De simmer fan ’45

Fuort nei de befrijing fan Nederlân ûntstiene der alderlei relaasjes tusken Kanadeeske soldaten en Nederlânske jonge froulju. Foar guon Nederlânske froulju wie it kommen fan de machtich ynteressante Kanadezen net allinne it ein fan de besetting mar it joech ek gelegenheid foar ûntwikkeljende seksualiteit en ûnferwachte relaasjes. Yn it stik wurde twa Nederlânske famkes, Anna en Maria, allebeide fereale op in Kanadeeske soldaat. Guon soldaten sjogge de kontakten mei Nederlânske famkes as wille meitsje nei in lange oarloch, by oaren ûntstiet werklik in relaasje. De gefolgen bliuwe dan ek net út. Swangerskip en fertriet neidat de grutte leafde ûnder twang we werom moat. De frijer fan Maria sneuvelet op it slachfjild. Sy kriget in berntsje yn in tehûs en moat it ôfstean. Anna en jim belove elkoar trou, mar it needlot driuwt har útinoar. Harren leafde hat fiergeande gefolgen. Jierren nei de oarloch wurdt der in reüny hâlden. Is der noch in petear mooglik nei fiifentweintich jier? En wêr soe dat petear oer gean moatte. It stik is basearre op autentike ferslaggen en deiboeken fan froulju út hiel Nederlân, dy’t itselde lot ûndergienen.

Underguod mei remspoaren

“Underguod mei remspoaren” befettet dialogen ut it boek ‘Generation X’ fan Douglas Coupland.

It komt op’e bûtekant net oan

In mem komt mei har bern yn in poppewinkel om wat te keapjen. It docht bliken dat de poppen dy’t oars prate koene, it ynienen allegearre ferpoffe om lûd te jaan, en neffens de winkelman kin’t wolris hûndert jier duorje ear’t se har wer hearre litte. Mar dezelde nachts bringt in tsjoender alles wer ta libben, ta grutte niget fan Jan en Sytske, dy’t op aventoer en út nijsgjirrigens de winkel ynslûpt binne. In koart stikje foar jongere bern.

De petbril

Yn Brillelân giet it der om wa’t de moaiste en de bêste bril hat. Yn Pettelân ha de minsken de measte noed mei wat se it bêste op’e holle ha kinne. As de Brillelanners en Pettelanners inoar moetsje jout dat earst oanlieding ta gekoanstekkerij, argewaasje en misbegryp. Oan’e ein komt lykwols alles wer goed.

It geheim fan’e âld pleats

Op in âld , ûnbewenne boerspul doocht it net. Nimmen wit oan wa’t de pleats ferkocht is en benammen nachts strune der lju om hûs en hear. Dan wurdt der ek mei guod omtôge. It lykje wol grutte oaljefetten. Letter stjerre der in pear skiep yn’t lân. De feedokter fynt út, dat de bisten ferjûn binne. It docht bliken, dat de pleats brûkt wurdt troch kriminelen as opslach foar ferbean lânboufergif en dat is yn’t wetter telâne kaam. Skoalbern en boeren helpe de plysje om de smjunten yn te rekkenjen.

Twaspjalt

De aventoeren fan de Gallyske helden Asterix en Obelix yn in oarspronklik Fryske toanielbewurking.

Berchbewenners

Op it terraske fan in restaurant, earne op it plattelân fan Fryslân, wachtsje in tal minsken op deselde man, dy’t mar net komt. It docht bliken dat fia dizze ûnbekende de ferskate figueren allegear wat mei inoar te krijen hawwe.

It ferhaal

Yn it stik sit in lytse en in grutte Gerrit, in pake en in lyts berntsje. Pake Gerrit skriuwt ferhalen. Hy wol graach ‘it ferhaal’ skriuwe, it moaiste ferhaal wat er ea betinke koe. Lytse Gerrit wennet by syn mem. Syn heit sit op see. Lytse Gerrit is in dreamer. As hy dreamt wurdt er pake Gerrit, de ferhaleskriuwer. Mem en lytse Gerrit hawwe al hiel lang gjin brief mear hân fan heit. Gerrit wol sa graach in brief krije dat mem in sebeare brief skriuwt.

Reis nei Rome

In âlde man fertelt oer in reis dy’t hy makke hat nei Rome. Dit wurdt ôfwiksele troch in (syn) stim op in lûdbân, wêrop’t wy ûnderfinings hearre út de tiid doe’t de man noch in jonkje wie. Stadichoan wurdt de relaasje tusken it jonkje en syn heit dúdliker en op it lêst witte wy ek hoe’t de reis nei Rome dizze pynlike oantikens út it ferline oproppe koe.

Ik wit net hoe’t de frou der ûnder stiet

Prachtich tiidsbyld fan it libben fan grutte húshâldings foar, yn en nei de oarloch op it Fryske plattelân. Foaral it wrotten fan froulju (soarch foar de bern, de húshâlding, yn ferwachting rekke, ensfh.) komt oan’e oarder. En ek de tradisjonele ferhâlding fan man en frou. De ûndertitel is dan ek: ‘Wat heit docht dat is altyd goed’.
It stik bestiet út 26 sênes, ôfwiksele mei sa’n sân ferskes.

Party mei stress

Yn earsten is dit stik foar toaniel skreaun en ek spile, mar fuort letter is it yn – troch de auteur – bewurke foarm brûkt foar in televyzje-útstjoering. By de oersetting is gebrûk makke fan beide ûnderdielen, sadat nije fynsten bewarre bleauwen en it stik dochs ek geskikt bleau foar toaniel.
Mar der binne wol aardich wat ’technyske’ helpmiddels noadich om de krekte sitewaasje en sfear op te roppen. Yn ‘e flat fan Gavin wurdt in feestje fierd en elkenien klammet him fêst oan it gewoane buorrelpraat, wylst der him bûten sokssawat as in militêre kûp ôfspilet… Yn ‘e fierte it lûd fan in helikopter, lûden fan ‘e strjitte. Minsken sitte en steane; in bar mei flessen en folle glêzen dêr’t elk him sels mei rêde kin.

Dobber en de van Gogh

Tseard Bearsma, alias Tseard Dobber, wurdt as keunstskilder net erkend, hy rekket syn wurk oan’e strjitstiennen net kwyt.
Yn in oerspande rite stelt er in echte Van Gogh en dy skildert er sa goed nei, dat faklju it amper fan de echte Van Gogh ûnderskiede kinne. De plysje krijt Tseard wol te pakken, mar se krije net út him wêr’t er it skilderij litten hat. Sadwaande wurdt er foar observaasje opnaam en dan moat de dokter dy’t him behannelet besykje om fan him gewaar te wurden wêr’t it kostbere doel bleaun is.
Nei in soad brike sitewaasjes, dy’t al linkendewei erkenning foar Tseard opsmite, giet er troch de bocht.
Foar wa’t ris bûten de bewende paden gean wol, is dit stik in útdaging.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Opdracht

Femke hat – as sikretaresse – yn opdracht fan in grutte ûndernimmer mei sifers gûchele, sadat dy ûndernimmer der goed jern mei bespinne koe.
Oant it yn’e gaten rûn en Femke dien wurk krige, omt er sa’t er sei, altyd sûnder euvelmoed syn hân set hie ûnder har flaters.
No hat Femke wer in opdracht, de opdracht om dy korrupte baas del te sjitten…

It weareldsje

Froany, in smoarrike boeredochter, driuwt al tritich jier mei kelner Graddus in hoteltsje krekt bûten de stêd. Dit hotel is mei de jierren slim ferrûn. Froany hat noait troud west en hat gjin frede mei har libben oant no ta. Sy wol in kearpunt bewurkje en noeget ta dit doel fjouwer feministyske froulju út ta wat sy neamt, in kongres.
Graddus sjocht it in gat yn’e kop en hâldt har in spegel foar om har ta ynkear komme te litten.
It kongres slagget net want it komt net ta in útdragene saak trochdat de froulju gauris byïnoar lâns prate en sadwaande net oan it echte ûnderwerp ta komme.

De faas

Yn dit stik sitte der fjouwer minsken op de trein te wachtsjen. Alteast, dêr hawwe se it oer en njonken harren stuollen steanen in pear koffers klear. Mar jo soene likegoed sizze kinne dat se yn it park, of yn de wachtkeamer fan in psychiater of soksawat sitte. Of dat it fjouwer akteurs op in toaniel binne, dy’t boartsje mei dialogen en mei rollen. Op in bepaald stuit hawwe se sels yn ‘e gaten dat der, yn de seal, noch oare minsken nei harren sitte te sjen. De petearen spatte alle kanten út. Eintsjebeslút lykje it twa steltsjes te wêze, mar dochs geane de twa manlju in oare kant op as de froulju.
KOMMINTAAR:
In eksperiminteel, frij humoristysk toanielstikje dêr’t fan alles fan te meitsjen is. Wêr ’t oer giet is eins net sa maklik te sizzen. Men soe sizze kinne: oer minsken dy’t hieltiid njonken inoar hinne prate; oer minsken dy’t tsjinoer oaren in rol spylje moatte; oer deistich praat dat ris flink troch inoar skodde wurdt.

HB