jûnen dat de doar om healwei tsienen op slot giet. Jûn is it lykwols ûnferwachts tige drok. It rint de kastlein en it kastleinske Klaas en Jantsje van der Zee-Sikkema suver wat oer de fûst.

Ballingen

De skriuwer lit ús yn de kunde komme mei twa Russyske ballingen; de gruthertogin Tatiana Pétrofna Ouratief, nicht fan de tsaar Nicolaas de twadde en har man de prins Mikaïl Alexander Ouratief, adjudant fan de tsaar. Doe’t de Russyske revoluusje útbruts binne se nei Pariys gien. Se binne tige earm, nettsjinsteande de prins in bedrach fan 4 miljard op de Frânske bank stean hat. Dit jild lykwols stiet op in gehiem nûmer. It is it grutste part fan it prifee besit fan de tsaar. Dy hat it de adjudant tabetrout om ’t er bang wie, dat it oars kwyt reitsje soe. Ouratief soe der nea wat fan ôfhelje of it moast foar de tsaar wêze. It wie soms wol ris feliedlik mar de prins die it net. Omdat se neat mear hiene om fan te libjen, ferhierden se harren as feint en faam by de bankier Arbeziat. Alles gie goed oant se op in dei by in dinee, jûn troch de Arbeziats, werkend waarden troch de gasten, wêrfan ien de sofjet kommissaris fan oalje, Gorotchenko, wie. Dizze moast besykje jild te krijen om lânboumasines te keapjen, foar de Russyske boeren dy’t omkamen fan honger. Yn ruil soe hy de oaljeboarnen fan Boukoura en Pétropols ôfstean oan de lannen dy’t him fan it nedige jild fersjen koenen. Nei it iten soe Arbeziat mei syn gasten dizze hannel besegelje. Foar dat it safier wie, gie Gorotschenko nei de keuken om de 4 miljard oan Mikaïl te freegjen. Ynstee it jild fan de tsaar te hâlden, stiene se it ôf oan de man dy’t foar harren in haatlik steatsbestel fertsjinwurdigde, mar grutter as harren hate foar it bolsjewisme wie harren leafde foar Ruslân dat syn gebiet net ferlieze moast. Se joegen it jild, wittende, dat harren master de tsaar it ek sa wollen hawwe soe.

De fekke yn’e fûke

Katarina Molina fan Padua wurdt stapelsljocht fan alle opleine patroanen en holle sjabloanen om har hinne. Se wurdt der ferskriklik opsternaat fan. Se stiet dan ek rûnom bekend as haaibaai, fekke.
Ek de jongkeardel Petrucio fan Verona wol him net skikke nei de ferwachtingen dy’t oaren fan him hawwe. Hy sjocht yn Katarina in frou dêr’t er miskien in ‘lykweardige relaasje’ mei opbouwe kin, as twa frije folwoeksen minsken dy’t har net bekroadzje om regels en klisjees. Dêr set Petrucio him folslein foar yn; hy brûkt dêrta wol hiel ûnortodokse middels. Katarina komt der dan ek mar hiel stadich achter wat syn werklike driuwfearren binne. De minsken om har hinne begripe der absolut neat fan en wolle it ek net begripe, fêstruske as se binne yn har eigen wetmjittichheden.

It erfskip fan omke Gerben

It wiere aard fan in mins komt pas echt boppe as it giet om erfenissen. Emoasjes kinne heech oprinne. Net om it fertriet om it ferlies fan de dierbere mar om it ferpatten fan de neilittenskip. Hoefolle famyljes binne der al net út inoar fallen troch rûzjes oer erfenissen? Joute Turkstra hoecht dêr net bang foar te wêzen as hy erft fan omke Gerben. Hy is nammentlik de ienichste erfgenamt. Omke Gerben wie nammentlik net troud en hie gjin bern. Joute hoecht neat te dielen, alles is foar him. Ien besite oan de notaris en alles is regele, tinkt er. Mar sa ienfâldich is it net. De notaris hat in grutte ferrassing foar Joute. De eksintrike omke Gerben hat ien betingst oangeande de erfenis. Dit wurdt in dreech beslút foar Joute. It jild is oantreklik mar sit earne oan fêst wêr’t Joute net op sit te wachtsjen.

Op knibbels yn ‘e kroech

Dizze revu ‘Op knibbels yn ‘e kroech’ spilet him ôf yn in kafee yn samar in doarpke op it plattelân fan Fryslân. Samar in kafee mei in kroechbaas en syn frou en fansels mei syn eigen stamgasten.
Troch de wike bart der net folle yn it kafee, mar wykeins kin it der soms raar om ta gean. Ek dizze freed en sneon, it tiidsbestek weryn de revy spilet, gebeure der wer ûnferwachte dingen.
De reade tried yn dizze revu is it ferhaal fan Gurbe, wat troch in liet ‘fertelt’ wurdt. Derneist binne der sketskes en lieten welke gean oer de gebeurtenissen die ’t him, neist it ferhaal fan Gurbe yn de kroech ôfspielje.

Gewoan te gek

Fjouwer eks-psychiatryske pasjinten – Lisette, Femmie, Isar en
Bram – wenje tegearre in ien hûs. De sosjoterapeute Toos moat har helpe harren plakje yn ‘e ‘normale’ maatskippy wer te finen. Spitigernôch docht Toos faak te goed har bêst. Lisette wol keunstneres wurde en sit in grut part fan ‘e dei yn in kuolkast. Femmie bliuwt obsedearre troch selsmoard. Isar is in synikus mei in skerpe tonge en Bram rekket regelmjittichyn in ‘dip’, om’t syn biologyske tún de meast nuvere en ûnwerkenbere greinten opsmyt. De bewenners lykje noch net echt op ‘normale’ minsken. De wethâlder dy’t ferantwurdlik is foar de subsydzje fan Huize van Speykstraat komt dus mar in kear it spul troch it gat te sjen. It liket der op dat de jildkraan tichtdraaid wurdt en de bewenners wer werom nei de ynrjochting moatte.
Toos jout dúdlike ynstruksjes hoe’t de bewenners har hâlde en drage moatte as de wethâlder komt, mar dizze bemuoisucht falt by harren ferkeard. Se beslute om sawol Toos as de wethâlder dúdlik te meitsjen dat se harsels poerbêst rêde kinne. Op eigen ‘gekke’ wize besoargje sy harren gasten in bysûndere jûn. Dêr krije se ûnferwachte help by fan harren nije buorlju. De buorman blykt in ’talintfol’ gûchelder te wêzen en de buorfrou besiket op dizze jûn wat plestyk bakjes oan ‘e man te bringen. Wa is hjir gek? Mei lef en in bytjse bedroch regelje de eks-gekken harren saakjes.

It spoekkastiel

Boeven ha de baronesse en har soan yn’e macht. De baron is lyts man makke troch it sizzen dat, as er net docht wat sy fan him easkje, syn frou en soan it der net libben ôfbringe sille. Mei help fan fakânsjegongers dy’t foar spoek spylje en de plysje wurde de boeven by eintsje beslút ûntmaskere.
It stik is sa ynelkoar set dat heiten en memmen der niget oan ha sille. Foar bern is it fansels prachtich om as spoek, plysje of deftige baron of baronesse te spyljen.

It roekehoekje

Yn moadewinkel ” It Roeke-hoekje” is foar de tredde kear ynbrutsen. It is in elk in riedsel wa’t de dieven binne. De fersekering bynt de eigner op’e hert in alarm oan te skaffen, oars wurdt er út’e fersekering wipt. De plysje docht har bêst (mar is net al te snoad) sadat by eintsjebeslút it persoaniel mei de eare en de beleanning striken giet.

Middelpunt Fryslân

Keunstner Goasse sit mei in brutsen spegel fan in trekker midden yn it lân. Mei in stik tou besiket hy de oanriding te rekonstruerjen. Dan komt boer Reitse op, ek mei in brutsen spegel. Hy is homo, seit er. Goasse ek. Boppedat is er in keunster dy’t it middelpunt fan Fryslân siket op de hynstegreide fan boer Reitse. De twa kinne it goed meiïnoar fine en nei in koart ferbliuw yn it tintsje fan Goasse (‘sex is in glês wetter’) besegelje se harren freonskip en meitsje plannen foar de takomst.

NB
7e sêne út ‘Hertejacht’. Sjoch HOEKSTRA, L. – ‘Feesttinte’ foar mear ynformaasje oer dit stik. De sênes kinne ek apart spile wurden.
REITSE komt ek foar yn TOERING, R. – ‘Sliepkeamer’.
GOASSE komt ek foar yn MIEDEMA, B. – ‘Atelier’.

Stasjon

Op it perron fan in lyts stasjon wachtet húsfrou Ria (48) op in âlde freon, dy’t werom komt nei it doarp. Dat blykt Renate te wêzen, in transeksueel. Ria wol har sa fluch mooglik op de folgjende trein nei Ljouwert sette, om’t se tinkt dat de komst fan Renate tefolle opskuor yn it doarp bringe sil. Mar Renate hie safolle moed nedich om it oan te doarren en nei jierren werom te kommen as frou, dat se lit har no net fuortstjoere. De twa reitsje yn petear oer harren mienskiplike bernetiid. Ald sear komt boppe driuwen. It docht bliken dat Ria sels nea de stap sette doarde om fuort te gean. Stadichoan fine de freonen fan doe dochs noch wat fan harren freonskip werom.

NB
9e sêne út ‘Hertejacht’. Sjoch HOEKSTRA, L. – ‘Feesttinte’ foar mear ynformaasje oer dit stik. De sênes kinne ek apart spile wurde.
RIA komt ek foar yn MIEDEMA, Baukje – ‘Atelier’.
RENATE komt ek foar yn BOER, Tsjitske de – ‘Yngong feesttinte’.

Yngong feesttinte

By de yngong fan in feesttinte sit Wander, in âlde man yn in rolstoel. Hy heart in âld stel oer him rabjen, hy sjocht hoe’t in dronken troude man it mei in oare frou oanleit en hoe’t twa dronken pubers ynoar besykje te fersieren, ensfh. Stikem makket Wander foto’s fan elkenien. Renate, in transeksueel, sjocht dit, krijt syn karre en pleaget him. Wander moat hjir neat fan hawwe. Mar Renate, dy’t wit dat Wander net sa’n ‘outsider’ is as sysels, wint syn sympaty mei har plan. Sy wol elkenien fersiere en Wander makket dan foto’s. Renate frijt him op, mar smyt him ek foar de fuotten dat dy earme Wander yn syn rolstoel allinnich “wit fan nimmen, net fan krijen en al hielendal neat fan jaan”.

NB
10e sêne út ‘Hertejacht’. Sjoch HOEKSTRA, L. – ‘Feesttinte’ foar mear ynformaasje oer dit stik. De sênes kinne ek apart spile wurde.
RENATE komt ek foar yn ZIJLSTRA, Antine – ‘Stasjon’.
WANDER komt ek foar yn HOEKSTRA, Lolkje, – ‘Feesttinte’.

Fûgelhutte

Yn in fûgelhutte earne yn in natuergebied wachtet Djurre op de folle jongere slachtersfeint Sieger. Se wit dat hy hjir faak komt. Djurre is in troude frou fan efter yn’e fjirtich dy’t yn it doarp wennet. As slachtersfeint Sieger der yn komt wol sy earst net tajaan dat se him belle hat. Se prate oer de fûgels, mar de erotyske spanning is fielbar. Mar likegoed de eangst, om’t beiden fiele dat se fan inoar wat wolle dat ferbean is – alteast wat dêr’t de ‘minsken’ oer prate sille. Hoeden taaste se inoar ôf mei wurden en letter ek mei harren liif. Dan wurdt Djurre bang en se wol werom nei hûs. Mar no is it Sieger dy’t inisjatyf nimt en wol dat se bliuwt. As Djurre dochs fuortgiet fielt er him brûkt. Spannende en poëtyske sêne.

NB
5e sêne út ‘Hertejacht’. Sjoch HOEKSTRA, L. – ‘Feesttinte’ foar mear ynformaasje. Alle sênes út ‘Hertejacht’ kinne ek ‘los’ spile wurde.
SIEGER komt ek foar yn ‘Ysselmardyk’ fan Hans BRANS.
DJURRE komt ek foar yn ‘Sliepkeamer’ fan Romke TOERING.

Sliepkeamer

Boer Reitse (48 jier) en syn frou Djurre komme op in jûn let thús fan in toanielútfiering. Wylst se har sels ree meitsje om op bêd te gien, komme de spanningen yn it houlik nei boppen: it hat him irritearre dat sy mei Sieger omflikfloade, in jong keardel. Sy wit al langer dat Reitse in erotyske bân hat mei de dirigent yn it doarp. Boppedat meitsje se har soargen om harren soan, dy’t hoe langer hoe wylder docht. Net prate kinne wie it grutste probleem yn dizze relaasje, mar no’t der einliks, mei tefolle drank op, ris praat wurdt, binne de frustraasjes net yn’e hân te hâlden.

NB 6e sêne út ‘Hertejacht’. Sjoch HOEKSTRA, L. – ‘Feesttinte’ foar mear ynformaasje. De sênes út dit stik kinne ek apart spyle wurden.
DJURRE komt ek foar yn HETTING, Y. – ‘Fûgelhutte’.
REITSE komt ek foar yn DALSTRA, K. – ‘Middelpunt Fryslân’.

Feesttinte op’e merke

Wander is in ynfalide man fan omtrint 60 jier yn in rolstoel. It is merke. Efter it poadium sjongt er op’e muzyk fan it ‘Hollandia Combo’, mei ûnkontrolearre gjalpen. Servearster Monica hellet him oer om ek wat te sjongen op it poadium. Hy wol it dwaan foar in tút fan har. Wylst Wander sjongt kin de sjonger fan it Combo net mei syn hânnen fan Monica ôfbliuwe. Monica nimt wraak troch it bierglês fan de sjonger fol te jitten mei de pis fan Wander. Mar as Wander op syn beurt syn tút opeasket wurdt it har tefolle. Yn in wylde dûns reageare beiden harren frustraasje ôf: Wander om’t er gjin seks krije kin, Monica om’t se gjin leafde krije kin.

NB
‘HERTEJACHT’ bestiet út tsien sênes fan hieltyd twa personaazjes (útsein sêne 1, 4 en 10), dy’t meiinoar in keatling foarmje oer de langstme nei leafde, tederheid of seks: ien fan de twa personaazjesspilet ek wer yn de folgjende sêne mei in oar personaazjes dat dan sels wer yn de dêrop folgjende sêne spilet, ensfh. Dizze struktuer is basearre op ‘Reigen’ (‘Peardûns’) fan Arthur Schnitzler.
Dizze fariant is yn opdracht fan Tryater skreaun troch tsien skriuwers en troch dit selskip yn 1997 opfierd. De sênes kinne lykwols hiel goed ‘los’ spile wurde. Rjochten moatte oanfrege wurde by Tryater yn Ljouwert of by de skriuwers.

MONICA komt werom yn ‘Pikmarboulevard’ fan Wilco BERGA.
WANDER yn sêne tsien fan Tsjitske de BOER, ‘Yngong feesttinte’.

Pikmarboulevard

Servearster Monica (33 jier) hat in ferhâlding mei arsjitekt Ubbo (47 jier). Ubbo is lykwols troud en net fan doel syn frou en bern te ferlitten. Tegearre mei Monica rint hy oer ‘syn’ nije boulevard oan ‘e Pikmar. Ubbo jout ôf op de nearzigens fan de burokraten der’t hy mei te krijen hat, mar hat net folle each foar it ferlet om oandacht fan Monica. Har plan om tegearre mei syn boatsje in wykein fuort, kin net troch gien, want Ubbo ‘moat’ mei pommeranten fuort.
Stadichoan wurdt dúdlik dat der in wrâld fan ferskil leit tusken dizze twa minsken en hoe hopeleas de takomst fan harren ferhâlding is.

NB Oer ‘Hertejacht’ sjoch: HOEKSTRA, L. – ‘Feesttinte op’e merke’.
Monica komt ek foar yn de ienakter fan Lolkje HOEKSTRA.
Ubbo is ek in personaasje yn ‘Winkelsintrum’ fan Jabik VEENBAAS.

Winkelsintrum

Arsjitekt Ubbo wynt him op in jûn yn in ferlitten winkelsintrum tige op oer in gearkomste mei de gemeente as it jonge famke Ytsje hommels deryn spat. Se waard efternei sitten troch in jonge út’e disko mei in mes. De folle âldere Ubbo slacht beskermjend syn jaske om har hinne en Ytsje komt by fan de skrik en de kjeld. De twa reitsje yn petear. Stadichoan slagt de eangst fan Ytsje om yn nijsgjirrigens en sels pleagerij tjsin har ‘redder’, dy’t har útleit wêrom’t er sa lilk is op ‘dy boeren’. De brutalens fan Ytsje, dy’t der alles útflapt wat har yn it sin komt, prikkelt him, mar as hy har tutet, byt sy him yn de tonge. Se driget om it op in razen te setten, as hy har net thúsbringe wol mei syn auto.

NB Foar ynformaasje oer ‘Hertejacht’ sjoch HOEKSTRA, L.- ‘Feesttinte’.
UBBO komt ek foar yn ‘Pikmarboulevard’ fan Wilco BERGA;
YTSJE yn ‘Ysselmardyk’ fan Hans BRANS.

It moat dochs in kear

Sieger, in jongen fan foar yn de tweintich, sit mei it jongere famke Ytsje yn syn bestelwein op in moaie simmerjûn oan in dyk fan de Yselmar. Ytsje krimmeneart oer de kjeld en it ûntbrekken fan in jiskebak. Oant Sieger lilk wurdt en fuort wol. Hy tocht dat sy hjirhinne woe om te frijen. Ytsje wjêrhâldt him derfan om te gean: se wol wol, mar se doart net. It docht bliken dat se in weddenskip mei har freondinne ôfsluten hat om ‘it foar de earste kear te dwaan’. En Sieger hat in reputaasje by de famkes, mient Ytsje.
Sieger sels kin net bot oer al dy ‘sekreten’ dy’t fuort mei him nei it stêdhûs ta wolle. Ytsje belooft net ferliefd op him te wurden. Nettsjinsteande de forsearre situaasje en de senuwen fan Ytjse komt it op it lêst dochs noch wat fan it frijen. Mar dan wurden se steurd troch in stel kweajongens. Slachtersfeint Sieger spat mei in mes de auto út en de jongens flechtsje. De al heal fereale Ytsje besiket noch wat wylst se útsjogge oer de mar, mar foar romantyk is it no te let. Se geane.

NB Foar ynformaasje oer ‘Hertejacht’ sjoch HOEKSTRA,L. – ‘Feesttinte’.
YTSJE komt ek foar yn ‘Winkelsintrum’ fan Jabik VEENBAAS;
SIEGER komt ek foar yn ‘Fûgelhutte’ fan Ytsje HETTINGA.
(Dit stik is earder útbracht ûnder de titel ‘Yselmardyk’.)

De klucht fan master Pier Pandoer

Fan dit stik binne twa (frije) oersettingen. De frije oersetting fan Henk Bok is wat koarter en moderner as dy fan Tsjitske de Boer. De nammen yn de beide oersettingen binne ek ferskillend. De titel fan De Boer is: De potserij fan master Piter.
Master Pandoer fynt himsels de bêste abbekaat, dy’t der mar te finen is. Syn frou Willemke tinkt der hiel oars oer en syn reputaasje is ek net sa bêst. Sy neamt him master yn bedroch en beklaget har oer de earmoed dêr’t se yn libje. Hy wol him wer opwurkje en dat docht er mei bedroch. Hy hellet stof op’e merke sûnder te beteljen en as de lapkeskeapman letter by him foar de doar stiet docht er as leit er al wiken siik op bêd.
Dan wurdt er troch in skieppehoeder frege as abbekaat. De skieppehoeder hat de skiep fan de lapkekeapman fermoarde. Yn’e rjochtseal seit de hoeder, op oanrieden fan master Pandoer, neat as bèh. Dizze wurdt foar gek fersliten. En ek de lapkekeapman dy’t troch de oanwêzichheid fan master Pandoer net mear út syn wurden komme kin, wurdt yn beide saken net leaud troch de rjochter. As master Pandoer dan betelle wurde wol troch de hoeder, dan is dizze him te snoad ôf: hy docht net oars as bèh sizze.

De gûvernante út Froubuorren

It stik spilet yn it hûs fan Lucien en Emily du Baron, broer en suster. Lucien (wol jild, gjin adel) is in wat soere keardel; in ûngemak fan in jier lyn hat him gjin goed dien. Hy hipt noch altyd op krukken om, om ’t syn skonken net rjocht mei wolle. En hy hat gjin moed en kriich om der wat oan te dwaan, alteast net genôch…
Hy sit leaver wat yn syn stoel te stúmjen en te kommandearjen, wylst de minsken om him hinne alle war dogge om him te helpen. By eintsjebeslút soarget de gûvernante, dy’t ynhierd wie foar de útfanhûzers, der foar dat er wer komt te rinnen: sy pakt him oan!