De stuft is der tige wiis mei dizze klassiker út ‘e Nederlânske toanielliteratuer, yn ‘e treflike oersetting fan Pyt en Tryntsje van der Zee, yn it ljocht jaan te kinnen.
Om’t wy de ynhâld fan it stik as bekend beskôgje, folsteane wy op dit plak mei in part fan it foarwurd sa’t de oersetters dat sels oan harren wurk tafoege ha:
“Heijermans hat dit stik, krektlyk as syn measte oare stikken, net skreaun yn it A.B.N., mar yn in soarte fan ‘keunstdialekt’. Om it folkse karakter dat er dêrmei berikt hat, safolle mooglik rjocht te dwaan, is by dizze oersetting dan ek net yn ’t foarste plak útgien fan standertfrysk, mar mear fan de sprektaal.”
“Likegoed ûntkomt men der as oersetter net oan om bepaalde âlde of ferâldere wurden te brûken, it stik spilet no ienkear yn 1900. Dêr komme yn dit gefal noch typyske termen út ‘e skipfeart en de fiskerij by, dy’t net altyd yn hjoeddeisk Frysk oer te setten binne, of dy’t by minsken ‘oan ‘e wal’ frjemd binne. Wannear’t al dy termen weilitten wurde soene, soe Heijermans Heijermans net mear wêze en soe dus in soad fan dizze typyske sfear ferlern gean. Foar safier mooglik wurde ûnbekende wurden/begripen yn fuotnoaten ferklearre.
Fansels hat it publyk der neat oan, mar as de spilers sels begripe wat se sizze, en wêrom, en dat mei oertsjûging spylje, sil it publyk dochs wol sa likernôch begripe of fiele wêr’t it om giet.”