Yn it skaad fan de delling

In folksaardich stik mei in ienfâldige plot. In swalker kloppet jûns oan by in iensume buorkerij. De frou (Nora) noeget him der yn. Se fertelt dat har man krekt ferstoarn is. Hy leit noch ûnder in wyt lekken yn de keamer. Noar freget de swalker om even de wacht te hâlden sadat sy in jonge skieppehoeder helje kin om har te helpen. sy is de doar noch net út of it lyk riist oerein en begjint in tirade tsjin syn wiif: se hat him allang dea ha wold om der dan fan troch te gean mei de skieppehoeder. Hy behellet de swalker yn it komplot om de frou ôf te straffen. As Nora mei har Michael werom komt springt de man fan it bêd ôf en reaget syn frou de doar út en jaget de swalker der efteroan. Dan drinkt hy mei de skieppehoeder noch in whisky.

Ierdbeien mei slachreamme

Twa susters, Mary en Hester ha besletten om harren deade heit yn de djipfries te bewarjen y.f.m jild wat der foar harren frijkomt nei fjouwer moanne. As de fjouwer moannen om binne wurdt dokter belle. Spitigernôch is it in nije dokter. Hy wol ûndersykje litte hoe de âld man oan syn ein kommen is. Ut it ûndersyk docht bliken dat de man as lêste iten ierdbeien mei slachreamme iten hat en dus komt de moard út.

In held op klompen

Pake syn hobby is ynbrekken. Omdat er frijwat steksjoch is, wurdt er gauris pakt en hat sadwaande in kear as wat fêstsitten. As dit stik spilet, brekt er earst by it molkfabryk yn dêr’t er in mei syn namme murken klomp ferspilet, en dan by syn soan, om de plysje te ûntrinnen. De plysje hat lykwols al by dy soan west, mar dy koe de boat ôfhâlde troch de plysje dronken te fuorjen. It ûnderdûken fan pake mei syn kostgonger-hantlanger by syn soan, jout dêr ek problemen, foaral as pake him foar de buorfrou oer foar dokter útjout. As de plysje dêr dan noch komt, giet it op ‘e nij op in sûpen. Wylst de plysje dêrnei syn rûs útsliept, docht de kostgonger it unifoarm oan en giet der fan troch.
It docht bliken dat de kostgonger in tige ‘swiere jonge’ is, dy’t allang troch de plysje socht wurdt. As de plysjeman dêr yn ‘e hûs wekker wurdt, smite hja it meiïnoar op in akkoartsje. Hy kriget fan pake it jildkistke dat hja by it molkfabryk stellen hawwe en ek it adres fan de swiere jonge en de plysjeman sil pake bûten skot litte as dy en syn soan it drankgebrûk fan de plysje yn tsjinsttiid foar harren hâlde.

In frjemde gast

Rein en Henk Alkema, bruorren en frijgesellen, hawwe beide in leafhabberij. Rein hat in djoere juwielesamling en Henk sammelet flinters en soksoarte guod. Op in jûntiid komt der ynienen in frommeske troch de túndoarren by harren yn ‘e keamer. Hja seit dat der in man efter har oansiet en falt flau fan ‘e emoasjes. It komt der op it lêst fan dat hja dêr de nachts mar bliuwe sil. Foar de húshâldster fan de beide manlju oer hjit hja dan mar in nichtsje te wêzen.
De oare moarns komt der in plysjeman by harren en seit dat der by de buorlju ynbrutsen is en dat guon in frommeske by harren yn ‘e tún sjoen hawwe. Henk, dy’t de jongfaam, harren gast, yn beskerming nimme wol, seit dat hja neat fernommen hawwe. Elk fertinkt no it frommeske fan de ynbraak, mar Henk wol har helpe en biedt har jild oan en ek in advokaat om har foar it rjocht te ferdigenjen.
De nachts dêrop skillet der in oare plysjeman by harren oan. Hy seit dat er harren hûs wat op it each hâldt en wiist der op dat de túndoarren iepen steane. Hy is bang dat de dief no syn slach by harren slein hat. Hy freget de húshâldster ris yn ‘e sliepkeamer fan de jongfaam te sjen en as dy mei in tas mei stellen spul werom komt, liket de saak beslikke. Dan komt der lykwols in echte plysjeman ynstappen en dy ûntmaskeret de ûnechte en de húshâldster as de dieven, dy’t er mei help fan de jongfaam no te pakken krige hat.
Henk en de jongfaam binne it oan ‘e ein fierhinne iens en muoike, dy’t in net ûnbelangrike rol yn it hiele spul spile hat, hopet dat oan it frijgesellebestean fan Rein no ek mar gau in ein komt.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Wylde Rixt fan ’t Oerd

Rixt bewennet mei har oerwûne soan Sjoerd in âlde klinte op it Oerd.
De hate tsjin de minsken, dy’t har om de oerwûne jonge útband hawwe, behearsket har libben. Se sjocht der net tsjinoan om by in fûle stoarm in fjoer te barnen om skippen, dy’t in haven sykje, op ‘e kust fergean te litten. Se hellet in stikmannich streupers oer om har te helpen. Sjoerd lykwols wegeret.
Ienris komt der op har ljocht in skip ôf, dat op ‘e kust fergiet. Sjoerd rêdt de kaptein it libben en Rixt hellet in jongfaam út it wetter. Dizze jongfaam wol se oan Sjoerd bine. Dat slagget har, mar it slagget har net om Sjoerd op it eilân te hâlden.
As de kaptein Sjoerd en de jongfaam ophellet en Rixt belies jaan moat, bringt se it skip op in dwaalspoar, sadat it fergiet.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Boartsje mei fjoer

It houlik fan Fedde Leistra en syn frou Hil is wat útsliten. Sa komt it dat Hil, as Fedde werris op sakereis is, ferlet kriget fan wat oanhâld, ek al omdat harren dochter krekt troud is en de doar út. Hil komt yn kontakt mei in fotograaf en dat kontakt rint út op in yntime relaasje. As hja op in stuit ta ynkear komt en har tebek lûke wol, dan kriget hja de fotograaf tsjin. Hy besiket har te sjantearjen mei foto’s fan har, dy’t it ljocht net ferneare kinne. Sa bedarret Hil yn slimme swierrichheden, dêr’t noch by komt dat har dochter by de man wei rint en thús komt. As Fedde de situaasje troch kriget is de boat hielendal oan. Hil komt sa yn ‘e knipe te sitten dat hja by in moeting mei de fotograaf, him in triuw jout sadat er fan in hichte ôf rûgelet. Dan wurdt it plysjewurk fansels. Mar sa’t in blijspul goed ôfrint, docht dit toanielstik dat ek. Nei’t dochter en skoansoan it wer iens wurden binne, wurdt der yn it houlik fan Fedde en Hil safolle ferjûn dat hja tegearre ek wer fierder kinne.

Jild op ‘e rin

Doe’t Sake Sybesma troude mei Katryn koed er de helling fan skoanheit oernimme, lykwols it fermogen fan skoanheit bleau yn in famylje B.V. ûnder behear fan Katryn. Sake, dy’t in ferhâlding hat mei Tineke, besiket no mei har help in fermogen oan swart jild byinoar te garjen, dêr’t se uteraard de saak mei te koart dogge. Der binne lykwols guon dy’t dêr de lucht fan hawwe en no spant it derom wa’t as earste dat swart jild benei komme sil. Nei fûleindige konkurrinsje is it Kalma, de prokuraasjehâlder, dy’t de oaren en syn baas te fluch ôf is. Hy soarget der foar dat it jild op it plak komt dêr’t it heart: yn ‘e saak.
Leine Kalma en Katryn elkoar yn it ferline al goed, no’t Sake syn ferhâlding mei Tineke oan ’t ljocht komt, stiet neat in nije relaasje tusken har beiden mear yn ‘e wei.

Makkumer sollisitaasje

Rinse Andersma hat sitten fanwege dieverij, mar wurdt mei help fan in maatskiplik wurkster op it goede paad brocht. Om in nij libben te begjinnen hat se soarge foar in oar hûs en is se ek dwaande om wurk foar him te krijen.
Hy wurdt lykwols troch syn âlde maten wer yn ferkearde saken behelle. It duorret mar efkes of se ha de plysje wer om ‘e doar. Syn frou en skoansuster poer, swierrichheden mei de buorlju en de nije baas kopskou om him yn ’t wurk te nimmen.
Mei gâns spanning komt alles dochs wer op syn poatsjes telâne.

Nei tsien jier

Durk en Hike Jânsma, beide oer de fyftich, binne al tsien jier by mekoar wei. Hy is nei Australië tein. Fan harren beide jonges is Jehannes troud en Gerrit noch yn ‘e hûs. Hike is in pensjon begûn.
Om Jehannes te helpen dy’t djip yn ‘e skulden sit, wol Hike har hûs ferkeapje mei rjocht op hier. Jan Nijdam, dy’t graach mei Hike trouwe wol, wol har oars wol helpe, mar Hike hat altyd noch de stille hope dat Durk werom komt.
Buorfrou Geartsje, dy’t eartiids ferkearing hân hat mei Jan, hâldt Durk op ‘e hichte. Sadwaande lit Durk in makelder Hike har hûs keapje.
As Durk ûnferwachts thúskomt en skine lit dat er wol wer yn goedens wol, wurde hy en Hike it wer iens.

De faam

Antsje, dy’t as faam tsjinnet yn in yngenieurshúshâlding, hat in brief fan har frou Styn yn ‘e hannen krige mei yntime geheimen. Dêr sjantearret se Styn mei.
Yngenieur Cor is op reis en Antsje docht wat se wol. Se lit Styn it wurk dwaan, hâldt dêr in jierdeifeestje yn ‘e hûs en sa mear.
Styn rekket der skjin mei oan en wit har op ’t lêst gjin ried.
As har man thúskomt fertelt se him alles. Mei jild en drigeminten keapet er it brief fan Antsje werom.

//Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

De lêste snie fan de winter

Troch in atoomoarloch binne der op ierde mar inkelde minsken mear oer. Harren earste ferlet is om yn libben te bliuwen. It stik bringt ús yn ‘e kunde mei trije manlju dy’t de ramp tafallich oerlibbe hawwe. Se binne alhiel op mekoar oanwiisd en as der ien fan in útstapke yn de fernielde wrâld, net werom komt, reitsje de beide oaren hast yn panyk. Se tinke dat er earne in frou fûn hat en dat er dy foar him sels hâlde wol.
As der in frou by harren komt dy’t de ramp ek oerlibbe hat, begjinne de manlju om har te tsieren. Dêr docht út bliken dat de minske, ek nei de ramp, noch neat leard hat en dat de wrâld, as er bewenber bliuwt deselde wêze sil as foar dy tiid: In wrâld fan hawwen en krijen!

De tizeboel fan omke Roel

Omke Roel, dy’t grut boer wie, is ferstoarn. Salang’t it erfskip noch net ferparte is, komt Jelmer Roersma, de bedriuwslieder, mei syn trije bern op ‘e pleats te wenjen. Syn styfdochter Jits docht de húshâlding, de oare beide bern leare noch. Op ‘e dei dat de notaris it testamint iepenje sil, komme der twa omkesizzers fan omke Roel del. Se tinke dat der foar harren gâns wat te heljen falt. Dan docht bliken dat omke noch in dochter hat. Fansels kriget de dochter de pleats en it fee taparte, wylst oer in healjier út ‘e doeken dien wurde sil wa’t it lân en it jild krije sil. Dan moat lykwols oan ferskate betingsten foldien wurde. It lit him tinke dat dit al mei al in soad oergeunst en misbegryp meibringt.
Hawar, it soe net in blijspul wêze, as alles oan ‘e ein net goed kaam.

Skjin skip foar Foekje

Nei ’t feedokter Damsma stoarn is, sil dochter Foekje de praktyk oernimme. Mar in frou as feedokter, dêr is ferset tsjin neffens twa boeren. It komt ta in hurde konfrontaasje, dêr ’t de beide boeren de plysje yn behelje. Foekje seit it de minsken krekt sa ’t se tinkt, dat giet har suster, dy ’t wat heech oan wol, fierstente fier. Dy mient yn ‘e fakânsje thúskomme te moatten om wer wat oarder op saken te stellen. Hjir trochhinne spilet Sipke, de húsfeint en túnman, in belangrike rol. De earste pasjinten is Foekje net sa fertúnlik mei, want dy geane dea. Ien dêrfan is it fûgeltsje fan Harm, in jonge man dy ’t wat as in hearremyt libbet. Dy Harm is lykwols in skrandere jonge en hy en Foekje smite de lapen gear. Foekje’s suster slacht ien fan de boeren oan ‘e heak en de buorfrou wurdt it iens mei de oare tsjinstanner fan Foekje. Neat stiet no in bloeiende praktykûntjouwing mear yn ‘e wei.

Spul om Sonja

It giet yn dit stik om de konkurrinsjestriid tusken de tekstylfabrikanten Frâns Hoogslach en Wike Minnema. Frâns en Wike ha eartiids gedoente meiinoar hân. Sonja is net allinne in famke fan fleis en bloed, mar ek in stimme op de radio. As bliken docht, dat de stimme en persoan net ta ien en deselde figuer behearre, komt der “spul om Sonja”.
Relaasjes tusken de jongelju rinne troch beide famyljes hinne, dat jout ekstra kleur oan de ferskate brike sitewaasjes.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Gepiel om toaniel

Op de bestjoersgearkomste fan ‘e toanielferiening docht bliken dat de kar fan it nij te spyljen stik harren yn ferlegenheid bringt. It is wer it âlde lietsje: te min manlju. Dan wurdt it útstel dien om froulju de manljusrollen spylje te litten en manlju de frouljusrollen. Nei in soad tsjiniggewearjen sille se dit dochs ris besykje.
Allerhande brike setten komme hjir út fuort, it soe te fier gean om dat allegear út ‘e doeken te dwaan.
Al moat sein wurde dat eigen famylje der sels yntrapet en bang is dat Klaske, ien fan de haadrolspylsters, har yn ferkeard selskip ophâldt. Hoe ’t alles ôfrint? Sa as wenst, goed fansels.

Bycht by ljochtmoanne

Helma, de frou fan in ofsier fan justysje wurdt der fan fertocht dat se har man deasketten hat. Nei in proses wurdt se yn heger berop frijsprutsen. Ynstee fan har no ek frij te fielen, wurdt se suver hast minskeskou, sy lit har alles thúsbringe. De boadskippen wurde har op in kear brocht troch Katryn en dy besiket op alle manieren wat út har te krijen oer de dea fan har man. As dat net slagget, skillet se om help en dan ferskynt in man yn in grien jagerspak mei in gewear.
Op útstel fan dy man ferwikselje Helma en Katryn fan rol en kriget hy de kâns om frijút mei Helma te praten oer wat der foarfallen is mei har man.
Helma, dy ’t harsels al net mear wie, wurdt mei help fan drank en in ynkringend petear sa ûnder druk set dat se suver yn trâns it ferhaal docht dêr ’t it de oare beide om te rêden is. Sy bekent dêryn har skuld oan de dea fan har man.

Heibel op Galamastins

Op it grûngebied fan de eardere Galamastins is in bungalowpark oanlein. It park is krekt iepene en de earste gasten wurde ferwachte.
It binne allegear spantsjes fan goede komôf, mar de karakters rinne frijwat útinoar en dat jout fansels oanlieding ta konflikten.
In dievepearke besiket dêrby ek noch harren slach te slaan. Lokkich hat de slûchslimme ober Oene de eagen goed iepen. Sa kin oan ‘e ein it goede beleanne wurde en it kwea bestraft en komt alles op syn poatsjes telâne.