Klamme Lape sit op swart sied

Klamme Lape is in lyts keuterboerke, sa earm as in lûs en hy hat al in jier “ferkearing” mei Gepke, dy’t gâns jild hat. Klamme is net ien fan de snoadsten, hy hat in mini-camping, in help foar heale dagen en al gaueftich gjin ferkearing mear mei Gepke, want dy wol alles. mar wat se wol hat Klamme gjin aan fan. Om’t Gepke al it jild dat se oan Klamme liend hat werom ha wol sit Klamme op “swart sied”. De beide biologen Mintsje en Hillebrant tinke dat it nijsgjirrich is foar harren siedûndersyk en keapman Simon mei syn assistinte Wipkje tinke dat it mei drugs te meitsjen hat. Fansels jout dat oanlieding ta allerhanne ferwikkelingen en misferstannen.

Toanielen om juwielen

Gerlof en Mike, broer en suster, beheare tegearre in kafee. It is karnaval en dêr wolle hja beide graach hinne. In âld freon fan Gerlof sil dy jûn op ‘e saak passe. As dy tinkt dat der dochs gjin mins komt, en hy dus de saak mar slute wol om op bêd te gean, komme der dochs noch guon.
Neidat earst Hermine mei in pistoal yn ‘e hân dêr al oer de flier west hat, komme Floaris Ringma en Sandra Gerlands en freegje om nachtferbliuw. Hja hawwe in koffer by har, dy’t as twa druppen wetter op Bonne sines liket. It docht bliken, hja hawwe dy koffer fol mei juwielen en soks. Hermine, dy’t dêr earder wie, is Floaris syn frou en dy sit de beide oaren efternei. It is har net om har man te rêden (dy wol se wol slite), mar om dy djoere juwielen.
Sandra fertrout it spul dêr net rjocht en wol wer fuort, mar Floaris wol de ôfspraak neikomme dy’t hja makke hawwe om it spul yn dit kafee oan in sekere Alma oer te dragen en dêr de ôfprate fjouwer ton foar te barren.
As it pear àl efkes ôfreizget, komt Hermine wer op it aljemint, mar treft wer net ien en set wer ôf.
Mar de juwieledieven komme wer en belânje op it bêd fan Mike. Omdat dat in ienpersoans is, hat Bonne dêr dat fan Gerlof mar by set. As dy dan fan it karnaval mei in faam thús komt en dy keamer brûke wol, is de kaart ferjûn fansels. De faam, dy’t dochs al net sa happich is, wol dan nei hûs, mar Gerlof wit har te bewegen om te bliuwen. Lykwols, hja wurde kear op kear fersteurd, dat it liket mei harren op neat út te rinnen.
It spul rekket hielendal fan aaien as de beide koffers ek noch ferwiksele wurde.
Misferstannen wikselje elkoar fierder ôf, mar oan ‘e ein krije Bonne en Mike elkoar en sa sil it ek wol komme mei Gerlof en syn faam Martine; in blier beslút dus.

De ferfalsker

Op in kastiel earne yn Frankryk wennet in markys, dy’t der neist hynstefokken in tige nuodlike hobby op neihâldt: bankbiljetten neimeitsje. Hy giet – benammen by de froulju – troch foar in alderivichst aardige man, dy’t foar de bûtewacht suver neat sjocht om’t er sa’t it hjit sa goed as blyn is, en dy’t troch tsjok en troch tin fan syn húshâldster Susan yn beskerming hâlden wurdt.
Op ‘e draverijen rekket er syn produkten by de ‘bookmakers’ flot kwyt en fierder soargje buorfrou Margot, al sa’n grut ferearder fan him, en in stâlfeint, by de banken yn ‘e grutte stêd foar it grutte wurk.
Dan ynienen driget er tsjin ‘e lampe te rinnen en moatte alle seilen byset wurde om net ûnder de blauwe pannen te reitsjen.
Hoe no?

Ien dei frede?!

De Paus, dy’t yn New York op besite is, hat him foarnommen om in pear dagen út te rêsten fan alle drokten dy’t oan sa’n besite fêst sitte. Hy wol yn alle stilte weiwurde troch in syddoar fan it gebou dêr’t er op dat stuit syn ferbliuw hat.
By de syddoar wurdt er opheind troch Samuel Leibowitz, dy’t him mei syn auto nei syn hûs bringt en him dêr foarearst mar yn ‘e kelder opslút. As er syn húsgenoaten (frou, soan en dochter) op ‘e hichte brocht hat, wurdt de Paus yn ‘e húshâlding fan de famylje opnommen en dy helpt de frou út en troch in hantsje by har húshâldlik wurk.
Yntusken is der fansels grut alarm slein en wurdt der op alle manearen besocht om gewaar te wurden wêr’t de Paus sit – mar sûnder sukses.
As rabby Meijer by de famylje L. oer de flier komt en it spul yn ‘e rekken kriget, wol dy graach it grouwe bedrach oan tipjild opstrike, en dan komme plysje en legermacht der oan te pas om syn Heechheid te ferlossen. Dat sit har lykwols net glêd, want Samuel hat foar minen en dynamyt soarge, en as der in oerfal driget, lit er it spul ûntploffe.
De lospriis dy’t bekend makke is, is neat minder as ‘Oer de hiele wrâld sil 24 oeren lang frede komme’ en sil der gjin minske fermoarde wurde.
In ding dêr’t de Paus fansels hielendal efter stean kin en dat dogge de Feriene Naasjes ek, dat der kin oan it betingst foldien wurde.
De Paus, dy’t it, sa’t er seit, wakker nei ’t sin hân hat by de fam. L. en dêr tige útrêst is, komt wer frij en…. de wrâld giet op ‘e âlde foet fierder: mei moardzjen en oarlogjen.

It stik is opdroegen oan Angelo Guiseppe Roncalli, dat is Paus Johannes de 23e.

//Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

It spoekslot

De baron is finansjeel oan reapsein en wennet by syn túnman yn (mei dochter, húshâldster en húsfeint). Hy wol syn kastiel winliken net ferkeapje, mar de doarwarder is op kommende wei.
Der binne lykwols gadingmakkers, t.w. in saneamde kaperkaptein mei syn boatsman en juffer West. De twa partijen ha in weddenskip rinnen wa ’t it kastiel krije sil.
De kaperkaptein is in fertolking fan de pake fan de baron, tewyl’t juffer West in rike Amerikaanske fan Frysk komôf spilet.
De saneamde kaptein hat inkele húsgenoaten yn it komplot behelle en dy moatte krekt dwaan as sjogge se de beide seelju net, om sa te suggerearjen dat it geastferskiningen binne, dy’t oars gjin kontakt ha as mei de baron.
By eintsjebeslút kriget net ien fan beiden it kastiel, omdat de baron fan it regear safolle subsydzje kriget dat er it opknappe litte kin en dêrmei út ‘e brân is.

Nobelpriis, nee of ja?

De húshâlding fan Rolf Swedenhielm bestiet bûten himsels út syn soannen Rolf Jr., yngenieur lykas hysels; Bo, in luitnant yn it leger; syn dochter Julia, toanielspylster en Marta Boman, syn skoansuster, dy’t sûnt syn frou har ferstjerren de húshâlding bestjoert.
De famylje is fan âlds fan adel en libbet noch sterk by famylje- en persoanlike ‘eare’, dy’t by harren heger set wurdt as jild. In libbenshâlding dy’t faaks wol gever is as de ‘algemien wenstlike’ en dy’t dêrfoaroer suver wat ûnmaatskiplik oandocht.
Stik foar stik libje de bern harren ‘ferheven’ libben; de iene yn ‘e technyk, de oare yn ‘e sfear fan ‘e militaire ‘eare’ en wer in oaren yn de heechste himel fan de toanielkeunst. Alle trije hawwe se foar harrensels belang by publisiteit fan eigen deugd en kapasiteiten en as men jin ôffreget oft se dan folslein los fan inoar libje, dan docht bliken dat de heit dochs in tige grutte ynfloed en bining hat.
Dit wurdt allegearre nochris goed ûnderstreke as se oan ‘e ein fan it stik mekoar fertinke fan it skeinen fan de famylje-eare, tewyl’t de kening foar it útrikken fan de priis fan f. 50.000,– op harren sit te wachtsjen.

Oooh…. prefester

‘Hanke Pod’, as jonge ien fan neat, komt yn ’t âlde doarp werom as “Prefester Haanstra’, de útfiner fan de psychoflits en wurdt by Notaris en Notariske Snoekema as in man fan heech oansjen ynhelle en wakker let en set. Alle gelegenheid wurdt him dêr bean om syn útfining op ‘e minsken dêr, ek op menhear syn klerken, út te prebearjen. Sa leit er troch de wei fan foto’s it hiele sielelibben fan no en earder fan syn proefkninen bleat en fansels net sûnder gefolgen. Dizze fining, dy’t neffens ‘prefester’ it bringen fan de ivige frede ynhat, bringt ûnfersjoene konsternaasjes en skelen teweech dy’t net wer te lymjen lykje. Mar pref. spint der goed jern by salang ’t Notaris him syn folle betrouwen jout en Ké Kloaster, de âldfaam mei jild, him stipet mei har leafde en….. har spikers.
Mar oan alle moaie dingen komt in ein en mei de komst fan de resjersjeur teskromfelt it oansjen yn ta minachtsjen foar de slûchslimme Hanke Pod. De frede komt wèr.

Toe ju, doch ris wat!

Alan Baker, 33 jier, bewennet in frijgeselleflat en dwarrelet as in flinter fan blom ta blom. Dan is it Peggy, in oare kear Conny. Hy is by syn heit yn ‘e saak, mar syn aktiviteiten hâlde fansels net oer.
Tusken de ôfspraken yn komt op in stuit syn broer Buddy by him mei it boadskip dat hy ek fan hûs fuortrûn is, al hoe’n ferlegene jonge as er oars ek wie. Hja wurde it tegearre iens om dan mar byinoar yn te wenjen. Sadwaande wurdt Buddy troch Alan oplaat yn it fak oangeande de froulju en it docht bliken dat er in flugge learling is, want trije wike letter is er al like warber as dat Alan earder wie. Mar Alan sit de lêste tiid te prakkesearjen en wat mei dat betsjutte?
Hawar, nei allerhande trammelant dêre op it flat troch de komst fan heit en fan mem, docht bliken dat Alan just op it goede paad is, de saken fiks oanpakt en Conny freget om mei him te trouwen.
Hoe’t it fierder mei Buddy giet, fertelt de skiednis net, mar omdat dy syn âldere broer al earder folge yn dwaan en litten, mei men oannimme dat dy ek wol wer op it goede spoar telâne komt.

Swarte Sijke

Harm Beekman kin it mei syn frou net iens wurde oer it plak fan harren fakânsje. Fan klearebare ellinde giet er in jûn op stap en komt oansketten en mei in bûde oan syn holle wer thús.
Soan Sander hat in fuifke hân en komt sûnder klean thús. Dy binne by it swimmen stellen, seit er. Mar foar allebeide komt der lijen efterwei. Ynse Sjollema, noch in âld skoallekammeraat fan Harm, komt mei de klean fan Sander oansetten; dy hat er fûn op ‘e sliepkeamer fan syn dochter Froane. En Harm kriget de oare moarns in telefoantsje fan in lichte frou, dy’t seit dat er har trouwen tasein hat en dat er har daliks by him thús ferwachtsje kin.
Harm syn frou Geartsje is in trochsetter en wol dan allinne mar mei fakânsje. As se de auto út ‘e garaazje rydt, sjocht se in frommes fallen dêr’t se miende bylâns riden te wêzen. Letter rydt se tsjin in stilsteande auto oan en fuort dêrnei rekket de hiele auto yn ‘e poeier tsjin in lantearnepeal.
Sander wit him der sawat út te praten mei syn klean, mar Harm en Geartsje komme yn in sjantaazjesaak telâane. Aldergeloks kin Sjollema, dy’t earder troch deselde minsken sjantearre is, harren helpe.
Dat, al hoe mâl as it der ek foarstien hat, it komt dochs allegearre wer op syn poatsjes terjochte.

It twadde haadstik

De man, Joris, is in suksesfol skriuwer. Nei in houlik fan 12 jier is syn frou ferstoarn; hy mist har tige en kin net goed sûnder har. Syn broer Leo besiket om him mei oare froulju yn ‘e kunde komme te litten.
De frou, Annie, is krekt skieden, en besiket no wer alinne troch it libben te kommen. As aktrise is se slagge. Har freondinne Bie besiket har oan’e man te krijen. Sa moetsje Annie en Joris elkoar en al fluch trouwe se.
It houlik giet al gau net sa goed; Joris fergeliket har mei syn earste frou en Annie fynt it net maklik mei in ôfhinklike man te libjen neidat se har ûnôfhinklikheid werom krigen hie. Uteinlik doare se it beide oan in nij libben te begjinnen.

As it bloed mar blau is

It stik spilet yn de wenning fan de gemeentesiktaris, dêr ’t fanwege in ferbouwing fan it gemeentehûs tydlik de gemeente-siktary ûnderbrocht is. Dizze rompslomp is tige tsjin ’t sin fan ‘e siktaris syn frou Helga, omdat harren dochter in pear wike mei fakânsje thúskomme sil. Dit thúskommen hat foar har oanlieding west om in fier famyljelid fan har manne’kant út te noegjen (in echte baron) en mei him in mennich freonen en goekunde. As ’t in bytsje slagje wol, moat Sytske oan in man mei blau bloed keppele wurde, want mem hat it moai heech yn ’t krop. Sytske heart by har thúskommen raar op fan mem har plannen en se wit har ek mar min oan te passen by de tydlike bestimming fan har thús, mei in grut ferskaat oan foar har ûnbekende figuren. Foaral troch de komst-op-útnoeging fan Lidwine Spek en har dochter Frânske, hat him al hiel wat ôfspile, ear ’t de baron op ’t aljemint komt.
Wat der dêrnei allegeare oan ûnfersjoene dingen folget, is yn koart bestek net wer te jaan, mar de ein komt mei in lokkige tiding fan Sytske, hân yn hân mei……..?

It konsert

Gustav Heink, in pianist, seit tsjin syn learlingen, dat er ûnferwachts fuort moat, omdat er in konsert jaan sil. Syn frou Mary makket er wiis, dat er oan rêst ta is en in pear dagen bei harren simmerferbliuw ta wol. Alle froulju binne sljocht mei Gustav en ien fan syn learlingen fertrout dit “útsje” net, temear, om ’t in oare learlinge, frou Jura, ek in pear dagen fuort is. Hja stjoert oan mynhear Jura in tillegram mei it berjocht, dat syn frou mei Gustav op stap is.
Mynhear Jura, yn de ferûnderstelling dat de frou fan Gustav him it tillegram stjoerd hat, giet nei har ta en fertelt har syn opfettingen oer trou en ûntrou yn leafdesrelaasjes en stelt har út, tegearre nei it simmerferbliuw te riden. Dêr treffe hja Gustav en frou Jura. Mary, dy ’t tige fan har man hâldt, slagget it mei gâns omwegen de pearen wer yn de âlde foegen te krijen.
Mar hoe maklik as in man him út balâns bringe lit docht bliken, as oan ‘e ein fan it stik in learlinge by Gustav nochris alles op alles set.

Yn ‘e flecht

Twa froulju, Liz en Sam, witte op fernimstige wize grut-kapitalisten gâns jild ôf te troggeljen. Hja fleane de haadstêden fan de wrâld bylâns en reizgje fan it iene Hilton-hotel nei it oare. Sa moetsje hja ek Charley, dy ’t him foardocht as in jildman, mar harren oplichterspraktiken troch hat en…. mei harren meidwaan wol. Dat liket te slagjen, mar it betrouwen ûntbrekt. Nei ferrin fan tiid wolle hja him wol slite, hja litte him yn Istanbûl efter, wylst er yn ‘e baaikûp sit. Hja nimme al syn klean mei en dogge de doar fan syn keamer op it slot. Dêrnei binne hja noch net fan him ôf, want as hja letter yn Tokio operearje, dan dûkt hy dêr op mei in pear helpen, om de beide “dames” der foargoed ôf te riden.
Sa ’t hja dêr meiinoar oan ’t striden binne, komt de rike Japanner, der ’t hja in ôfspraak mei hiene, oan ‘e doar. Hy strûst der yn en komt harren oer it mad; Charley sjocht gjin kâns mear om út it sicht te kommen en docht him foar as in robot. Dêr hat de Japanske sakeman gâns in kaptaal foar oer.

Provosearje

Fabrikant Hageman makket him lilk oer it jongfolk dat oanienwei de strjitte op giet en rûnom tsjin rebellearret. Syn frou fernijt him dat harren dochter dêr ek al oan mei docht. Hy nimt him foar om har dêr ris goed oer geweken te nimmen. Syn frou, bang dat de dochter dan de hoarnen wolris yn ‘e wâl stekke kin of slimmer noch de doar útgean kin, wiist him der op dat hy eartiids sels ek tige opljeppen fan aard wie en dat hja dêr al genôch lijen mei hân hat yndertiid. Dan komt de dochter thús en sil it ferhaal begjinne. Underwilens is Hageman syn bedriuwslieder dêr ek foar in besprek en dy bringt yn it fermidden dat de dochter fan syn baas gauris by syn soan komt. Dat is him om it fanke wol nei ’t sin, mar de jonge sit foar it eineksamen H.T.S. en kin de tiid eins net misse. Hy wurdt sadwaande och sa kjel as de dochter fertelt dat hja in advokaat skilje wol omdat de soan fan de bedriuwslieder oppakt is en fêsthâlden wurdt. Der is op in plysjeman sketten, dat sadwaande.
Ta beslút geane frou Hageman en de dochter nei it plysjeburo om te besykjen de jongkeardel frij te krijen, byneed troch harsels oan te jaan, tewyl’t Hageman syn leske leard hat en syn âld-freon, de bedriuwslieder mei de frou op ‘e thee noeget om dan de saken fan harren bern te bepraten.

De wrâld is in boarterstún

De sjippefabrikant Skuringa mist op in stuit f. 2.000,00 fan syn buro. De fertinking falt op Jelmer, ien fan ’t kantoar, mei om reden dat er de lêste tiid nochal wat oanskaft hat. Skuringa wol perfoarst net de plysje der yn behelje, dat soe syn saak yn opspraak bringe. Hy docht it ôf troch Jelmer ûntslach oan te sizzen. Troch syn siktaresse wurdt it gefal lykwols buorkundich makke. Dit is dreech foar Jelmer, mar benammen foar syn frou. Sy wol it der net by sitte litte en ûndernimt, tsjin it sin fan Jelmer, stappen om de saak ta klearrichheid te bringen. Om de wierheid boppe wetter te krijen freget se skieding oan. Foar de rjochtbank oer sil se dan de mûle wille jaan oer de saneamde stellerij fan har man.
Safier komt it lykwols net, Vlieger, in kollega fan Jelmer woe syn baas ris in leske jaan foar syn rûgens en hie it jild oppakt, mar ja, wêre…. It seit himsels dat der hiel wat ôf hottefile wurdt foardat elk mei oar wer yn frede libje kin.

Noch jierren nei hjoed

It is Piter Kupers syn jierdei en der is alles by opset om der in moaie dei fan te meitsjen. Mar de wille wurdt danich fersteurd as der blommen en presintsjes brocht wurde fan dizze en soartgelikense ynhâld:
‘Noch jierren en jierren, leave Pyt fan Riny en Boukje en fan Gryt’.
Hoe’t Piter foar syn frou en syn skoanmem ek úthâldt dat er fan dizze “oanbidders” neat ôf wit, it is harren net by te bringen dat hjir in misferstân of in flauwe grap yn ’t spul wêze moat.
Aldergeloks komt alles wer op syn poatsjes terjuchte, neidat bliken dien hat dat “Pake Pyt”, dy’t by de famylje ynwennet, al jierren lang in stille begeunstiger fan it pleatslik frouljuskoar west hat en troch ferwikseling fan namme hjoed op syn bar yn ‘e blomkes set wurdt….

De blynkape ôf

Jurjen en Marije, beide om ‘e fjirtich jier hinne, binne yn harren houlik wat op elkoar útsjoen. Marije wol dêr wat oan dwaan en regelet foar harren in fakânsje yn in simmerhúske op it Amelân.
As Jurjen efkes te kuierjen is, docht Marije in ‘bleate’ jurk oan en makket har tige op. Se set wyn op ‘e tafel en romantyske muzyk foar de radio. Ynpleats fan Jurjen, komt de kampbehearder der yn en dat is no tafallich ek noch in eardere skarrel fan Marije.
In echte rokkejager is it, docht bliken en hy sjocht dat oangeande by syn eardere faam mooglikheden…..
Sa komt Jurjen der yn….
En as soks letter nochris wer treft, dan fljocht Jurjen der poerrazend út, dún op, dún del.
Ien mei oar hat fan gefolgen dat er neitocht hat oer harren ferhâlding en dat se de jûns op bêd wer tainoar komme.

De steiger

Madeleine (38) is troud mei in automaniak. Hy hat in ûngemak hân, dêr’t har holle slim by skeind rekke is. Hy is mei plastic en prûk wer wat yn fatsoen brocht. Fangefolgen hat har man him noch mear op ‘e auto smiten en is fan har ôfgien. Dit kin se net ferneare. Se nimt de auto en triuwt dy fan ‘e steiger it wetter yn. It is tsjuster en mistich en tewyl’t se der fan troch sil, moetet se op dy steiger Gustaaf (40), in eardere sirkuskloan.
Ut de dialooch fan dy twa docht bliken dat se elkoar earder kennen hawwe. Gustaaf hat syn leafste neiwiuwd yn in fleanmasine; dy oantinkens libbe er op, no’t er syn hûd ferbrând hat oan ‘e gassen fan in útlaat. Madeleine hat, foardat se de auto der yn treau, har man mei in stik hout op ‘e kop slein. Dat is fûlder oankommen as dat de bedoeling wie: hy is dea, wurdt der sein. Se hat in moard dien.
Yn de befrijende dialooch fan dizze man en dizze frou swinkt it fan de realiteit nei it goede ferline. Se groeie nei-in-oar ta en miene it elkoar, wylst no en dan de sirenes fan de plysje-auto’s te hearren binne.
By einbeslút giet se nei de plysje om har oan te jaan en lit him mei syn ferline allinne achter.

Wy nimme noch mar ien net?

Harry hat yn in hotel Paula moete en traktearret har om har mei nei syn keamer te krijen. Dan komt Paula har kollega en dat makket it der foar “troude Harry” net makliker op. Hy giet no safier, dat er de kaai fan syn hotelkeamer op ‘e tafel leit en Paula oantrunet om dy mei te nimmen. Wylst Harry op syn keamer op har sit te wachtsjen, jout Paula de kaai oan ‘e betsjinner en giet mei har kollega fuort…..

Noch in frij paad

It tema fan dizze ienakter docht noch altyd opjild. Minsken dy ’t yn harren eigen lân net feilich binne, flechtsje nei in demokratysk bestjoerd lân.
In boer, dy ’t yn sa ’n grinsgebiet buorket, docht mei help fan syn dochter alle war om minsken yn frijheid te bringen.
De kontrôle op dy slûkerij wurdt lykwols sa skerp dat se nei in soad swierrichheden noch ienkear flechtelingen helpe kinne, dan is ek dizze wei nei de frijheid ôfsletten.